Twadde part
De lęste fyftjin jier
Yn 1985 meitsje Van der Ploeg, Vlieger en Boersma plak foar in nij en jonger bestjoer: Ultsje G. Hosper, foarsitter, Joop Jukema, twadde foarsitter en Johannes Fokkema, skriuwer. Yn 1995 wurdt Gjerrit Hekstra skriuwer. Lykas wenst wurde alle jierren trije gearkomsten hâlden mei wittenskiplike lęzingen en meidielings fan leden. It tal oanwęzigen rint útinoar fan 44 oant 14. Dat wie oanlieding om de leden ris te freegjen nei harren belangstelling. Gjin wűnder dat fűgels en planten der útkypje, mar der is ek in soad niget oan flinters, poddestuollen, moassen, krobben, núnders en oar lyts guod. Der wurde ek foardrachten hâlden oer it belied oangeande miljeu, natoer en romtlike oardering. It binne ommers de jierren fan nasjonale - NMP (miljeu), NBP (natoer) - en provinsjale streekplannen. It binne lykwols ek de jierren fan hieltyd mear profesjoneel fjildbiologysk űndersyk en de opkomst fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology, mei goed 250 leden.
It Biologysk Wurkferbân, sa docht bliken, is in goed moetingsplak foar 'profesjonelen' fan ryks- en provinsjale ferienings en fan leden fan wurkgroepen. En dan is der ek de ploech leararen biology en oan de biology besibbe feedokters en lânboukundigen, dy't út belangstelling lid wurden binne fan it wurkferbân. Mei-inoar binne der no sa'n 130 leden. It stribjen is om alle jierren ien kear mei in grutte feriening of organisaasje in wat grutter sympoasium te hawwen, lykas yn 1996 mei de Universiteit fan Grins en Steats Bosk-behear oer dúndellingen en ekology fan waadfegetaasjes, yn 1997 mei Provinsjale Wettersteat oer it Nannewiid, yn 1998 mei It Fryske Gea oer it ROM-projekt Súdeast-Fryslân en yn 1999 mei it Platfoarm Fryske Natoer oer monitoaring fan natoerwearden en miljeukwaliteit, tagelyk ta gelegenheid fan de 80ste jierdei fan D.T.E. van der Ploeg (Oanbieding fan Natuur in Friesland - 123 gebieden van Staatsbosbeheer ). Ek hat it wurkferbân de grutte organisaasjes foar natoer, gea, kultuer en monuminten yn Fryslân byinoar roppen om mei-inoar noed te stean foar behâld fan it natuerlik en kultuerlik erfskip.
Atlas fan fjildbiology, natoer en gea yn Fryslân
Yn 2003 bestiet it Biologysk Wurdferbân formeel 50 jier, al hat it wolris in skoftke op stjerren nei dea west. Der binne no al plannen om dan in boek út te bringen oer fjildbiology, natoer en gea yn Fryslân. Dat sil it tiidrek beslaan fan nei de űndergong fan de Frjentsjerter Akademy oant de weromkear fan heger űnderwiis yn de foarm fan it Van Hall Instituut, dus likernôch de oardel ieu fan 1845 oant 1995. Fan ryklik 400 persoanen komt der in koarte of wat langere libbensbeskriuwing yn. De tastân fan floara en fauna yn it ferline en notiids wurdt al neffens regio fan Fryslân beskreaun, lykas ek alle organisaasjes dy't mei fjildbiology, natoer, gea en miljeu te krijen hawwe.
Foar de natoerwittenskippen yn Fryslân kin wol sein wurde dat 'God al langer lyn ferdwűn is út Jorwert'. Aldergeloks hawwe oare universiteiten, benammen dy te Grins, Leien en Amsterdam (VU), mar letter ek hieltyd mear Wageningen, Nijmegen, Universiteit fan Amsterdam en Utert, it gat opfolle. Soe it sa węze kinne dat de Fryske Akademy mei it Van Hall Instituut en it Frysk Natoermuseum tenei in wichtiger oanpart hawwe sil yn it fjildbiologysk űndersyk foar it behâld fan natoer en gea yn Fryslân? En sil it omtinken him dan ek fierder lâns de eilannen en it Waad útwreidzje nei East- en Noard-Fryslân? Dat ferget dan bredere organisaasjestruktueren en - wa wit - ek gearwurking yn de Europeeske Uny. Der bestiet al in Europeesk projekt om de feangebieten en de otterbiotopen fan Denemarken oant Fryslân mei-inoar te ferbinen. Foar de miljoenen trekfűgels fan Sibearië nei Afrika en werom spilet it waadgebiet, mei dęryn it Noarderleech as kearngebiet, in oerhearskjende rol. Soe Fryslân dan net neitinke moatte oer mear koördinaasje hjirwei fan al it noardlik guozze- en waadfűgelűndersyk? In stoer de trekfűgel soe al goed wat űndersyksjild betsjutte.
G. Hekstra
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)