Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Nederlânsk-Frysk wurdboek

Binnen de Fryske Akademy (FA) en dęrbűten, net yn it lęste plak by dejingen dy’t beropsmjittich (amtlik) Frysk skriuwe, libbet al langer it ferlet fan in nij Nederlânsk-Frysk (N/F) wurdboek. 
In nij N/F wurdboek sil in online wurdboek wurde. De brűker stiet yn ‘e hiele űntwikkelfaze sintraal. Dęrta sil in sa goed mooglik brűkersprofyl opsteld wurde.
As tarieding op it skriuwen fan in nij N/F wurdboek, wurdt  al it by de FA oanwęzige digitale leksikografyske materiaal keppele. Wat noch net digitaal is, wurdt digitalisearre. It keppele materiaal sil de leksikografen in hechte basis jaan foar it nije wurdboek. Der wurdt nei stribbe om it keppele materiaal sadree’t dat kin online te bringen yn in saneamd wurdboekportaal. Op dy manier ha de brűkers, salang’t it nije wurdboek der net is, in oersethelp dy’t  gâns mear biedt as it N/F wurdboek fan 1985.
Yn it wurdboekportaal wurde opnaam:

  • It Nederlânsk-Frysk wurdboek (1985)
  • It Frysk-Nederlânsk wurdboek (1984)
  • It Juridysk wurdboek (2000)
  • Underskate terminologylisten (offisjeel ferkear, itensiederswurden, saakfakken)
  • It Frysk Hânwurdboek  (2008)


Projektútfierders: Piter Boersma, Anne Dykstra, Pieter Duijff, Frits van der Kuip, Hindrik Sijens
Kontaktpersoan: Anne Dykstra.

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond