It folgjende is in gearfetting fan ‘e resultaten fan taalspesifyk űndersyk űnder Fryske emigranten en harren bern. It giet om in seleksje út ‘e resultaten fan űndersyk nei taalbehearsking en taalferskowing. Foar in presintaasje fan ‘e folsleine resultaten, ferwize wy nei it artikel ‘Kroade, wheelbarrow, kruiwagen. Taalbeheersing van Friese emigranten en hun kinderen’ (sil ferskyne yn Taal&Tongval) en it artikel ‘"Wy tochten dat foar de bern it Ingelsk better wie." Taalverschuiving onder Friese emigranten en hun kinderen’ (sil ferskyne yn It Beaken ).
De neikommende űnderwerpen sille oan bod komme:
Undersyksgroepen
Op grűn fan ferskate teory oer taalferlies en taalferskowing yn relaasje ta migranten, binne der foar dit űndersyk fjouwer emigrantegroepen definiearre. Earst is der űnderskied makke yn earste en twadde generaasje emigranten. De earste generaasje binne de emigranten dy’t sels út Fryslân emigrearre binne, en de twadde generaasje slacht op de bern fan Fryske emigranten. Twads binne beide generaasjes dęrnei wer űnderferdield yn twa groepen. By de earste generaasje is de űnderskiedende faktor it emigraasjejier en by de twadde generaasje wurde de groepen yndield nei berte yn Fryslân of yn it emigraasjelân.
De fjouwer groepen sille koart beskreaun wurde. De earste generaasje is yn Fryslân berne, hat it Frysk of in Fryske streektaal as earste taal leard, en is tusken it 18e en 30e libbensjier selsstannich út Fryslân weigongen. De saneamde klassike emigranten binne faak yn groepen, mei hiele famyljes of troch kettingmigraasje by de grutte emigraasjegolf yn ‘e jierren krekt nei de twadde wrâldoarloch fuortgongen (tusken 1945 en 1960). Dęr tsjinoer steane de moderne emigranten dy’t jierren letter, sa tusken 1980 en 1995 meastentiids allinne of mei de húshâlding út Fryslân ôfreizge binne.
Fan de twadde generaasje is der in groep dy’t yn Fryslân berne is. Sy hawwe it Frysk of in Fryske streektaal as earste taal leard en bin tusken it 6e en 18eyn it emigraasjelân berne is. Sy ha somtiden it Frysk, mar meastentiids in oare taal as memmetaal leard (meastal Ingelsk).
libbensjier mei de âlden emigrearre. De oare groep twadde generaasje is de groep emigranten dy’t as bern fan Fryske âlden
Undersyksmetoaden
By Simmer 2000 binne der 123 persoanlike djipte-ynterviews mei Fryske emigranten hâlden. Neist de űnder it foarige kopke beskreaune kritearia foar de fjouwer emigrantegroepen, binne dielnimmers foar it ynterview dęrneist ek noch selektearje op minimale taalfeardichheden Frysk en lânstaal. Dat yn ferbân mei de opnamen fan sprutsen Frysk by it ynterview.
Neist it persoanlike ynterview binne der noch twa skriftlike ynterviews ôfnaam. Al foar it evenemint wie der in earste útwreide skriftlike fragelist ferstjoerd en yn it jier nei Simmer 2000 is der űnder de dielnimmers oan de earste skriftlike fragelist en oan de ynterviews in ferfolchfragelist ferspraat. As de kritearia foar de fjouwer emigrantegroepen ek op dy twa datasets tapast wurde, dan hâlde wy fan de earste schriftlike fragelist 1.392 dielnimmers oer en fan de twadde 380 respondinten. De tendins fan ferhâldingen: klassike emigranten en twadde generaasje út Fryslân is oerfertsjinwurdige (grif fanwege it ‘reünie-karakter’ fan Simmer 2000).
In beheining fan dizze űndersyksmetoade is dat wy in selekte űndersyksgroep hawwe. Dat kin fansels net oars, want der is net in grut adressebestân beskikber fan alle Friezen fier-om-utens, dęr’t wy in stekproef út nimme kinne. Wy beseffe dat de measte minsken dy’t meidien hawwe op ien of oare manier noch kontakten hawwe mei Fryslân of ynteresse hawwe yn harren komôf, want oars hiene wy harren net űnderfreegje kinnen. Neist it brűken fan it addressebestân fan ‘e Ljouwert Krante, hawwe wy ek sels nije adressen krigen fia de ‘sniebalmetoade’. Dęrneist is it in foardiel dat wy op meardere wizen dizze groep űnderfrege hawwe.
Lykwols realisearje wy ús dus dat dizze groepen net representatyf binne, wy sjogge benamme nei relaasjes tusken de groepen en dogge útspraken oer dizze respondinten, dy’t faaks in indikaasje węze kinne fan wat der by mear Friezen fier-om-utens spylje kin.
Taalbehearsking: selsynskatting
Op grűn fan subjektive en objektive metoaden hawwe wy ynsjoch yn ‘e taalbehearsking fan de Fryske emigranten en harren bern krigen. De subjektive metoade betsjut dat de minsken sels harren taalfeardichheden ynskatte. Dat is op trije wizen dien: selsynskatting fan ‘e fjouwer feardichheden (ferstean, prate, lęze en skriuwe); it jaan fan in rapportsifer foar de eigen algehiele taalfeardichheid en troch de feardichheden yn ‘e iene taal foar dy yn ‘e oare taal oer te pleatsen (watfoar taal se makliker prate). Yn it neigeande sil omtinken jűn wurde oan ‘e earste metoade fan selsynskatting fan ‘e spesifike taalfeardichheden.
De respondinten hawwe op in fiifpuntsskaal harren taalfeardichheden (it ferstean, prate, lęze en skriuwe) foar trije talen ynskat: it Frysk, Hollânsk en de lânstaal (meastentiids it Ingelsk). De antwurdkategoryen ‘hiel maklik’, ‘goed’ en ‘frij aardich’ binne byelkoar naam, om oan te jaan dat de oanbelangjende feardichheid oanwęzich is. Dan krije jo foar de ynskatting fan ‘e behearsking fan it Frysk, Nederlânsk en ‘e lânstaal foar de fjouwer emigrantengroepen it folgjende byld (sjoch figuer 1).

Wat it Frysk oanbelanget; de feardichheden Frysk lęze en benammen Frysk skriuwe bliuwe by alle groepen efter. Dat is neat nijs, want dat is ek it gefal by de Friezen yn Fryslân1. Wy sjogge dat de moderne emigranten alle feardichheden Frysk better behearskje as de klassike emigranten. En by de twadde generaasje wurde alle feardichheden Frysk better behearske troch de bern dy’t it Frysk yn Fryslân leard hawwe, foardat se mei de âlden emigrearden. De bern dy’t yn it emigraasjelân berne binne hawwe de minste behearsking fan it Frysk.
De emigranten soenen de taalfeardichheden Nederlânsk ek aardich goed behearskje, de twadde generaasje út it emigraasjelân hat lykwols in folle mindere behearsking fan it Nederlânsk as dat de oare groepen hawwe. Grut ferskil ek mei de oare twadde generaasje groep, dy’t faaks it Hollânsk noch wol yn Fryslân leard hat. De moderne emigranten behearskje alle feardichheden Hollânsk wer better as de klassike emigranten, wat faaks ek te krijen hat mei de sitewaasje yn Fryslân yn ‘e ferskillende perioaden dat beide groepen emigrearren. It Hollânsk waard fansels yn ‘e tiid fan emigraasje fan ‘e klassike emigranten ek yn Fryslân minder faak brűkt as yn ‘e tiid dęrnei.
Dúdlik is te sjen dat de respondinten tinke dat sy de lânstaal it bęste behearskje. Hast eltsenien seit doch op syn minst ‘frij aardich’ oant ‘hiel goed’ de taal fan it wenlân te ferstean en te praten kinne. It lęzen en skriuwen is wer wat minder űntwikkele, mar wurdt fan alle trije talen wol it bęste behearske.
