Sjoch foar gearkomsten by:
Aginda
Nij op dizze side:
Grêfskriften (wurdt noch oan wurke)
Doel en skiednis:
It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Yn 1946 is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat 't Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it no mear as 500 leden telt.
Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje. Fan de Fryske Rie foar Heraldyk is in aparte folder beskikber.
Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân terjochte by Tresoar (it eardere Ryksargyf), Bûterhoeke 1 te Ljouwert; it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1 te Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân, Brokmui 62 te Dokkum en yn alle gemeentesekretaryen yn Fryslân.
Lidmaatskip:
It lidmaatskip fan it Genealogysk Wurkferbân kostet neat, mar leden fan it wurkferbân moatte stiper wêze fan de Fryske Akademy.
Aktiviteiten:
Publikaasjes:
It wurkferbân riedt de útjefte ta fan:
Undersyk foar tredden
It Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden.
Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan.
De skriuwer fan it Genealogysk Wurkferbân is: drs. Ype Brouwers
drs. Ype Brouwers
Publikaasjes:
Publikaasjes oer Genealogy
Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by:
Gelbrigje Haringsma
Stiper wurde:
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries