Mei stipe fan 'e provinsje Fryslân hat de skoalbegeliedingstsjinst ‘OAB Opsterland’ in earste rige Fryske digilessen űntwikkele. It doel fan 'e digilessen is om it Frysk op 'e basisskoallen yn Opsterlân en yn Fryslân op 'e kaart te setten, om it ICT-gebrűk yn 'e skoallen in ympuls te jaan en om de didaktyk fan it taalűnderwiis te fersterkjen.
Basisskoallen yn Opsterlân sille fan oktober 2004 ôf mei de Fryske digilessen oan 'e slach en de Fryske Akademy sil by de learlingen en learkręften neigean hoe’t dizze oanpak op 'e skoallen foldocht.
Yn maart 2005 wurde de útkomsten fan 'e evaluaasje fan 'e digilessen ferwachte. Dy evaluaasje wurdt brűkt by de fierdere űntwikkeling fan 'e rige digilessen troch OAB Opsterlân. Uteinlik wurde de digilessen op in webside set, sadat alle basisskoallen yn Fryslân dermei wurkje kinne.
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)