Oan 'e ein fan 1999 binne der sa’n 6500 fragelisten ferstjoerd nei Fryske emigranten en harren bern yn likernôch 65 lannen. De fragelist bestie út 12 siden, en waard yn it Ingelsk en it Nederlânsk ferspraat. Op grűn fan dy wiidweidige fragelist krije wy ynsjoch yn ‘e sitewaasje fan Fryske emigranten en harren bern. Ien respondint út Australië tocht dęr oars oer, hy skreau: "Thank you for sending us the questionnaire on Frisian emigrants. But to answer 48 years of being a migrant in 78 questions is impossible. Too much has happened ". Aldergelokst hawwe de measte oare respondinten de fragelist wol ynfolle, want úteinlik ha wy 2402 ynfolle fragelisten werom krigen.
In algemien oersjoch fan de wichtichste resultaten fan dy earste fragelist fan it űndersyk űnder de Fryske emigranten, is publisearre yn in Ingelsktalich boekje "Frisians abroad".
Gorter, D. & K.I. van der Zee (ed.), Frisians abroad, Fryske Akademy, Ljouwert 2002, 70 siden.
Op dizze side wolle wy in tal resultaten presintearje, dy’t wiidweidich yn it boekje behannele wurde. Foar ynsjoch yn de berekkenings, eftergrűnynformaasje en fierdere konklúzjes, ferwize wy nei it boekje. De neikommende űnderwerpen sille hjir oan bod komme:
Karakteristiken fan ‘e űndersyksgroep
De mearderheid is earste-generaasje emigrant, en de measten fan har binne yn Fryslân sels berne. Fierwei de measte emigranten binne nei Ingelsktalige lannen tein, benammen yn de jierren krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. De resultaten litte oer it algemien in omheechgean fan nivo fan oplieding, ekonomyske posysje en berop sjen.
Metoade
It is wichtich om fęst te stellen dat de resultaten basearre binne op in selekte groep fan minsken. De adresselist, dy’t wy fan ‘e Ljouwerter Krante krigen hawwe, bestie út adressen dy’t opjűn wiene troch famylje en freonen yn Fryslân en Nederlân. Dy minsken hawwe dus noch in beskate foarm fan kontakt mei harren bertelân. We hawwe besocht dat effekt lytser wurde te litten, troch mear respondinten te sammeljen troch de sniebalmetoade.
Nettsjinsteande de problemen mei ús metoade fan datasammeling, leauwe wy dat wy betroubare antwurden krigen hawwe op de űndersyksfragen. Yn it foarste plak is de grutte fan de űndersyksgroep in foardiel. Twads, ús űndersyk is breed fan opset; it rjochtet him op taal, oanpassing, emigraasjemotiven, persoanlikheid en wolwęzen. Boppedat, de sintrale űndersyksűnderwerpen wurde besjoen út ferskillende hoeken wei; bygelyks it taalgebrűk, de taalfeardichheden, identiteit, oanpassingsproblemen en it tal kontakten mei leden fan oare kulturen wurde allegeare brűkt om de mjitte fan oanpassing fęst te stellen.
Kontakt mei it bertelân
Friezen fier-om-utens bliuwe ynteressearre yn harren bertelân. Dy ynteresse komt benammen nei foaren yn persoanlike kontakten, bygelyks fia de tillefoan of yn brieven. Oare kontakten binne der net safolle en se lęze amper Fryske of Nederlânske boeken, blęden, kranten of ynternetsiden. Us konklúzje is dat eins allinne troch in persoanlik netwurk fan famylje, freonen en kunde de kontakten trochgeane en dat hoe langer it ferlyn is dat se emigrearre binne, de kontakten mei it bertelân minder wurde.
Taalfeardichheid en taalgebrűk
We hawwe sjoen dat, oer it algemien, de taaleftergrűn fan emigranten út Fryslân benammen Frysk is en de groepke Nederlânsktaligen en sprekkers fan in Fryske streektaal lytser binne. De űndersyksgroep hat in wat sterker ‘Frysk karakter ’ as de trochsnee ynwenner fan Fryslân fan hjoed de dei. Harren feardichheid yn alle trije talen is aardich heech, útsein de skriuwfeardichheid yn it Frysk. Dizze groep docht it better as in ferlykbere groep fan Fryske emigranten yn Nederlân en de ynwenners fan Fryslân.
