Yn opdracht fan de provinsje wurdt op dit stuit in grutskalich ûndersyk útfierd nei de learfoarderingen fan de learlingen yn it Fryske basisûnderwiis. Ferskate ûndersiken nei it ûnderwiisnivo fan de learlingen yn it Fryske basisûnderwiis hawwe nammentlik in opmerklik probleem oan it ljocht brocht. Wêr’t de Fryske learlingen yn groep 4 mei taal en rekkenjen noch op of sels boppe it lanlik gemiddelde prestearje, litte de Fryske learlingen yn groep 7 achterstannen sjen.
Nettsjinsteande it grutte tal ûndersiken dat wiist op in trend fan tanimmende taal- en rekkenachterstannen yn it Fryske basisûnderwiis, is net mei wissichheid te sizzen oft der by deselde learlingen sprake is fan stagnearjende learfoarderingen. Yn de eardere ûndersiken binne de taal- en rekkenachterstannen nammentlik hieltyd fêststeld by ferskillende groepen learlingen yn ferskillende learjierren. Om de fermoedens oer de stagnearjende learfoarderingen fan de learlingen yn it Fryske basisûnderwiis te ferifiearjen, is no in longitudinaal ûndersyk opset. Yn de longitudinale opset wurde de taal- en rekkenprestaasjes fan de learlingen dy’t yn dit skoaljier (2004-2005) yn groep 7 sitte, fergelike mei de taal- en rekkenprestaasjes fan doe’t sy trije jier lyn yn groep 4 sieten (skoaljier 2001-2002).
It ûndersyk is bedoeld om in antwurd te jaan op de fraach oft de learlingen yn it Fryske basisûnderwiis deselde learfoarderingen meitsje as trochstrings yn Nederlân it gefal is. Dêrby wurdt yn it bysûnder omtinken jûn oan de learfoarderingen fan spesifike groepen learlingen, lykas learlingen út ferskillende sosjaal-ekonomyske miljeus, jonges en famkes en learlingen mei in hege fersus lege oanlis.
De earste resultaten fan it ûndersyk wurde ein maart 2006 ferwachte.
De útfiering fan it ûndersyk is yn hannen fan dr. E.C.M. (Bernie) van Ruijven
William Shakespeare (1564-1616)