Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Kûbaard

Tusken Flie en Lauwers

Kûbaard

  • Ofkoartings en tekens
  • Grêfteksten g1 o/m g26
  • Oargel
  • Tsjerkebanken
  • Roubuorden
  • Teksten yn 'e tsjerke
  • Memoarjestiennen
  • Plattegrûn
  • lieding

Yn 'e wike fan 28 juny 2004 binne de grêfstiennen opnommen troch Meindert Tangerman en Henk Zeinstra fan 'e Wurkgroep Grêfskriften fan it Genealogysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy. Rudie Broersma fan 'e Fryske Rie foar Heraldyk hat derby west foar it opnimmen fan 'e heraldyske bysunderheden. It gie yn earsten om 'e stiennen, dy't nei it weibrekken fan 'e houten flier yn 'e tsjerkeseal foar it ljocht kommen binne. Wat frjemd wie wol, dat yn it koar gjin sarken leinen, mar sa frjemd ek wer net, doe't bekend waard, dat dat koar der earst by in fergrutting fan 'e tsjerke yn 'e 19de ieu oanboud is. It wie doe al lang ferbean om yn tsjerken te begraven, dat dat sil dêr ek net bard wêze. Sa wie allinnich it middenpaad befluorre mei in rige fan 18 moaie âlde stiennen. Meidat se dêr droech leinen, binne se ek goed konservearre en nei't se de earste helte 19de ieu ûnder in houten flier bedobbe wienen, ek net fierder ôfsliten.

Ut it kommentaar fan 'e 19de ieuske genealooch De Haan Hettema op it Burmaniaboek kin ôflaat wurde, dat De Haan Hettema de stien fan Johan Roorda (g11) begjin 19de ieu sels sjoen hat. De stiennen leinen doe dus nochal yn it sicht, mar doe’t skoalmaster B. Posthumus yn 1857 in beskriuwing fan 'e tsjerke joech, wie dat net mear sa. Posthumus hat it nammentlik wol oer in rouboerd yn it (âlde) koar (r1) en twa famyljebanken (b1 en b2), mar mei net ien wurd oer de monumintale grêfstiennen. {Bibleteek Tresoar Hs 1150 13.1} 
Hawwe de measten troch harren âldens al in monumintale wearde, fan dy 18 binne der seis fan foar 1550 mei goatyske râneskriften, rinne de beide Roordasarken (g11 en g14) om de skulptuer yn renêssânsestyl der fier út en binne de twa broazelige sarken fan wite sânstien (g7 en g7a) sa seldsum, dat fan dat soarte hjir yn Fryslân noch net earder guon fûn binne.

Fierders binne ek de twa ferware âlde sarken op it tsjerkhôf, dy't as trep brûkt binne by de bûtendoar oan 'e eastkant fan 'e tsjerke en in tal yn 'e toersflier ynmitsele sarken út 'e 19de en 20ste ieu opnommen. Fierdere bysûnderheden as memoarjestiennen en oanfoljende gegevens út eardere beskriuwings binne ek meinommen.
De nûmering fan 'e sarken komt oerien mei dy fan 'e tekening fan Arsjitektenburo Jelle de Jong fan De Lemmer.
Nei’t de sarken yn 'e tsjerkeseal der allegear úthelle wienen en de grûn dêr útgroeven waard, binne efteryn de tsjerke noch twa heale sarken fûn, dy’t tsjinnen as fûnemint foar de pilaren dêr’t it oargel op rêst. It binne de oare helten fan twa heale sarken, dy’t yn ‘e flier leinen (g4 en g5). Dy binne der ûnderweihelle en yn it atelier fan Anske de Boer yn Frjentsjer wer oaninoar setten. In tal oare sarken hawwe dêr ek hinne west en nei’t flierferwaarming oanlein wie, binne hja op in flier fan beton op itselde plak as foarhinne weromlein, utsein de twa stiennen fan wite sânstien. Yn it sarkeplan is ek foarsjoen yn in plak foar in haadstien, dy’t alearen by de tsjerkedoar, mar letter by partikulieren op it hiem lein hie (g20).

