Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Biologysk Wurkferbân

Sjoch foar gearkomsten by
Aginda

Skiednis
Op 15 april 1953 begjinne fiif minsken, ûnder lieding fan M. Wiegersma mei in biologysk wurkferbân binnen de Fryske Akademy.

Fan 17 septimber 1960 ôf krige de floara en fauna fan hiel Fryslân, yn relaasje ta yngrepen yn 't gea en 't behear fan miljeu en natuer fan 't wurkferbân - mei ûnderwilens 25 minsken - in noch breder omtinken. Mar ek is der belangstelling foar de Fryske nammen fan plant en dier en der wurde biografyen fan bekende Fryske biologen oanlein en listen fan publikaasjes oer floara, fauna en geakunde fan Fryslân. Der wurdt ûndersyk opset nei fûgels yn Fryslân en dêrta wurdt in aparte stifting 'Avifauna fan Fryslân' yn 't libben roppen. It ûndersyk smyt trije mânske boekdielen op mei as titel Vogels in Friesland (1976, 1977, 1979).

Nei 1962 ûntstiet in rige fan losse publikaasjes út eigen fermidden, dy't fan 1971 ôf neamd wurdt nei dr. Jacob Botke (1977-1939). Botke hat yn 'e jierren tweintich en tritich as biolooch en geakundige namme makke en foar in breed publyk skreaun oer 'natûr en gea' (6 dielen, 1936-1941). Syn boek 'Fen Fryslâns Groun' ( 1922, 1925, 1942) is ek no noch fan belang. Yn de Botke-rige binne ferskate publikaasjes ferskynd. Dêryn is omtinken foar de stinzeplanten,de wylde floara fan Fryslân en de Fryske plantenammen; foar it wylde wrimelt en dierte en harren Fryske nammen; foar de Fryske túnbou en 't Fryske melkskiep, mar ek foar libbensbeskriuwings lykas fan bekende amateur-biolooch mr. Herman Albarda (1826-1898).

Aktiviteiten
Sûnt 1966 komt 't wurkferbân trijeris jiers gear. Op sokke gearkomsten fertelle faklju oer har ûndersyk en litte sneupers har lêste fynsten sjen. Yn 'e mande mei de Akademy is der op 'e provinsjale bibleteek en yn 'e bibleteek fan 't Frysk Natuermuseum in rom ferskaat oan publikaasjes oer biology. It argyf fan de Stifting Avifauna fan Fryslân is by 't Natuermuseum ûnderbrocht.

It wurkferbân wurket gear en ûnderhâldt kontakten mei besibbe organisaasjes yn en bûten Fryslân. It hat kontakten mei de SOVON, dy't de atlassen útjout fan de bried- en trekfûgels yn Nederlân, der wurdt gearwurke mei de Flinterstifting, mei de Fryske Feriening foar Fjildbiology, It Fryske Gea en mei entomologyske, malakologyske en mykologyske ferienings.

It wurkferbân wol yn de kommende jierren net allinne 't plak foar petear bliuwe foar de eigen leden - goed 130 - mar ek mei guon fan de lanlike ferienings mienskiplike stúdzjedagen hâlde oer alles wat yn Fryslân 'groeit en bloeit en ús altiten wer boeit' (neffens de wurden fan de bekende biolooch dr. Fop I. Brouwer).

Wiidweidige skiednis fan it Biologysk Wurkferbân
diel 1 en diel 2

Skriuwer fan it Biologysk Wurkferbân
dr. G.P. Hekstra

Ferskaat
Oare wurkferbannen en wurkgroepen

Foar ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo kontakt opnimme mei
Gelbrigje Haringsma

Om stiper te wurden
Formulier en ynformaasje

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries