Kwalitatyf goed ûnderwiis is fan grut belang. Dat jildt foar learlingen en âlders, en seker ek foar skoallen, beliedsmakkers en oerheden. De belangstelling foar goed ûnderwiis nimt hieltyd fierder ta, troch tanimmende en feroarjende easken fanút de maatskippij. Undersyk spilet in belangrike rol by it yn kaart bringen en ferbetterjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis. Undersyk jout skoallen en oerheden ynsjoch yn de stân fan saken en ûndersyk stipet en evaluearret it ûnderwiisbelied.
Ekspertize
By de fakgroep Sosjale Wittenskippen fan de Fryske Akademy wurket in entûsjast en erfaren team fan ûnderwiiskundigen en ûnderwiissosjologen. De ekspertize fan de ûndersyksgroep leit op it gebiet fan taal, ûnderwiisachterstannen en skoalprestaasjes (primêr en fuortset ûnderwiis). Ek wat oare aktuele tema’s oangiet, lykas sosjaal-emosjonele ûntwikkeling en skoalbelibbing, is de nedige kennis en erfaring yn hûs. In romme ekspertize is oanwêzich op it gebiet fan evaluaasje-ûndersyk.
Opdrachten
Ferskate grut- en lytsskalige opdrachten binne yn de ôfrûne tiid útfierd foar útienrinnende opdrachtjouwers. Foar de provinsje Fryslân is in omfangryk ûndersyk dien nei it ûnderwiisnivo fan learlingen yn it basis- en fuortset ûnderwiis en nei de faktoaren dy’t it ûnderwiisnivo ferklearje. Hast de helte fan alle Fryske gemeenten hat de skoalprestaasjes yn de eigen gemeente yn kaart bringe litten en beskikt dêrmei oer in nulmjitting. Oare resinte foarbylden binne in ûndersyk nei de skoalbelibbing yn it VMBO, in evaluaasje fan it lêsbefoarderingsprojekt De Lêspiramide en fan in taalmetoade, in ûndersyk nei it ferwiispersintaazje yn in WSNS gearwurkingsferbân, in ûndersyk nei de relaasje tusken de taalnoarm, lêsbegryp en lêsplesier by basisskoallelearlingen foar Stichting Lezen en in stúdzje nei trijetalich basisûnderwiis yn Europa yn opdracht fan de Europeeske Kommisje.
Eigen kwaliteit yn ûndersyk
De ûnderwiisgroep ken de regionale en nasjonale ûnderwiissituaasje en is goed op ’e hichte fan de nijste ûntwikkelingen yn it ûnderwiisfjild en yn de wittenskiplike wrâld. De ûndersyksfraach wurdt yn oparbeidzjen mei de opdrachtjouwer formulearre, wêrnei’t wy in detaillearre ûndersyksplan en in spesifisearre offerte opstelle. Betrouberheid, effisjinsje en in heldere planning hawwe wy heech yn it findel. Altyd stribje wy nei in heechweardich produkt: in wittenskiplik ferantwurde en foaral ek praktykrjochte, doelmjittige rapportaazje. Mei de Fryske Akademy kieze jo foar eigen kwaliteit yn ûndersyk.
Stúdzjebyienkomsten
De ûnderwiisgroep organisearret geregeldwei stúdzjedagen wêrop’t ûndersyk en nije ûntwikkelingen en (praktyk)ynsichten besprutsen wurde mei it ûnderwiisfjild. De Fryske Akademy hat dêrfoar in eigen kongressintrum, It Aljemint yn Ljouwert. Dêrneist kinne wy op oanfraach in lêzing of workshop fersoargje op jo stúdzjebyienkomsten.
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)