Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Dialektwurdboeken

De Fryske Akademy hat in tradysje op it męd fan it meitsjen fan wurdboeken fan it Frysk. Dęrby giet it ornaris om sismar it gewoane Frysk, de fariant dy't men de standerttaal neame kinne soe. Lykwols, dęrnjonken besteane der yn Fryslân ek mear of minder ôfwikende dialekten, en dy binne leksikografysk ek lang net fergetten. Sa binne der yn 'e rin fan 'e jierren wurdboeken of wurdboekjes makke fan 'e tongslaggen fan Skierműntseach, Skylge (east en west) en Hylpen. Fan 'e Frysk-Nederlânske mingdialekten krigen it Amelânsk, it Biltsk en it Ljouwertersk apart omtinken, wylst der fan alle stedsdialekten in ferlykjende wurdlist makke waard. Mienskiplik oan al dy útjeften is lykwols, dat se navenant beheind binne.

Skierműntseagersk
Fan it Skierműntseagersk is yn 2002 in folle wiidweidiger wurdboek útkommen. It doel is no, om fan trije oare dialekten ek noch mei in tsjokkere ferzje te kommen. Net allinne jout dat de romte om mear wurden op te nimmen, mar der kin ek mear omtinken jűn wurde oan bygelyks foarbyldsinnen, idioom en ferwizingen.

Bilts
It wurdboek fan it Biltsk (1996) wurdt op dit stuit oanfolle troch Sytse Buwalda. Hy wurdt begelaat troch Hindrik Sijens.
Kontakt: Hindrik Sijens.

Amelânsk
De auteur fan it wurdboek fan it Amelânsk (1987), Anton Oud, hat flak foar syn ferstjerren yn 2006 noch in folle wiidweidiger manuskript opleverje kinnen. Dat manuskript is troch oare dialektsprekkers besjoen, en dat smiet noch wer wichtige oanfoljende ynformaasje op. Oan it boek sil ek in yndeks Nederlânsk - Amelânsk taheakke wurde.
Kontakt: Siebren Dyk.

Hylpersk
De gearstalder fan it Hylper Wurdboek (1981), Gosse Blom, skriuwt ek noch oan in folle tsjokkere ferzje. Bysűnder oan dat wurdboek is, dat de navenant wiidweidige âldere Hynljipper literatuer ek meinommen wurde sil.
Kontakt: Siebren Dyk.

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)