Taalbehearsking: taaltoetsen
In objektive metoade foar it fęststellen fan ‘e taalbehearsking is it brűken fan toetsen. Yn it persoanlike ynterview mei 123 respondinten binne der twa taaltoetsen ôfnaam. De toets passive wurdskat bestie út wurdwerkenning fan Fryske wurden. It toetste de reseptive taalfeardigens, wat betsjut dat it Fryske wurd jűn waard en de respondent it wurd herkenne moast en dęr it bypassende plaatsje by sykje moast. De toets aktive wurdskat bestiet út wurdproduksje Frysk. It toetste de produktive taalfeardigens fan de respondint, dat wol sizze yn hoefier de minsken oan 'e hân fan in plaatsje sels it Fryske wurd betinke koenen.
Op beide toetsen is troch dizze űndersyksgroep tige heech skoard; trochinoar hiene de respondinten sa’n 31 fan de yn totaal 35 konsepten goed werkend by de toets ‘passive wurdskat’ (=89%, n=123). En ek op ‘e toets ‘aktive wurdskat’ is heech skoard; de respondinten hawwe trochinoar hast 20 fan ‘e 25 konsepten sels krekt beneamd (79%, n=115). Der binne wol ferskillen yn skoare tusken de groepen emigranten (sjoch tabel 1).
Tabel 1: toetsskoare fan ‘e emigrantegroepen
Passive Wurdskat | Aktive Wurdskat | |||
|---|---|---|---|---|
n | trochinoar | n | trochinoar | |
1e generaasje - klassyk | 51 | 31,8 | 50 | 20,0 |
1e generaasje - modern | 15 | 33,7 | 10 | 21,4 |
2e generaasje - Fryslân | 51 | 30,8 | 49 | 20,1 |
2e generaasje - emigraasjelân | 6 | 25,2 | 6 | 12,7 |
Sawol op ‘e passive as aktive wurdskat skoare de bern dy’t yn it emigraasjelân berne bin it leechste. Sy hawwe dus by de selsynskatting terjochte oanjűn dat sy in mindere behearsking fan it Frysk hawwe. De trije groepen dy’t út Fryslân emigrearre binne, skoare ferlykber op ‘e toetsen, útsein de moderne emigranten dy’t wat heger skoare, benammen op ‘e passive wurdskat.
Wy hawwe de prestaasjes op ‘e toetsen relatearre oan in oantal fariabelen dy’t fan ynfloed węze kinne op ‘e taalbehearsking. Dęr kamen in oantal relaasjes út, ien derfân is in ambifalinte rol fan ‘e wendoer yn it emigraasjelân (sjoch tabel 2).
Tabel 2: toetsskoare relatearre oan wendoer
Passive Wurdskat | Aktive Wurdskat | |||
|---|---|---|---|---|
Wendoer: | n | trochinoar | n | trochinoar |
- 0 - 20 jier | 12 | 33,6 | 8 | 21,9 |
- 21 - 40 jier | 13 | 31,2 | 10 | 13,7 |
- 41 - 60 jier | 91 | 31,4 | 90 | 20,7 |
As wy sjogge nei de passive wurdskat, sjogge wy dat de respondinten dy’t minder as 20 jier lyn út Fryslân weigongen binne, signifikant better skoare op ‘e passive wurdskat as de respondinten dy’t langer lyn fuortgongen binne. Dat ferklearret faaks ek mei de hegere skoare fan ‘e moderne emigranten, dy’t resinter út Fryslân weigongen binne. Mar by de aktive wurdskat sjogge wy in nijsgjirrich fenomeen; de tuskengroep by wendoer bliuwt efter by de oare groepen. De minsken dy’t minder as 20 jier lyn fuortgongen binne, skoare signifikant heger op ‘e aktive wurdskat as de minsken dy’t tusken de 20 en 40 jier fuortgongen binne, en dan skoare de minsken dy’t al folle langer fuortbinne, ek wer signifikant heger op ‘e aktive wurdskat as de tuskengroep.
