Logopedisten yn Fryslân hawwe foar it mjitten fan 'e taalproduksje fan jonge bern gjin diagnostysk materiaal foar it Frysk foar hannen. Frysktalige bern wurde op it stuit űndersocht mei testen dy’t normearre binne foar it Nederlânsk. Sy wurde dus ek beoardiele nei harren prestaasjes yn it Nederlânsk en dy wurdt ferlike mei dy fan leeftydsgenoaten dy’t it Nederlânsk as memmetaal hawwe. Dat jout gjin goed byld fan 'e taalűntwikkeling fan bern mei it Frysk as memmetaal.
Doel fan dit projekt is it űntwikkeljen fan de F-TARSP, in Fryske Taal, Analyze, Remediearring en Screening Proseduere. As basis sil de Nederlânske TARSP (Liesbeth Verhulst-Schlichting) nommen wurde. Mei de F-TARSP kin it grammatikale nivo (syntaksis en morfology) fan 'e spontane taal fan in Frysktalich bern (1-4 jier) bepaald wurde. Dęrby jout it ynstrumint in oersjoch fan 'e ferwerving fan syntaks en morfology fan bern fan 1-4 jier en kin it brűkt wurde yn 'e terapy. Yn dit projekt wurdt gearwurke mei de wurkgroep Logopedy en Frysk.
Dit projekt is ta stân kommen mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân.
It projekt wurdt útfierd troch drs. Jelske Dijkstra
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)