27 septimber 2004 Henk Zeinstra

Bywurke 13 oktober 2004, 23 jannewaris 2005, 8 febrewaris 2005, 27 febrewaris 2005.

Ofkoartings en tekens

b bank¦ ferfolchtekst ûnderbrutsenr rouboerd# ûnwerkenber (fan wapens)m memoarjestien{ } neikommen noaten, efter de tekst ferwurket tekstboerd

Tink derom<:heraldyk binne rjochts en lofts omkeard. It wapen wurdt út 'e drager wei beskreaun.

g1
Ofmg 71,5 x 76,5; haadstien.

Anno 1716 den 15 Majus is />den Heere gerust den Eerbaare
Rinske Gerlofs de Huisfrouw van
Gerrijt Foppes oudt 58 Iaer en[de]
leit alhier begraven

Anno 1721 den 12 december
[is in] den Heere gerust den
Eersaame Gerryt Foppes
oudt in sijn 70 ste Iaar en
grêfsark 2

g3
Ofmjitting 64 x 71,5; keale stien sûnder tekst en/of merktekens> 

<4
Ofmjitting 114 x 105;ik en rjochter boppehoek
Yn 'e hoeken sirkelmedaljons mei wapens.
Râneskrift:

<p..]>[….E]NS RVIERKELES WYFAo 1613 16 DECEMR STERF .DĒ . EERSAMĒ . RIOEDT SAECKL[E....]

Hs
Loftsûnder: dield, rjochts ûnwerkrren], pleatst as peal.
Rjochtsûnderchts [Fryske heale earn], lofts twa [stjerren], pleatst as peal.
Binnen de rânen
Boppe-oan alliânsjewapen ferbûn troch in leafdesknoop.
It manljuswapen: dield, rjochts [Fryske heale earn], lofts twa seispuntige [stjerren], plIt frouljuswapen (rút): ûnwerkenber.<bren>
Ielles Kingma>taco Dovvis Epema te lopens
Anno 1638>gervst den e. taco Dovvis
Epema te lopens ontfangr
in cubaerdt dese leggen
beide hier begraven</bren>

Anno 1723 den [6] November is in den
Heere gerust .... Eersamen Pie[r] Wubes ou[..
o.....] 37 Iaaren en le[i]dt alhier begraven

g5
Ofmjitting 115 x 86/119; tinklik wer brûkte sark; de ûnderste helte mist.
Râneskriften
Bûtenrâne yn Goatysk skrift

Int j5; . M . Vc . d'
X[.]I den XXVII desem[…]
[……]
[….]s Abbe . Z . wijf

Twadde râne

Ao 1601 . DĒ . X . MAY STERF
DĒ EERSAMĒ . TIEPK […]
[…..]
[…] VLLIS . STERF . DĒ . EERSAMĒ

(giet oer yn de tredde râne)

DOWE .TIEPKES .IPMA
OLT .OM . TRENT […]
[…..]
[…] VW .VPKE DR' .DIE HVISFROU . VĀ

(giet oer yn de fjirde râne)

TIEPKE TAEC (oan wjerskanten fan skulptuer) KE[Z]

Op 'e hoeken fjouwerpassen mei evangelistetekens, loftsboppe earn (Johannes), rjochtsboppe ingel (Mattheus).
Binnen de rânen boppe-oan in dield barokwapen oan in tûke mei oan wjerskanten fan it skyld rjochts de letter T en lofts de letter A.
It skyld dield: rjochts de Fryske heale earn, lofts trochsnien yn trijen: boppe twa stjerren neist elkoar, yn 'e midden in wassenaar, ûnder in seispuntige stjer.[i]
Krekt boppen de brek yn it middenstik yn in medaljon twa foarpoaten fan in bist as restant fan in helmteken fan nei alle gedachten it haadwapen dat mist.[ii]
Konklúzje: [Oenema?]