It Frysk en it Nederlânsk wurdt lykwols net trochjoen oan de folgjende generaasje. In bytsje Frysk en Nederlânsk wurdt noch wol brűkt yn wat minder as ientredde fan alle emigrantehúshâldings, mar de bern brűke noch mar Frysk yn 3% en Nederlânsk yn 6% fan de petearen űnderinoar. De feardichheid fan de tredde generaasje om dy talen te praten bestiet suver net; it Frysk en it Nederlânsk is dan hast hielendal fuort.
Kultuer, identiteit, oanpassings strategy en wolbefinen
Oer it algemien jouwe de Fryske emigranten oan dat sy in heech nivo fan tefredenens mei it libben hawwe en eins net safolle earnstige oanpassingsproblemen hiene. Se hawwe de etnyske identiteit fan it nije lân foar in grut diel oernaam. Neist dy nije subjektive etnyske identiteit, fiele de measte Friezen harren noch hieltyd Frysk. Dat is benammen it gefal foar de Friezen dy’t it Frysk as memmetaal hawwe. Nederlânsktaligen dy’t yn Fryslân berne binne, hawwe yn earste ynstansje in Nederlânske etnyske identiteit.
Emigranten mei in eksklusive oriďntaasje op Fryslân űnderfine mear oanpassingsproblemen en binne minder tefreden mei it libben yn it nije lân. De mearderheid fan ‘e emigranten binne lykwols oriďntearre op it nije wenlân. De measte emigranten hawwe in yntegraasje of assimilaasje strategy foar kar naam. Yntegraasje is de strategy dy’t de grutste groep brűkt hat; assimilators hawwe de meast positive resultaten op it algemiene wolwęzen en de oanpassingsproblemen. Dy resultaten steane net op ‘e selde streek as resinte resultaten fan in űndersyk űnder oare net-Fryske emigrantegroepen; meastentiids wurde de bęste resultaten berikt mei in yntegraasje strategy.
Individuele ferskillen yn adaptaasje en wolwęzen
De data oer wolwęzen jouwe oan dat de emigranten in nivo fan mentale en algemiene sűnens hawwe dy't ferlykber is mei groepen dy’t yn it noarden fan Nederlân bestudearre binne. It liket wol oft harren subjektive wolbefinen wat leger is; dat kin komme troch it feit dat de fraach efterôf, of de minsken net leaver yn Fryslân bleaun wiene, in hiele lestige fraach is. De mearderheid seit net hiele swiere problemen hân te hawwen, mar it docht dochs bliken dat problemen as űnwennigens, ferskillen yn mentaliteit, swierichheden by it learen fan ‘e taal, yn ‘e earste fazen fan oanpassing net űngewoan wiene. Dy beynfloedzje it wolwęzen ek min-ofte-mear.
De jonge jierren yn Fryslân binne opnaam yn ‘e eigen identiteit troch de ynteraksje mei de famylje en leeftiidsgenoaten; dy kultuer is min te űntkennen. Dęrom is it út it perspektyf fan it wolwęzen fan ‘e emigranten wei, it bęste om de eigen kultuer te behâlden en hat yntegraasje - net assimilaasje - de foarkar. De útkomsten fan ús űndersyk suggerearje dat in tolerante hâlding, in iepen each, it fermogen om oare perspektiven te begripen en in aktive oanpak yn it meitsjen fan kontakten mei minsken fan in oare kulturele eftergrűn, helpe kinne by it finen fan in plak yn ‘e nije mienskip. Sjoen it hege nivo fan kontakten dy’t Fryske emigranten hawwe, sawol yn as bűten it lân dęr’t sy wenje, is it net nuver dat, nettsjinsteande de problemen, sy in relatyf heech nivo fan wolwęzen krigen hawwe.
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)