Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Aldfrysk

Undersyk
De stúdzje fan it Aldfrysk (sa. 1250 - sa. 1550) is fanâlds tige ynterdisiplinêr. It korpus oerlevere Aldfryske teksten bestiet foar it grutste part út rjochtshânskriften. Dêrtroch hat der altyd belangstelling west foar it Aldfrysk fanút de histoaryske taalkunde en fanút de rjochtsskiednis. 
De ynhâldlike stúdzje fan it Aldfryske tekstkorpus wurdt ek no ynterdisiplinêr oanpakt. Mei help fan metoaden en teoryen út de Kognitive Lingwistyk wurde taal-, kultuer- en rjochtssysteem yntegraal ûndersocht. It ûndersykjen fan it metafoaregebrûk yn it Aldfrysk krijt dêrby spesjaal omtinken.

Aldfrysk Online
Yn de Fryske Taaldatabank wurdt in soad fan it ûndersyk nei it Aldfrysk ûnderbrocht. Hjir binne op termyn alle Aldfryske teksten te finen, mei meta-ynformaasje oangeande û.o. wurdbetsjutting (lemma), grammatikale foarmen, tekstzjenres, ensfh. In yntegrearre ûnderdiel fan it wurk oan de Taaldatabank is it meitsjen fan in digitaal wurdboek fan it Aldfrysk.
In part fan de Aldfryske taaldatabank is ta stân kommen yn gearwurking mei it Frysk Ynstitút fan 'e Ryksuniversiteit fan Grins.

Edysjes
Trije wichtige Aldfryske hânskriften wachtsje noch op in moderne útjefte. Dat binne:

1. Kodeks Unia
Kodeks Unia is in Westerlauwersk rjochtshânskrift dat hielendal of foar in part yn 1475 ôfskreaun is troch de ealman Syds Unia. It wie yn de 17e ieu yn it besit fan de lânshistoarjeskriuwer Simon Abbes Gabbema (1628-1688) en is yn dy tiid kopiearre troch de gelearde Frannciscus Junius (1591-1677). Meidat it orizjinele hânskrift sûnt ferdwûn is hawwe we allinne it kopy fan Junius ta ús foldwaan.
Yn de perioade 2009-2011 hat dr. Johanneke Sytsema wurke oan it besoargjen fan de tekst fan kodeks Unia. Dy is no te finen yn de Fryske Taaldatabank. In ferfolchprojekt sil wêze it oersetten fan de Aldfryske tekst yn it Ingelsk. 

2. Druk of Freeska Landriucht
Druk is einlings gjin hânskrift, mar in printe boek, in ynkunabel út likernôch 1485, dêr’t no noch njoggen eksimplaren fan bekend binne. Trije dêrfan lizze op Tresoar en ien is hielendal digitalisearre en te rieplachtsjen: http://schatkamer.tresoar.nl/landriucht/index.html
Der is op de Akademy tusken 2002 en 2004 troch drs. Anne Popkema wurke oan in moderne útjefte fan Druk. Nei de edysje fan Kodeks Unia hat dy fan Druk de heechste prioriteit. Beide ‘hânskriften’ binne ek nei besibbe, en kinne dêrom yn mekoars ferlingde útjûn wurde.

3. Kodeks Roorda
Kodeks Roorda waard om sa likernôch 1500 hinne skreaun. It grutste part fan dit hânskrift bestiet út de tekst Jurisprudentia Frisica, in tekst dêr’t it ynlânske Fryske rjocht mei it gelearde Romeinske en kanonike rjocht yn kombinearre waard. In edysje fan dit hânskrift wurdt ekstra dreech makke troch de Latynske glossen dy’t der yn te finen binne en dy’t lêstich op te lossen binne. Foto’s fan it hânskrift binne te rieplachtsjen op it webstee fan Tresoar.


Kontaktpersoan: Han Nijdam.

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)