Jo kinne jo yntinke dat daliks nei emigraasje de taal űnderling noch wol wat brűkt wurdt, mar dan sakket it fuort. Seker as de bern nei skoalle gongen, waard de lânstaal gauwer brűkt yn de húshâlding. Sa fertelde in Fryske emigrant út Kanada: "sadra as der twa bern op skoalle wienen, ynienen prate ús hiele húshâlding Ingelsk (...) ik tocht al yn in pear wike, ynienen waard alles Ingelsk, hoe ‘t it mooglik is, wit ik noch net". It docht bliken dat dit dus in omkearber proses węze kin. In soad respondinten neamden dat as de bern âlder waarden, it hűs útgongen, de âlden sels âlder wurden, it Frysk werom komt yn ‘e húshâlding. Faaks wurdt dan noch wol yn ‘e lânstaal mei de bern praat, net yn it minst omdat dy it Frysk net leard hawwe.
Taalgedrach yn domeinen
As wy it taalgedrach yn domeinen besjogge, kinne wy wat sizze oer de mjitte fan taalferskowing fan ‘e memmetaal. Wy hawwe frege nei de taal of talen dy’t de respondinten it measte brűke yn in oantal sitewaasjes dy’t gearfette bin yn trije domeinen: it persoanlike, it privee en it publike domein.
It persoanlike domein wurdt foarme troch trige persoanlike, somtiden emosjonele sitewaasjes dy’t de respondint űnderfine kin. Yn it privee domein wurdt sjoen nei de rollen dy’t de respondint hawwe kin yn de húshâlding, de famylje en it sosjale netwurk. It is yndield nei sitewaasjes fan tichtby de respondint nei fierder fuort yn figuerlike sin. It publike domein bestiet út min of mear formele sitewaasjes yn it emigraasjelân. Wy sille allinne fan it privé domein yn de húshâlding of it gesin de taalkar tsjin ‘e partner (n=1281, sjoch figuer 2A) en tsjin ‘e bern (n=1261, sjoch figuer 2B) werjaan.
In mearderheid fan ‘e earste generaasje seit hjoeddedei (ek) Frysk of Nederlânsk tsjin ‘e partner te praten (sjoch figuer 2A). Wy witte fan dizze respondinten dat űngefear de helte fan ‘e klassike en wat mear as de helte fan ‘e moderne emigranten mei de partner út Fryslân emigrearre is. Fan harren praat de mearderheid no noch Frysk of Nederlânsk (eventueel ek de lânstaal) tsjin ‘e partner. Fan ‘e twadde generaasje praat de mearderheid yn ‘e lânstaal tsjin ‘e partner. It docht gjin nij dat de twadde generaasje der dan ek foar kiest om foaral yn ‘e lânstaal tsjin harren bern te praten (sjoch figuer 2B).

By it taalgebrűk fan ‘e earste generaasje tsjin harren bern, sjogge wy in grut ferskil tusken de klassike en moderne emigranten. De mearderheid fan de klassike emigranten brűkt de lânstaal tsjin ‘e bern, wylst mar in minderheid fan de moderne emigranten dat docht. Der liket in tsjinstridichheid te węzen yn ‘e taalkar tsjin ‘e partner en dy tsjin ‘e bern. De klassike emigranten prate mear Frysk tsjin ‘e partner en minder tsjin ‘e bern, wylst it by de moderne emigranten krekt oarsom is. Dat hat ű.o. te krijen mei in ferskil yn taalhâlding tusken de beide groepen. In minderheid fan de klassike en in mearderheid fan de moderne emigranten fine it oer it algemien wichtich dat de memmetaal Frysk trochjűn wurdt oan ‘e folgjende generaasje.
Taalferskowing yn domeinen
De ferwachting wie dat de respondinten yn it persoanlijke domein foaral gebrűk meitsje soene fan ‘e taal dy’t harren it meast nei oan it hert leit. Dat is blykber net (mear) de memmetaal, útsein foar de moderne emigranten. Sy brűke it measte Frysk en Nederlânsk fan alle groepen yn it persoanlike domein. De oare groepen meitsje yn ‘e neamde persoanlike sitewaasjes it meast gebrűk fan ‘e taal fan it emigraasjelân.
Yn it persoanlike domein fine wy de heechste persintaazjes Frysk taalgebrűk by it praten tsjin jinsels. Wy nimme oan dat dit befoardere is troch it feit dat jin yn dy sitewaasje winliken allinne binne; der binne gjin tahearders dy’t behinderjend wurkje of dy’t de taalútering korrigearje kinne, sa as dat wol it gefal węze kin yn ‘e oare trije sitewaasjes. In respondint antwurde op ‘e fraach węrom't sy tsjin oare Friezen yn it emigraasjelân net hieltyd Frysk praat, wylst sy wol oer dy feardichheid beskikt: "ik praat it [Frysk] net graach lűdop".
De heechste sifers foar it memmetaalgebrűk Frysk fine wy yn it privee domein. Sels de klassieke emigranten, dy’t harren yn it persoanlike domein leaver yn ‘e lânstaal útdrukke, jouwe yn dat domein it Frysk krekt sa’n grutte rol as de lânstaal (ferlykbere groep kiest foar dizze talen). Ek foar de twadde generaasje is dit it domein dęr’t sy it measte gebrűk meitsje fan it Frysk. Der wie in ferdieling yn húshâlden, famylje en sosjale netwurk yn dit domein; it die bliken dat de memmetaal benammen noch in rol spile yn famyljeferbân.
Faak fernuveret it net dat yn it publike domein meastentiids gebrűk makke wurdt fan ‘e taal fan it hjoeddeistige wenlân. De taalferskowing nei de lânstaal is hast folslein; allinne de moderne emigranten brűke noch wolris in oare taal, it Frysk of Nederlânsk, bygelyks yn sitewaasjes as op it wurk.
Konklúzjes
Wat kinne wy no yn it koart konkludearje oer de űnderwerpen taalbehearsking en taalferskowing űnder ‘e űndersochte Fryske emigranten?
Wy hawwe sjoen dat dy űndersochte groep Friezen fier-om-utens in aardich goede behearsking hawwe fan ‘e passive en aktive wurdskat. Dúdlik is wol dat de taalbehearsking Frysk by de bern fan ‘e emigranten minder goed is, benammen by de bern dy’t yn it emigraasjelân berne binne. Wy realisearje ús fansels dat de mjitting fan ‘e taalfeardigens in momintopname is, dy't boppedat sterk posityf beynfloede is troch it ferbliuw yn Fryslân by Simmer 2000. Yn hoefier de taalbehearsking kwalitatyf ek goed is, soe fierder sosjolingwistysk űndersyk útwize kinne.
Fierder hawwe wy sjoen dat de Friezen fier-om-utens de Fryske taal net sa’n soad mear brűke, útsein de moderne emigranten. Hja meitsje noch it measte gebrűk fan harren memmetaal. De klassike emigranten brűke minder faak it Frysk, krekt as it Nederlânsk. De twadde generaasje makket ek folle mear gebrűk fan ‘e taal fan it hjoeddeistige wenlân. Benammen de twadde generaasje dy’t yn it emigraasjelân berne is, befynt har al yn in protte ientalige lânstaal sitewaasjes.
Hollânske emigranten steane der om bekend dat sy harren taal gau oan ‘e kant smite, dęrtroch waarden sy in Austraalje bygelyks as ‘model migrants’ betitele. En fan ‘e Friezen om utens witte wy dat de taaloerdracht nei de folgjende generaasjes yn it algemien net sa grut is2. It die bliken dat ek de Friezen fier-om-utens al hast binnen twa generaasjes fan harren memmetaal ôfstappe.
Noten:
1 Gorter, D. & R.J. Jonkman (1995) Taal yn Fryslân op ‘e nij besjoen. Ljouwert: Fryske Akademy.
2 Jansma, L.G. & G.H. Jelsma (1996) Friezen om utens. Ljouwert: Fryske Akademy.
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)