
'Simmer 2000', it evenemint dêr’t tûzenen Friezen by werom kaam binne yn Fryslân, hat foar de Fryske Akademy de gelegenheid west om út ein te setten mei in ûndersyk nei Fryske emigranten. De Akademy fiert dat ûndersyk yn ‘e mande mei de Ryksuniversiteit Grins (fakploech psychology) en de Universiteit fan Amsterdam (fakgroep algemiene ekonomy) út. Ut ferskate wittenskiplike dissiplinen wei besjoen, giet it yn it algemien om ‘e fraach hoe’t it de lânferfarders gien is sûnt hja út it heitelân weigien binne.
De Fryske Akademy en de ôfdieling Frysk fan 'e Universiteit fan Amsterdam sjogge spesifyk nei de trijetalige sitewaasje fan ‘e Fryske emigranten en harren bern. Yn hoefier prate de Fryske emigranten it Frysk (noch)? Yn hoefier hawwe de âldere generaasjes har memmetaal (it Frysk) op de kommende oerdrage kinnen? Praat de earste generaasje hjoeddedei noch Hollânsk? Yn hoefier hat de taal fan it nije wenlân de oerhân oer de memmetaal? Dat binne fragen dêr’t it yn dit spesifike dielûndersyk om giet.
It taalûndersyk is útfierd troch drs. Gemma Bakker. Hja is oan ‘e Fakulteit Letteren fan ‘e RuG ôfstudearre yn ‘e Kommunikaasjekunde, en hat in skripsje skreaun oer Nederlânske emigranten yn Súdafrika en Nij Seelân. Hja hat dêrnei ûndersyk dien ûnder Nederlânske en Flaamske emigranten yn Nij Seelân, yn opdracht fan de stifting SINT en mei subsydzje fan ‘e Nederlandse Taalunie.
Datasammeling is dien troch it ôfnimmen fan skriftlike fragelisten en mûnlinge ynterviews. Foarôfgeand oan it evenemint is der in útwreide, skriftlike fragelist ferstjoerd oan goed 6000 Friezen fier-om-utens en in heal jier nei ‘Simmer 2000' is der nochris in skriftlike ferfolchfragelist ferstjoerd. By it evenemint binne der 120 persoanlike djipte-ynterviews ôfnaam. Dy petearen binne op bân fêstlein, en sille opnaam wurde yn it Korpus Sprutsen Frysk.
de morgenstond heeft goud in de mond