Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Argeologysk Wurkferbân

Doel fan it Argeologysk Wurkferbân
Doel fan it Argeologysk Wurkferbân (it AWF), is om de amateur-argeologen yn Fryslân byinoar te bringen. 

Troch it organisearjen fan lęzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan de leden oangeande de argeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

Mei al dy aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich űndersyk yn Fryslân te stypjen. Wa't belangstelling hat foar âldheden en de iere skiednis en oan dy leafhawwerij wat mear dwaan wol, kin lid wurde fan it Argeologysk Wurkferbân. De iennichste betingst is dat jo tagelyk ek stiper fan 'e Fryske Akademy wurde.

Aktiviteiten

  • Lęzingen: troch faklju en leden, oer űnderskate űnderwerpen en perioaden: fan Stientiid oant en mei de Midsieuwen.
  • Ekskurzjes: nei museums en argeologyske monuminten, sawol yn as bűten Fryslân.
  • Opgravings: meihelpe by sawol grutte wittenskiplike projekten as by lytsere needopgravings.
  • Kursussen: fral rjochte op 'e praktyk; diggels en fjoerstienark werkenne, fjildferkennings dwaan, mjitte, ynventarisearje, ensafuorthinne.
  • Fynstferwurking: fynsten skjinmeitsje, determinearje, beskriuwe, lymje en konservearje.

Gedrachsregels
De Monumintewet is dúdlik: "Het is verboden graafwerk te verrichten dat ten doel heeft het opsporen of onderzoeken van (oudheidkundige) monumenten". Yn Fryslân hat allinnich de Fakgroep Argeology fan de Ryksuniversiteit Grins it foech ta it dwaan fan opgravings. It Argeologysk Wurkferbân docht syn fjildaktiviteiten net op eigen manneboet, mar altyd yn 'e mande mei dy fakgroep. Der wurdt ek gearwurke mei it Fries Museum en mei de Rijksdienst Oudheidkundig Bodemonderzoek. Foar de leden en harren aktiviteiten yn 't fjild jildt: alle űndersyk neffens de regels fan 'e wet. Dus sels net grave om te sykjen nei âldheden (skatgraverij), en fynsten daliks melde oan 'e offisjele ynstânsjes. Mei 't oanhâlden fan dy gedrachsregels stypje wy as Wurkferbân de Fryske argeology.

Skriuwer fan it Argeologysk Wurkferbân
De hear K.J. Bekkema
Skoallestrjitte 16
9201 GE Drachten

Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma

Stiper wurde

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)