Foto grêfsark 5 en wapenôfbyldings

g6
Ofmjitting 96,5 x 176. Op ‘e sydkante in groevemerk yn 'e foarm fan in pentagram:[iii]
Goatysk râneskrift:

(klaver) Int (figuer) jaer ons
herē (e rint út yn in klaver) xvc (klaver) vii (hert mei pylk) sterf (roas) fokel (leelje) bauke (klaver) vif

(wapenskyld, rjochts in Latynsk krús, lofts trochsnien)

op (nei lofts kearde, steande liuw) sunte
barberē (leelje) dach (ikeblêd) bid (blom op stâle) vor(pylk troch hert) die (blom) zyel (twa blommen) [iv]
De bûtenrâne fan 'e sirkelmedaljons yn 'e fjouwer hoeken is achthoekich útskulpe. Yn 'e medaljons [evangelistetekens].

Foto grêfsark 6 en groeveteken

g7 en g7a binne wite sarken fan broazelige kalksânstien mei fersierings (rozetten?) yn 'e fjouwer hoeken en in Goatysk râneskrift út tinklik de 15de ieu.[2] It lettertype is alteast ferlykber mei it monumintaal skrift út dy tiid. Ruïnes fan letters steane der noch wol op, mar dy binne safierhinne ferware, dat it mar amper slagget der ek letters út te heljen. De letters dy't al ynfold binne, binne mear rekonstruksjes ûnder foarbehâld fan better. De manier, dêr't de foet fan 'e figuer op stien 7a op útslein is, datearret út 'e tiid fan Jakoba van Beieren, begjin 1400.[3] De stien sil dan ek datearje fan nei 1400.

g7
Ofmjitting 46,5 x 173,5. Binnen de râne tsjin de bopperâne oan in blok fan fjouwer letters mei mooglik de namme fan in persoan.[v]

[.....]
[int jaer ons heere mcccc ........]
[.....]
[............(s?)int(e?). (a?)u(g?)u(s?)t........bit d..] [bo...]

g7a
Ofmjitting 46,5 x 173,5; prystersark. It ûnderstik fan 'e figuer yn basreliëf binnen de râne hat de foarm fan in tsjelk, mar kin ek fan in monstrans wêze of in siboarje. It stik boppe de knop is in seishoekich figuer mei útskulpe siden en bewurke rânen.

[.....]
[...................................................]
[.....]
[........ons............................................................]

Foto's grêfsark 7 en 7A

g8
Ofmjitting 86 x 42,5

Ao. 1622 . den . 22 . oktober . sterf . den . Eersaemē . end
Wel . gheleerden . Iohannis . petrus Dienaar . des . God
licken . Woordts . in kubaert . eň . leit hier . Begraeun .
Under de tekst in medaljon mei ûnwerkenber figuer yn basreliëf.

g9
Ofmjitting 79,5 x 42

Anno 1646 den 19 May sterff den
Eerwaerdigen Godsaligen Welgele[..]den Ds . Benedictus Acronius Getrou[w]
dienaer IHESV CHRISTI in sijn Gemee[n..]
tot Cubaerd en Waexens

g10
Ofmjitting 70 x 66

Anno 1667 den 25 October is inden
Heere gerust die Eerbare Ionge dochter
Lieuck Tyssen out in haer 34 iaer ende
leit alhier begraven

g11
Ofmjitting 159 x 270; monumintale renêssânsesark mei Goatysk râneskrift en fersiere haadletters yn 'e styl fan Benedictus Gerbrands.
Groevemerk op 'e sydkant (ferlykje g14):

Binnen de rânen boppe-oan in ferrinnewearre alliânsjewapen mei helm en wrong; it manljuswapen dield: rjochts [Fryske heale earn]; lofts trochsnien, boppe [twa roazen] en in [leelje], pleatst 2 en 1;[vi]
Op it frouljuswapen (rút): in [leelje] yn ‘e skyldhoeken beselskippe fan lytse [leeljes], dêr't de ûnderste twa fan skean nei binnen en de boppeste twa skean nei bûten ta stean.
Helmteken: útkommende ienhoarn.
Konklúzje: Roorda (sûnder baar)-(Tietema de) Hanckema.
{In Hanckema wapen as dit wie net bekend. Wol is der in wapen Tetema of Tetema de Hanckema yn dizze foarm.}
Op 'e râne tusken it boppestik en de kartûs dêrûnder:

[E] c c [L] I . 7

Yn de kartûs

MEMORARE
NOVISSI[MA] [.....]
& IN AETERNVM
NON PE[CC]ABIS [vii]

Râneskrift

Int . jaer . ons . Herē . m . vc . en .
xli . dē . xiiii . januarii . sterf . die . erntvheste . heerscip . Johan Roorda
Int jaer ons Herē . m . vc . xxxix .
dē xvi ap'lis sterf die eerbare Anna Roorda zỹúhuysvrow

Int . jaer . ons . Here . m . vc . en .
xli . de . xiiii . januarii . sterf . die . erntvheste . heerscip . Johan Roorda
Int jaer ons Here . m . vc . xxxix .
dē xvi ap'lis sterf die eerbare Anna Roorda zỹúhuysvrow

Wapens yn 'e hoekmedaljons
Loftsboppe: ûnwerkenber wapen ûnder omkearde helm.
Helmteken: [ienhoarn?].
Rjochtsboppe: ûnwerkenber wapen.
Helmteken: restant fan [ienhoarn].[viii]
Loftsûnder: wapen mei in leelje. It wapen ûnder omkearde helm mei wrong.
Helmteken: in útkommende leelje.
Rjochtsûnder: wapen ûnder helm mei wrong: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts trije figueren, pleatst as peal, de boppeste nei alle gedachten in [roas].
Helmteken: trije fearren.
Konklúzje: ?-#Roorda?-(Tietema de) Hanckema-#Jongema?[ix]

Foto grêfsark 11 en wapenôfbyldings

g12
Ofmjitting111,5 x 208,5; bûsjardearre.
Boppe-oan yn in tekstbalke:

WYTSE ROLLEMA . GERBRICH FEICKES SYN WIF

Dêrûnder in manljus- en frouljuswapen.
Manljuswapen: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts trochsnien troch [twillingbalke], boppe de balke trije klavers, pleatst 2 en 1, ûnder de balke in deadskop.
Frouljuswapen: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts hânmerk (in 4 mei in trochlutsen horizontale en fertikale earm, yn 'e trochlutsen horizontale earm in V, trochsnien fan de earm, de fertikale earm op in tredde fan 'e hichte lofts skoarre fan in skean setten stôk).
Konklúzje: Rollema-Gerbrich Feickes.
Tekst midden boppe:[x]

AИИO 1652 DEИ 30 OCTOBER IS IИDEИ
HEERE GERVST DEИ EERBAREИ GERB=
RICH FEİCKES DoR OUT 68 IAEREИ EИDE
DIE HVISFROUWE VAИ WYTSE RİИИERTS
ROLLEMA EИDE LEIT HİER BEGRAVEИ

Foto grêfsark 12 en wapenôfbyldings

g13
Ofmjitting132 x 235; ferware sark fan laaistien.
Râneskrift:

[…..]
AO 1614 [DĒ] 18 FEBR[….] STERF . DĒ . EDELEN . HER
[… S]EV[…]
[--------…]ROV

Yn 'e hoekmedaljons ferrinnewearre ûnwerkenbere manljus- en frouljuswapens.
Binnen de râne yn in kartûs in ûnwerkenber ferrinnewearre alliânsjewapen ûnder helm mei wrong.
Helmteken: in útkommende ienhoarn.

g14
Ofmjitting 142,5 x 253; monumintale renêssânsesark mei Goatysk râneskrift en fersiere haadletters yn 'e styl fan Benedictus Gerbrands.
Groeve op 'e sydkante (ferlykje g11)
Goatysk râneskrift:

Int . jaer . ons . herē . m . vc .
xlvij . dē . xxvi . maij . sterf . dē . erntvhestē . meist' . Wattie . Roorda . grietmā . hi'
Int . jaer . ons . here . m . vc .
eň . xlvi . dē xxviij . januarii . sterf . die . eerbare . Ansck . v . Botnija . zỹ . wijf .

Fjouwerpassen mei wapens yn 'e hoeken.
Loftsboppe manljuswapen ûnder in omkearde helm mei wrong: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts twa roazen en leelje, pleatst 2 en 1.
Helmteken: omkearde, in uitkommende ienhoarn.
Rjochtsboppe frouljuswapen ûnder helm mei wrong: yn 'e midden in grutte leelje, yn ‘e skyldhoeken beselskippe fan lytse leeljes, de boppeste twa skean nei bûten ta rinnend, de ûnderste twa skean nei binnen ta.
Helmteken: in útkommende leelje.
Loftsûnder manljuswapen ûnder omkearde helm mei wrong: in omkearde, bûgde rjochterearm yn 't harnas mei in swurd yn de hân omheech.
Helmteken: de earm fan it skyld.
Rjochtsûnder frouljuswapen ûnder helm mei wrong: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts trochsnien, boppen in omkearde wassenaar, mei lofts dêrfan twa stjerren ûnder inoar, ûnder trije skulpen, pleatst 2 en 1.
Helmteken: in útkommende ienhoarn.

Konklúzje: Roorda (sûnder baar) – (Tietema de) Hanckema - Botnia - Hottinga (fan Kee).
Binnen de rânen boppe-oan yn in renêssânsepoarte op pilasters in alliânsjewapen ûnder helm mei wrong.
It manljus- en frouljusskyld fêsthâlden troch in manljus- respektivelik frouljusfiguer.
It manljuswapen: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts twa roazen en in leelje, pleatst 2 en 1.
It frouljuswapen (rút): in omkearde, bûgde rjochterearm yn 't harnas, mei in swurd yn de hân omheech.
Helmteken: in útkommende ienhoarn.

Konklúzje: Roorda-Botnia.
Op 'e râne tusken de poarte en in kartûs dêrûnder:

E c c l˜ i . 38

Tekst yn de kartûs:

MEMOR . ESTO . IVDICY .
MEI.SIC . EM.ERIT . & .
TVVM . MIHI. HERI.
. & . TIBI.HODI[E] .[xi]

Foto's grêfsark 14, wapenôfbyldings en groevemerk

g15
Ofmjitting 103,5 x 203; frine; yn in protte stikken brutsen by de natuerlike nerven fan 'e stien lâns. Tekstrânen sûnder tekst.
Hoekmedaljons mei wapens oan in lint.
Loftsboppe: los stik fan de stien mei stik fan in ferrinnewearre wapen.
Rjochtsboppe: wapen mei twa [seispuntige stjerren] en [leelje], pleatst 2 en 1. Op 'e boppeste râne dêrby:

OCKING[H]A.

{It wapen rjochtsboppe liket op Ockinga., mar is net trochsnien. Sa soe it hjir gean kinne om it wapen Sassinga, dat wol oan de beskriuwing foldocht, mar de genealogy wiist út, dat it wol Ockinga wêze moat.}
Loftsûnder: ferrinnewearre ûnwerkenber wapen.
Rjochtsûnder: wapen mei twa [leeljes], pleatst as peal.
Op 'e ûnderste râne dêrby:

HERING[M?]A.

Binnen de rânen yn in kartûs in alliânsjewapen mei helm. It ferrinnewearre manljuswapen: in [ynkoarte en fersmelle andreaskrús], en op it plak, dêr't by Buygers dat krús oan wjerskanten beselskippe wurdt fan in lyts [andreaskrúske], is it wapen ek ferrinnewearre.
It frouljuswapen (rút): twa [stjerren?] en [leelje?], pleatst 2 en 1.
Helmteken: in trijeblêdige kroan mei in útkommende, oansjende frouljusfiguer mei yn de rjochter hân in blom op stâle.
Konklúzje: Buygers-Ockinga? (Sassinga?).
Tekst ûnder de kartûs:

A[.] 1641 DEN I[.] NOVEBER
STERF DEN [.]DELEN
MANHAFTEN [.]r PIETER
VAN BUYGIRS OLT 29 IAERĒ

Foto's grêfsark 15 en wapenôfbyldings

g16
Ofmjitting 174,5 x 286,5
Keale hurdstiennen sark sûnder tekst en/of merktekens.

g17
Ofmjitting 66 x 71,5; haadstien.
Râneskrift:

Ao. 1614 DĒ 15 SEPTEMBER
STERF HİSCKE
VIGLE VĀ BVŸGIRS EŇÑ
ELİSABETH V' OCKINGHA DR.

Hoekmedaljons met wapens oan in lint.
Loftsboppe: ferrinnewearre wapen: op it skyld in [ferkoarte en fersmelle andreaskrús oan wjerskanten beselskippe fan in lyts andreaskrúske].
Rjochtsboppe: dield, rjochts [Fryske heale earn], lofts trochsnien: boppe twa [stjerren] neist inoar, ûnder in [leelje].
Loftsûnder ûnwerkenber dield wapen.
Rjochtsûnder: dield, rjochts [Fryske heale earn], lofts ûnwerkenber.

Konklúzje: Buygers-Ockinga-?-?
Binnen de rânen yn in kartûs in alliânsjewapen ûnder helm.
It manljuswapen: in [ynkoarte en fersmelle andreaskrús] oan wjerskanten beselskippe fan in lyts [andreaskrúske].
It frouljuswapen: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts trochsnien: boppe twa [stjerren] neist inoar, ûnder in [leelje].
Helmteken: in trijeblêdige kroan mei in útkommende, oansjende frouljusfiguer mei wat yn 'e rjochterhân.

Konklúzje: Buygers-Ockinga.
Sark nr. 18 en 19 lizze bûtendoar oan 'e eastkant fan 'e tsjerke. Hja binne brûkt as trep foar de doar yn it (yn 1874?) útwreide koar.[xii] De tekst tusken heakken is oanfolle neffens in hânskrift fan mr. J. Belonje fan Alkmaar út tinklik de jierren tritich fan 'e foarrige ieu. Ferlike mei wat der no noch op te lêzen is binne dizze stiennen sûnt wol hurd efterút gien.[xiii]

g18
Ofmjitting 129,5 x 115.
Boppe-oan op in rigel acht wapenskylden, dêr't allinnich de earste twa fan behakke binne. Wapen 1: dield, rjochts [Fryske heale earn?], lofts trochsnien: boppe in [leelje???], ûnder in [hân mei mansjet om de pols???].
{In Bruinsma wapen dat foldocht oan dizze beskriuwing is net bekend. Wol bekend is in Bruinsma wapen mei rjochts in kliuwende liuw, lofts trochsnien: boppe in leelje en ûnder in roas.}
Wapen 2: dield, rjochts Fryske heale earn, lofts twa [stjerren] ûnder inoar.
Konklúzje: #Bruinsma-Epema.

