In bydrage oan it sympoasium ‘Taal of Tongval: de relaasje tusken taalwittenskip en taalbelied’ organisearre troch it Meertens-Instituut en de Nederlandse Taalunie, op 12 juny 2001 yn Amsterdam.
Het Redden van Levende Streektalen:
een Fries perspectief op de relatie tussen onderzoek en taalbeleid
Durk Gorter
Gearfetting:
Hoe't men bedrige talen ręde kin is in lestige fraach om te beänderjen. Taal X is in foarbyld. As űndersiker fan 'e Fryske taalsitewaasje űnderskied ik trije saken dy't wichtich binne: 1) wittenskiplike relevânsje, 2) maatskiplike relevânsje en 3) ‘distânsje en belutsenheid’. Oan 'e hân fan persoanlik űnderfining en inkele foarbylden, beskriuw ik hoe't jo ferskillende rollen ferfolje kinne.
Yn it foarste plak, troch in bydrage te leverjen oan teoryfoarming yn it ynternasjonale wittenskiplike debat.
Twads, troch maatskiplik tsjinstber te węzen, bygelyks as jo praktyske suggestjes dogge of beliedsadvizen jouwe.
Tred, kinne jo in krityske funksje besette, en dęrbij sykje nei in balâns tusken belutsenheid en distânsje. RLS (Reversing Language Shift) fan Joshua Fishman is nei alle gedachten in nij brűkber spesjalisme. Dęryn stiet de analyze fan sitewaasjes foarop as twa (of mear) talen meimekoar konkurrearje.
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)