Yn it persoanlike ynterview is oan 123 earste en twadde generaasje Fryske emigranten frege yn hoefier sy it iens of net iens wiene mei in oantal stellingen oangeande Fryslân en de Fryske taal. De antwurden wjerspegelje de taalhâlding fan de űnderfrege Fryske emigranten. Wy sille de resultaten hjirnei yn tabelfoarm werjaan. De antwurden binne op in fiifpuntsskaal jűn, wy hawwe de kategoryen ‘folslein mei iens’en ‘foar in part mei iens’ gearfoege, lykas de negative fariant dęrfan. De antwurden ‘likefolle mei iens as net mei iens’ en ‘gjin miening’ binne gearfoege yn ‘e kolom ‘neutraal’.
De taalhâlding fan ‘e Fryske emigranten wurdt, sa mooglik, ferlike mei dy fan de ynwenners fan Fryslân yn 1994 en sa mooglik mei data út earder űndersyk yn Fryslân yn 1980 en 1967 (Taal yn Fryslân. Op ‘e nij besjoen. Gorter & Jonkman 1995). En ek mei dy fan de Friezen om utens; dat binne de Friezen dy’t bűten Fryslân, mar binnen Nederlân wenje (Friezen om utens. Jansma & Jelsma 1996). In grut ferskil mei ús dataset is dat de űnderfrege ynwenners fan Fryslân, neist it Frysk of in Fryske streektaal, ek it Nederlânsk as earste taal leard kinnen hawwe (1995: 11). Itselde is it gefal by de oare groep, de Friezen om utens, dy’t wűn binne űnder Fryske kriten en studinteferienings (1996: 29). Us - ek selekte- groep Fryske emigranten hat it Frysk of in Fryske streektaal as memmetaal, útsein de bern dy’t yn it emigraasjelân berne binne (ien persoan hat it Ingelsk as earste taal).
De neikommende űnderwerpen sille bepraat wurde:
Hâlding oangeande pro-Fryske stellingen
Tabel 1: Hâlding fan de Fryske emigranten oangeande pro-Fryske stellin
Mei iens | Neutraal | Net mei iens | |
|---|---|---|---|
- Frysk is in echte taal | 98 | 0 | 2 |
- Frysk offisjele taal fan Fryslân | 81 | 5 | 9 |
- neist Nederlânsk ek it Frysk behearskje | 81 | 4 | 14 |
- Nederlânske opskriften ek yn it Frysk | 54 | 13 | 33 |
- bern yn Fryslân yn it Frysk opgroeie | 92 | 3 | 5 |
- Friezen wiis binne mei har taal | 98 | 2 | 0 |
- spiitich as it Frysk ferdwine soe | 100 | 0 | 0 |
Sawat alle Fryske emigranten binne it iens mei de stelling "It Frysk is lykas it Nederlânsk in echte taal" (98%, sjoch tabel 1). De mearderheid fan ‘e Friezen om utens is it ek iens mei dizze status fan it Frysk (91%, 1996: 30). En justjes minder, is ek de mearderheid fan ‘e befolking fan Fryslân yn 1994 it mei de stelling iens (86%). Earder yn 1980 fűnen wat minder ynwenners fan Fryslân dat it Frysk in echte taal is (81%), wylst noch earder in 1969 krekt wat mear minsken it mei de stelling iens wiene (85%, 1995: 33).
De emigranten achtsje de status fan it Frysk heech; in mearderheid is it iens mei de stelling dat it Frysk de offisjele taal fan Fryslân węze moat (81%, sjoch tabel 1). By it persoanlike ynterview waard der lykwols gauris spontaan reagearre mei in tsjinfraach: ‘dat is it dochs al?’ De emigranten binne mear wis fan dizze status fan it Frysk as de befolking fan Fryslân, dy’t ferdield is oer dy kwestje. In grutte groep is it der mei iens (37%), mar krekt in wat gruttere groep hinget oer nei it net stypjen fan it Frysk as offisjele taal fan Fryslân (43%). Dy hâlding is ferlykber mei dy yn 1980 (1995: 38).