ANNO 1652 DEN 16 AVGVSTI STERF D? EERB[ARE]
DEVCHTSAME YMCKIEN A. EPEMA HVISVRO[V VAN]
DEN E. SVFFRIDVS BRVYNSMA SECRETARIS [VAN]
HENNAERDERADEEL OLT 34 IAREN

Ao 1655 DEN [6 MARTY IS IN DEN ] HEER[E]
ONTSLAPEN [DE E HEER SUF]FRIDUS BRUYN[SMA]
IN SYN LEVEN SECRETARIUS VAN HENNAARDERA[DEEL]
OUD INT 40 [STE IAER EN LEYT] HIER BEGRAVEN

Ao 1663 DEN [24 OCTOBER IS] IN DEN H[EERE]
ONTSLAPEN DE [IONGE DOCHTER] FROUCK[IEN
BRUYNSMA OUD 18(?) IAREN MIN 6 DAGEN EN LEYT]
HIER [BEGRAVEN]

g19
Ofmjitting 96 x 196,5; útsliten en ferware sark.

Anno 1673 den 5 Julÿ is in den Heere
gerust den E[ersame] Iaakle Hessel[s]
Hobema out int [.]0 Iaer ende leit
alhier begraven

Anno [167. den .. Junÿ is in] den Heere
gerust [de Eerbare [.....][xiv]Harckes Dr
[de huisvrouw van Iaakle Hessels Hobema out int ...... en......]

Yn 'e midden yn basreliëf in medaljon mei alliânsjewapen; beide ûnwerkenbere wapens hingje oan in tûke.
Konklúzje: [#Hobbema-#Antie Siouckes].

g20
Haadstien neffens it hânskrift fan J. Belonje beskreaun as 'tegel voor deur'.
Yn in kartûs in tsiinrigelige tekst, dêr’t de rjochterhelte fan sân rigels fan mist of net te lêzen is.

Ao 1707 den 26 Marty is Godsalichlyck in
den Heere Ontslapen den Eerwaarden
Godzaligen ___ Adrianus
Hasius getrou ______
Christi ______
ontrent 50 ______
Hier rust ______
Dien leeraar ______
sijn siel leeft bij ______
verwachtende ______

Underoan in ûnlêsber útsliten manluswapen ûnder in pearelkroan.
De sarken nr. 21 o/m 26 lizze yn 'e betonflier fan 'e toer.

g21
Ofmjitting 69 x 191

Rustplaats
van
NIENTJE G: ZANDSTRA
echtgenoote van
TJEBBE D. HIEMSTRA
geboren den
7 Januari 1799
overleden den
18 Mei 1872

g22
Ofmjitting 70 x 197,5

RUSTPLAATS
van den
WelEerw Heer
FRANCISCUS
JOHANNES DETHMERS
geboren te Groningen
den 13 Juni 1791
overleden te Cubaard
den 10 December 1871
in leven predikant te
Engelum, Hempens,
Teerns, Cubaard
en Waaxens.

g23
Ofmjitting 70 x 197,5

RUSTPLAATS
VAN
WILLEMKE P. GREIDANUS
overleden te Cubaard
27 Maart 1914
in den ouderdom van 90 jaren
en 7 maanden.
Weduwe van
S. D. V.D. BERG.

g24
Ofmjitting 74 x 188,5

Rustplaats
van
TJEBBE D. HIEMSTRA
echtgenoot van
NIENTJE G: ZANDSTRA
geboren den
10 April 1805
overleden den 14 October 1884

g25
Ofmjitting 70 x 200

RUSTPLAATS
van
Mejufvrouw
SJOERDRIKA
ROORDA
echtgenoote van den
WelEerw heer
F. J. DETHMERS
geboren te Tinallinga
den 28 Maart 1797
overleden te Sneek
den 28 Mei 1862

g26
Ofmjitting 70 x 200

RUSTPLAATS
VAN
S. D. V.D. BERG
echtgenoot van
W. P. GREIDANUS
geb. te Baard 22 Febr. 1819
overl. Te Cubaard 21 Oct. 1910
En hunne kinderen
IJFKE oud 4 maand.
GABE “ 7 maanden.
JELLE “ bijna 1 jaar.
JELLE “ 5 maanden.
GABE “ bijna 10 jaar.
TRIJNTJE 8½ jaar.
JANKE 12 jaar.
TRIJNTJE 19 jaar.
TIJTSKE 5 jaar en 3 maanden.

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan