Yn opdracht fan Stichting Lezen deed de Fryske Akademy űndersyk nei it lęsgedrach fan VMBO-learlingen yn Fryslân. Doel fan it űndersyk was om in byld te krijen fan it lęsgedrach fan VMBO-learlingen yn in plattelânsregio en om nei te gean yn hoefier’t dat byld ôfwykt fan it lanlike patroan. Sintraal yn it űndersyk fan 'e Akademy stie it lęsgedrach Nederlânsk fan 'e learlingen, mar it Frysk lęzen waard ek meinommen.
It FA-űndersyk makke diel út fan in rige stúdzjes fan Stichting Lezen nei it lęzen yn it VMBO. Stichting Lezen riedt yn 2004 in boekpublikaasje ta oer it lęzen yn it VMBO en de resultaten fan it űndersyk yn Fryslân sille yn 2005 yn dat boek opnommen wurde.
De útfiering fan it Akademy-projekt wie yn hannen fan dr. Bernadet de Jager
de morgenstond heeft goud in de mond