De measte Fryske emigranten űnderskriuwe de stelling ‘Elk dy’t yn Fryslân wennet moat njonken it Nederlânsk ek it Frysk goed behearskje’ (81%, sjoch tabel 1). Dat is in grut ferskil mei de befolking fan Fryslân; mar 25% is it mei de stelling iens en mear as de helte fan ‘e minsken (57%) is it der net mei iens. Sjoen earder űndersyk űnder de Friezen, suggerearje Gorter en Jonkman dat it liket as hat der in feroaring yn ‘e fisy op ‘e twataligens yn ‘e provinsje plakfűn. Yn 1967 wie krekt wat minder as de helte it dermei iens dat alle ynwenners fan ‘e provinsje eins twatalich węze moatte soene, yn 1980 wie 35% it dęrmei iens en yn 1994 is dat dus noch mar 25% (1995: 32).
In lytse mearderheid fan ‘e Fryske emigranten stipet de stelling ‘Alle Nederlânske opskriften moatte ek yn it Frysk steld wurde’ (54%, sjoch tabel 1). Dy hâlding is tsjinsteld oan dy fan de befolking yn Fryslân yn 1994; mar 17% is it dęrmei iens en de mearderheid fan 63% is krekt net foar folsleine twataligens fan Frysk en Nederlânsk yn alle opskriften (1995: 38).
Mear yn it algemien oer taaloerdracht yn Fryslân is de neikommende stelling foarlein: ‘It is belangryk dat yn Fryslân in bern yn it Frysk opgroeit’. Hast alle űnderfrege Fryske emigranten en harren bern binne it dęrmei iens (92%, sjoch tabel 1). Sy hawwe dúdlik in positivere hâlding foar it Frysk oer yn dy sitewaasje as de befolking fan Fryslân sels hat. In minderheid (48%) fan ‘e ynwenners fan Fryslân fynt it wichtich dat in bern yn Fryslân yn it Frysk opgroeit, dat persintaazje is yn de jierren dęrfoar ôfnaam, yn 1980 fűn noch wat mear as ‘e helte fan de űnderfrege persoanen it fan belang (1995: 42-43).
De Fryske emigranten binne it hast allegear iens mei de stelling ‘It is logysk dat Friezen wiis binne mei har taal’ (98%, sjoch tabel 1). Datselde is it gefal by de befolking fan Fryslân; 90% is it mei de stelling iens (1995: 34).
Der is unanym stipe fan ‘e earste en twadde generaasje Fryske emigranten foar de stelling ‘Ik soe it spitich fine as it Frysk ferdwine soe’ (sjoch tabel 1). De measte minsken yn Fryslân binne it ek mei dy stelling iens (89%, 1995: 34).
Hâlding oangeande anty-Fryske stellingen
Tabel 2: Hâlding fan de Fryske emigranten oangeande anty-Fryske stellingen
Mei iens | Neutraal | Net mei iens | |
|---|---|---|---|
- Frysk ôfswakke | 12 | 10 | 79 |
- better Nederlânsk mei bern prate | 7 | 3 | 84 |
- Frysk net yn wittenskip en technyk | 30 | 13 | 44 |
- Frysk is dialekt | 3 | 1 | 96 |
- Frysk past net yn dizze tiid | 2 | 2 | 96 |
- neat fan it Frysk ha | 0 | 0 | 100 |
Mear as in tredde part fan ‘e Fryske emigranten is it net iens mei de stelling "It brűken fan it Frysk moat yn bepaalde gefallen ôfswakke wurde" (78%, sjoch tabel 2). It docht bliken dat benammen de twadde generaasje tsjin it ôfswakjen fan it Frysk is (sa’n 18% fan ‘e earste generaasje kin har wol fine yn it ôfswakjen fan it Frysk, tsjin mar 4% fan ‘e twadde generaasje). De Friezen om utens en de befolking fan Fryslân binne it mei in lytse mearderheid ek net iens mei de stelling, mar der is yn beide groepen sa om de 25% hinne, dy’t wol fynt dat it Frysk yn guon gefallen ôfswakke wurde moat (1996: 30 en 1995: 36).
Om ynsjoch te krijen yn ‘e hâlding oangeande taaloerdracht, is de folgjende stelling foarlein: ‘Frysktalige âlders kinne better Nederlânsk mei de bern prate’. In mearderheid fan sawol de earste as de twadde generaasje emigranten is it dęr net mei iens (gemiddeld 84%, sjoch tabel 1). Wol wat minder, mar dochs is de befolking yn Fryslân it ek net mei dy stelling iens (68%, 1995: 43). Yn 1980 wie it persintaazje respondinten dat it net mei dy stelling iens wie, noch wat heger (72%, 1995: 42-43).
Oer de stelling ‘It Frysk is net geskikt as taal foar wittenskip en technyk’ wurdt wakker űngelyk tocht; de grutste groep Fryske emigranten is it der net mei iens (44%), mar der is ek in grutte groep dy’t it krekt wol mei de stelling iens is (30%, sjoch tabel 1). Der is wer in ferskil tusken de earste en twadde generaasje; mear earste generaasje emigranten binne it mei de stelling iens en mear twadde generaasje fine krekt dat it Frysk wol geskikt is foar wittenskip en technyk. Neffens de befolking yn Fryslân fan 1994 binne der mear Fryske emigranten fan miening dat it Frysk wol brűkt wurde kin op neamde fakgebieten (44 fersus 34%). Der is net in soad feroare yn ‘e miening fan ‘e befolking fan Fryslân oer de brűkberens fan it Frysk sűnt 1980 (1995: 36).
Hast alle Fryske emigranten binne it net iens mei de stelling ‘It Frysk is in dialekt lykas Drints of Grinslâns’ (96%, sjoch tabel 1). Yn wat mindere mate is ek de mearderheid fan ‘e befolking yn Fryslân it net mei dy stelling iens (79%, 1995: 34).
Dyselde taalhâlding sjogge wy by de stelling ‘It Frysk past net mear yn dizze tiid’. De measte Fryske emigranten (96%, sjoch tabel 1) en de measte űnderfrege ynwenners fan Fryslân (90%, 1995: 34) binne it dęr net mei iens.
En wy sjogge dyselde positive taalhâlding foar it Frysk oer, wjerspegele yn ‘e reaksje op ‘e stelling ‘Ik moat hielendal neat fan it Frysk ha’. De earste en twadde generaasje Fryske emigranten binne it dęr unanym net mei iens (sjoch tabel 1). De measte ynwenners fan Fryslân kinne harren ek net yn dy stelling fine (89%, 1995: 34).
Takomst fan it Frysk
Oan de emigranten is frege hoe’t hja tinke oer de takomst fan ‘e Fryske taal, dęr’t hja in kar by meitsje koene út in fiiftal mooglikheden. Yn űndersteande tabel steane earst de mooglikheden fermeld, yn ‘e twadde kolom steane de persintaazjes fan antwurden fan ‘e Fryske emigranten (kolom ‘FE’), dęrneist steane ta ferliking de persintaazjes fan antwurden fan ‘e befolking fan Fryslân oer dy kwestje (kolom ‘TYF’, 1995: 33).
Tabel 3: Fryske emigranten en de befolking fan Fryslân oer de takomst fan it Frysk (yn %)
FE | TYF | |
|---|---|---|
a. It Frysk moat mar ferdwine | 0 | 0 |
b. It Frysk bewarje foar de kultuer, | 4 | 7 |
c. Fryslân moat twatalich węze, | 31 | 44 |
d. Fryslân moat twatalich węze, | 53 | 49 |
e. Fryslân moat ientalich Frysk węze | 11 | 0 |
De mearderheid fan ‘e Fryske emigranten kiest foar in twatalige provinsje, de grutste groep fynt dat it Frysk dęrby de wichtigste taal węze moat (53% fersus 31% foar Nederlânsk, sjoch tabel 3). Yn de lęste kolom fan ‘e tabel lęze wy dat de mearderheid fan ‘e befolking yn Fryslân ek fynt dat Fryslân in twatalige provinsje węze moat (sjoch tabel 3). Sy fine ek dat it Frysk de belangrykste taal węze moat, mar in wat lytsere groep kiest foar it Nederlânsk as belangrykste taal. Fan de ynwenners fan Fryslân is der ek in groep dy’t graach sjen soe dat it Frysk in passive rol krije soe troch it te bewarjen foar de kultuer, yn boeken en toaniel. Nei ferhâlding kieze minder Fryske emigranten dęrfoar, dan is der noch in gruttere groep dy’t derfoar kiest om it Nederlânsk út Fryslân te ferbannen troch de provinsje ientalich Frysk te meitsjen.
Gearfetting
Wy hawwe sjoen dat yn it algemien de measte Fryske emigranten en harren bern it benammen iens binne mei de pro-Fryske stellingen, neffens de befolking fan Fryslân binne sy pro-Frysker. Nettsjinsteande dat de stipe yn Fryslân foar it Frysk as echte taal troch de jierren wol wat mear of wat minder is, fine de measte Friezen wol dat it Frysk in echte taal is. Wy hawwe sjoen dat de Friezen bűten Fryslân, en benammen de Fryske emigranten, dęr mear fan oertsjűge binne. Fierder binne de emigranten mear wis yn har stipe fan it Frysk as offisjele taal fan Fryslân as de befolking fan Fryslân sels is. Yn Fryslân hat der de lęste tiid in feroaring yn ‘e fisy op ‘e twataligens yn ‘e provinsje plakfűn, earder fűnen hja it wichtiger dat de ynwenners neist it Nederlânsk ek it Frysk goed behearsken. It liket as dat de ynwenners fan Fryslân dat no minder wichtich fine of dat sy mear akseptearje dat der ynwenners binne dy’t gjin Frysk prate (kinne). De Fryske emigranten tinke lykwols noch hieltyd dat it wol wichtich is dat de ynwenners fan Fryslân ek it Frysk goed behearskje. Itselde sjogge wy by de stelling oangeande taaloerdracht. Yn Fryslân is de miening hjiroer yn ‘e rin fan ‘e jierren feroare; hja fine it minder belangryk dat bern yn it Frysk opgroeie. Wylst yn 2000 hast alle űnderfrege Fryske emigranten dat wol hiel belangryk fine. Neffens de oare pro-Fryske stellingen, binne de emigranten net sa útsprutsen posityf oangeande de twataligens yn alle opskriften, mar hja binne dęryn wol wer pro-Frysker as de ynwenners fan Fryslân dat binne.
It sil jin net fernuverje dat de Fryske emigranten it meastentiids net iens binne mei de anty-Fryske stellingen, allinne oer de brűkberens fan it Frysk yn ‘e wittenskip en technyk wurdt űngelyk tocht. Krekt as by it foargeande oer taaloerdracht, binne de Fryske emigranten en ek de befolking fan Fryslân, it net iens mei de stelling dat de Fryske âlders better Nederlânsk mei harren bern prate kinne. Opfallend is dat fan de trije beskreaune groepen it krekt de Friezen binne, dy’t bűten Fryslân en sels bűten Nederlân wenje, dy fine dat it Frysk net ôfswakt wurde moat. Fierder hawwe wy sjoen dat it benammen de twadde generaasje is, dy’t gjin ôfswakking fan it Frysk wol. Itselde ferskil yn taalhâlding wie der by de stelling oer it gebrűk fan it Frysk yn ‘e wittenskip en technyk; mear twadde generaasje emigranten fine dat it Frysk dan wol brűkt wurde kin. Nettsjinsteande dat de twadde generaasje har twifels dęroer hat, is sy wol wer pro-Frysker as de befolking fan Fryslân.
De mearderheid fan ‘e Fryske emigranten en fan ‘e befolking fan Fryslân fynt dat Fryslân yn ‘e takomst in twatalige provinsje węze moat, dęr’t sy it Frysk de wichtigste taal by fine. Wy hawwe sjoen dat de emigranten mear rjochte binne op it Frysk; sy fine it Frysk wichtiger as it Nederlânsk, yn gefal fan in twatalige provinsje en der is sels in groepke dy’t fan Fryslân yn ‘e takomst in ientalige provinsje meitsje wolle soe.
Konklúzjes
Jansma en Jelsma konkludearje oer de taalhâlding fan ‘e Friezen om utens, dat "dyen (alteast dy’t organisearre binne yn Fryske ferienings) Frysksinniger binne (of wurden binne) as de Friezen yn it Heitelân" (1996: 30). Wy kinne no, op grűn fan ‘e taalhâlding metten troch it foarlizzen fan deselde stellingen, konkludearje dat de Fryske emigranten eins noch in pro-Fryskere hâlding űntwikkele hawwe. It liket as dat hoe fierder de Fries fuortgiet út it Heitelân, bűten Fryslân en sels bűten Nederlân, hoe mear de taal libjen giet. Boppedat liket it as hat de űnderfrege twadde generaasje emigranten, oftewol de bern fan ‘e Fryske emigranten, in noch positivere, faaks in mear idealistyske, hâlding foar it Frysk oer.
Als men niet kan zeilen moet men laveren