Grêfsarken yn de Nikolaastsjerke fan Starum
De grêfsarken, dy ‘t yn 2009 bleat kamen by de renovaasje fan de Nikolaastsjerke yn Starum, binne fan 11 oant en mei 14 juny opnaam troch de leden fan de grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, frou Elleke Makkes van der Deyl-Stam fan Goutum en de hearen Henk Zeinstra fan Hurdegaryp, Meindert Tangerman fan Ljouwert en Melle Koopmans fan Gryptsjerk. Ruurdtje Visser-De Groot fan Starum hat ús holpen mei har oantekens en foto’s út 2001 en by it opnimmen fan de sarken. Op 12 juny wie Rudolf Broersma fan de Fryske Rie foar Heraldyk ek ta stipe oanwêzich.
Yn de hal lizze meast lytse sarkjes mei húsmerken en net mear as ien grutte ôfsliten sark fan Binke Binkes. Dizze lêste sarken binne yn novimber út de hal weihelle en bûten dellein, en op 9 desimber noch fotografearre.
Wy hawwe sjoen dat de flier fan de tsjerkeseal yn fiif rigen – yn de beskriuwing A oant en mei E – útsein it ferhege koar folslein mei sarken belein wie. Dy sarken wienen foar de helte alris yn kaart brocht troch amateur-histoarikus Auke Bult, doe’t de flier yn 2001 foar in part bleat kaam. Meindert Tangerman hat in nije plattegrûn tekenene, wêrby’t er dy fan Auke Bult oanfolje koe mei de oare helte.
Foar mear bysûnderheden yn en om de tsjerke fan Starum ferwize wy nei it boek de Geschiedenis van de Nicolaaskerk te Stavoren út 2005 fan G. Eenling.
De heraldyske bydrage fan de hear Broersma omfiemet ek de wapens op it oargel. Foar de beskriuwing wurdt ek ferwize nei syn bydrage yn it Genealogysk Jierboek 2011.
Dêryn ek in artikel fan Jan de Vries, 'Zeventiende-eeuwse Staversen, naar aanleiding van het inventariseren van de grafschriften in de Nicolaaskerk'. Yn dat artikel wurde in stik as sâwn Starumer famyljes beskreaun dy't ek harren spoaren op dy sarken neilitten hawwe.
Foar ynformaasje oer húsmerken wurdt ferwize nei it artikel “Oer merken, hânmerken, húsmerken” fan O. Postma yn “It Beaken”, jiergong 10 (1948), bls. 35-45. En nei “Het raadsel der huismerken” fan H.W.M.J. Kits Nieuwenkamp (Amsterdam, 1955).
Hjerst 2011
Ofkoartings: g = grêfstien, her.= heraldysk, lo = lofts, rjo = rjochts, ôfmjitting = l x b cm.
Ofbyldings
1) foto yngong Nikolaastsjerke Starum.
2) foto flier foar de restauraasje.
3) foto flier nei de restauraasje.
4) plattegrûn sarken yn de tsjerke foar de restauraasje.
Yn de hal.
g1.
Ofmjitting 198 x 193 sm.
Sterk ôfsliten alliânsjewapen ûnder in kroande helm mei helmteken yn rokoko styl.
Helmteken: út in kroan kommend hynder mei in wapen (bile) yn de foarpoat.
Manljuswapen: ûnder fragminten fan in (stappend hynder) (op in grûn?); yn it skyldhaad (her.) rjochtsboppe fragminten fan in draaide heale moanne,[1] en loftsboppe ûndúdlik (nei alle gedachten in bondelbile).[2]
Frouljuswapen: fearne: I. in seispuntige stjer; II. fragminten fan in heale earn út de dielline wei; III. (in omdraaid steand bist; weidzjende ko of hynder ?); IV. in klaver. (Brouwer).
Tekst neffens de beskriuwingen fan A.L. Heerma van Voss en J. Belonje: lo: De Heer secretaris / Binke Binkes / † 16 Jan. 1776 / oud 73 jaar / rjo: Juffrouw Taad Aukes Brouwer.[3]
g 2.
Ofmjitting 48 x 48 sm
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo en rjo de letter I.
g 3.
Ofmjitting 48 x 46 sm.
Tekst: I B.
g 4.
Ofmjitting 44 x 51 sm.
Tekst: gjin, mar wol twa ferskillende húsmerken boppe inoar.
It ûnderste mei lo I en rjo B (of P).
g 5.
Ofmjitting 50 x 53 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo G en rjo H.
g 6.
Ofmjitting 65 x 42 sm.
Tekst: ûnlêsber en in húsmerk.
g 7.
Ofmjitting 47 x 61 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo I en rjo U.
g 8.
Ofmjitting 72 x 52 sm.
Tekst: gjin, mar wol twa fjouwerkanten boppe inoar; lo en rjo neist it boppeste fjouwerkant de letter I en yn de ûnderste in húsmerk; dêrûnder de letters W Y ? ?
g 9.
Ofmjitting 61 x 38 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk.
g 10.
Ofmjitting: 33 x 47 sm.
Tekst:
AN° 1589 DĒ / 19. DECEMBÊ / STERF IACOP / IANS•Z• HIER / BIGRAVEN ~ /
Dêrûnder in wapen mei in húsmerk mei in A foarm, oan wjerskanten beselskippe fan de letter I.
Yn de tsjerke (sjoch plattegrûn)
Rige A, g 1.
Ofmjitting 215 x 130 sm.
Tekst: ûnlêsber en in húsmerk.
Rige A, g 2.
Ofmjitting 168 x 109 sm.
Tekst: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige A g 2-1.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: ûnlêsber.
Rige A, g 2-2.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk.
Rige A, g 3.
Ofmjitting: 197 x 60 sm.
Yn ‘e midden in foar in grut part ôfsliten wapenskyld.
Boppe-oan nei alle gedachten in hûsmerk (in V foarm mei der oerhinne in omdraaide V foarm), beselskippe fan 2 kapitalen. Her. lo is in R werkenber. Wat der (mooglik) yn de ûnderste helte stien hat komt der net mear út.
Tekst:
DEN 10 SEPTEMBER ANNO 1644 / [I]S IN DEN [H]EERE GERVST DIE EER / BARE IEL GARRITS DOCHTER / D[I]E HVISFROU VAN SIMEN REI- / [J]ERS ENDE LEIT HIER BEGRAVE /
Rige A, g 4.
Ofmjitting: 200 x 60 sm.
Tekst:
A° 1724 den 5 September is Crys / telijk in den Heere gerust Dominicus / Vincentius Hempenius in leven / bedienaar des Godlijken w[oords] / tot Waaxens en brantgum out / omtrent 50 Iaaren en leit alhier / begraven / A° 1741 den 6 Iuli is Cristelijk in den / Heere gerust Sipkien Faber Huisfrou / Dominicus Vincentius Hempenius / out 52 Iaer en 3 dagen en leit al hier / begraven /
Dêrûnder in omdraaid wapenskyld, folslein ôfsliten.
Rige A, g 5.
Ofmjitting: 187 x 60 sm.
Tekst: ûnlêsber en in húsmerk.
Rige A, g 6.
Ofmjitting: 190 x 60 sm.
Tekst: ûnlêsber en in húsmerk mei lo de letter W en rjo ûnlêsber.
Rige A, g 7.
Ofmjitting: 190 x 73 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter W en rjo de letter I.
Rige A, g 8.
Ofmjitting: 195 x 62 sm.
Tekst:
ANNO 1641 DEN 13 OCTOBER / IS INDEN HEERE GERVST DIE / EERBARE ENDE DVEGHTSAME / FROV DOV REITTES DOCH / TER DIE HVISFROV VAN SIMEN / [I]ANS MOSTER MAN ENDE SY / LEIT ALHIER BEGRAEVEN /
Rige A, g 9.
Ofmjitting: 205 x 59 sm.
Tekst: in húsmerk mei lo de letter P? en rjo de letter R
Dêrûnder: de letters R F?
A? ?
N A?
Rige A, g 10.
Ofmjitting: 200 x 62 sm.
Tekst: 4 of 5 rigels ûnlêsber en dan de tekst:
An: 1688 den [1?]6 Mart. .. Focke / Hijlckes oude Burgemeester in / stavoren out int 7[5?] Iaer inden / Heere ontslapen/
Dêrûnder de letters: A P F dan in ûnlêsbere tekst en dêrnei:
An: 1681 den ... …..bris is [C?]laes / Fockes.n d… S……. olt / .. 31 Iae. /
Rige A, g 11.
Ofmjitting: 194 x 58 sm.
Tekst:
Anno 1719 den 6 7ber is gesturven / Baukien Binke[s] oudt 51 Jaren ende /
Anno ..2[4?] den 16 8ber de / here G[elti?] Insma ovt 62 / Jaren in leven Burge.. en / Vroetschap tot Stavoren in /
Dêrûnder in rjochthoek mei ferdjippe râne mei ûnlêsbere tekst.
Bûten it tekstblok:
tijden………………….. / …………. /
In folslein ôfsliten alliânsjewapen yn in ovaal kartûs helmteken in útkommend
omdraaid bist (laam / skiep?) Ferlykje it alliânsjewapen mei dat op sark rige B g 5.
Rige A, g 12.
Ofmjitting: 190 x 62 sm.
Tekst: de letters C A [I ?] A mei boppe en ûnder in húsmerk.
Rige A, g 13.
Ofmjitting: 192 x 63 sm
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei dêr trochhinne de letter G, lo fan it húsmerk de letter C en rjo de letter G. Dêrûnder 16 HA 54
Rige A, g 14.
Ofmjitting: 204 x 114,5 sm.
Tekst:
hyer leyt begrauen den ersamen / florys florys zõ scoemaker en / is gesturven int iaer 1530 den 4 iunius /
heyr leyt begrauen de erbaren / vrovve renic aeie dochter eñ / is ge(s?)turven int iaer 1587 / den 2[8] iulii /
Dêrûnder in medaljon mei in ôfsliten wapen, hingjend oan in tûkje mei deselde foarmjouwing as de sarken yn rige A g 16 en g 18.
Dernei de neikommende tekst:
ANNO 1628 DEN 22 MARTY / STERF DEN EERSAMEN AN / NE FLORIS ENDE LEIT HIER / BEGRAVEN /
Rige A, g 15.
Ofmjitting: 185 x 59 sm.
Tekst: 7 rigels likernôch ûnlêsber, dy’t begjint mei:
Anno 16.. ……. …… Septe / ber …………………………….. / …………………………. / ………………………….. [l?l?]inge / ……………………………….../ Ia. ………………… [h]ier beg / raven /
Dan in húsmerk mei lo en rjo de letter B en dêrûnder yn ‘e midden fan de sark in folslein ûnlêsber wapenskyld.
Rige A, g 16.
Ofmjitting: 171 x 98 sm.
Tekst:
hyer leyt begrauen den [ersamen] man iacop [p?]yet.r.?] / .. …..n 1[5]91 den . [mart]ius/
Dêrûnder yn in sirkel in wapenskyld, hingjend oan in tûkje. Op it wapen binne noch fragminten fan in hûsmerk te sjen. Lofts fan it skyld de kapitaal I en rjochts de kapitaal P.
Dêrnei de folgende tekst:
ANNO 1640 DEN 22 IVYLIUS IS / INDEN HEERE GERVST DEN / EERSAMEN MAN IACOB IACOBS / SOON IN SYN LEEVEN BVRGE[M]R / IN STAVEREN ENDE LEYT AL HYER / BEGRAVEN /
Rige A, g 17.
Ofmjitting: 198 x 60 sm.
Loftsboppe in medaljon mei in rozet, rjochtsboppe idem, loftsûnder ôfbrutsen, rjochtsûnder in medaljon mei in leelje.
Tekst: râneskrift:
ANNO 1598 DEN / DEN 5 FEBERVARY IS IN DEN HEERE ………. D’ EERBARE TRYN / AEL ……………. / ……OU VAN D’BVRGEMEYSTER REYNNER AELLERTS [H’?] BEGȒ /
Tekst middenfjild:
ANNO 1663 DĒ 11 EN / IANNVARY IS INDEN / HEERE VERSTORVĒ / DE EERBARE LIEVCK / REINERS DOCHTER / WEDVVE VÃ DOVVE / THOMIS OUDT ONTENT / 68 IARĒ EN LEIDT AL / HIER BEGRAVEN /
Yn in ovaal kartûs in wapen mei helm, helmkleed en helmteken.
Wapen: in werkrúst krús mei dêrûnder 3 roazen, pleatst 2 en 1. (Reijner Allerts)
Helmteken: in útkommende kliuwende liuw.
Itselde wapen komt ek foar op sark rige C g 3 as manljuswapen.
Dêrûnder de folgende tekst:
ANNO 1634 DEN 10 / IVNNY IS INDEN HE / ERE GERVST DEN / EERSAME THOME[S] / DOWES DE SOO[N] / VAN DOWE THOMES / OVT INT 4 DE IAER / EŇ HIER BEGRAVĒ /
Rige A, g 17-1.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: de letters H? D
Opmerking: flierfolling.
Rige A, g 18.
Ofmjitting: 206 x 86 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter I en rjo de letter D.
Rige A, g 19.
Ofmjitting: 187 x 64 sm.
Tekst: gjin.
Rige A, g 20.
Ofmjitting: 150 x 50/54 sm.
Tekst: TRIEN TIERCX D /
Dêrnei in húsmerk mei lo de letter T en rjo de letter W.
Dan tekst:
HIER LEIT BEGRA / VEN DEN EERBA / [R]E R[E?][I?].[V?] TIERCX / ..CHTER STERF / ANNO 1627 /
Rige B, g 1.
Ofmjitting 198 x 61 sm.
Tekst:
.…………………. / …………… EN LEYT / H[IE]R BEGRAVEN /
Dêrnei in húsmerk mei lo de letter G en rjo de letter A.
Rige B, g 2.
Ofmjitting 197 x 68 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter W en rjo de letter T en ûnder de letters M H
Rige B, g 3.
Ofmjitting 197 x 76 sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN (“n” spegelbyld) / DEN [“n” spegelbyld] ERBAREN (“n” spegelbyld) MAN / ALLERT FLORIS STERFT / DEN 4 DESEMBR ANO / 1597 /
Dêrûnder in wapen mei in húsmerk. It skyld tusken de kapitalen A F (Allert Floris)
Rige B, g 4.
Ofmjitting 201 x 59 sm.
Tekst:
Hier zijn begraven / Ana Douwes / wed: / D• Hr Galtie Jans / in leven / Raad deser Stede / Obiit 12 Febr A° 1679 / aetat 75 /
Dêrûnder in alliânsjewapen yn in ovaal kartûs, it kartûs tusken de kapitalen B B:
Manljuswapen: in springende hûn ? / stegerjend hynder ? (Binkes).[4]
Frouljuswapen: dield? (Her.) rjochts fragminten fan in omdraaid kliuwend bist, lofts fragminten fan kruken?[5]
Helmteken: in útkommende kliuwende hûn / hynder (?)
Dêrûnder de neikommende tekst:
Tietien Galties / Huysvrou van de / E?. H. Jacob Binkes / Capt: van ’t Edelm. Coll. / ter Admi.. …………. / …… Amsterdam / Obiit 26 …… / 8 to…….. /
Rige B, g 5.
Ofmjitting 198 x 58,5 sm.
Gjin râneskrift, mar yn de fjouwer hoeken leeftydskoppen: loftsboppe fan in bern, rjochtsboppe in folwoeksene, loftsûnder in âld man en rjochtsûnder in deadsholle.
Yn ‘e romte tusken de twa leeftydskoppen oan ‘e boppekant de letters C [of G] . I. en dêrûnder de letters B . B .
Dêrûnder in tekstblok mei de tekst:
Anno 1669 den 1 Februaryus / is in den heere gerust die Eersame / Reiner Pytters out 76 iaere en 2? / maende ende leit alhier begraven /
Derûnder in ôfsliten alliânsjewapen yn in ovaal kartûs:
Manljuswapen: dield: I. fragminten fan nei alle gedachten de Fryske heale earn; II. in omdraaid kliuwend of springend bist (lyk as it helmteken).
Frouljuswapen: dield ? Her. lofts fragminten fan in hûsmerk (ferlykje sark rige D g 7), it oare ûnwerkenber.
Helmteken: in útkommend omdraaid bist (foks? laam?) (ferlykje sark A11)
Derûnder tekst yn in fjouwerkant mei ferdjippe râne: ûnlêsber.
Rige B, g 6.
Ofmjitting 194 x 102,5 sm.
Tekst:
ANNO • 1631 • DEN • 19 • AVGVSTI I[S] / • INDEN • HEERE • GERVST • DEN / • EERSAMEN • MAN • SIMEN • / SIVERTS • Z • VANDER • SCHELINGH • / ENDE • LEIT • ALHIER • BEGRAVEN • / MET • TWEE • VAN • SJN • KINDEREN • / [A]NNO 1653 DEN 25 MARTI IS IN DEN HEER / [G]ERVSDT DE EERBARE VROU SIBBEL / …KERTS DE NAEGELAETEN WEDOV / [V]AN WIJLEN SYMEN SIEVERTS ENDE LEIT / ..HIER BEGRAVEN /
Rige B, g 7.
Ofmjitting 200 x 62 sm.
Tekst:
A° 1636 DEN [1?]6 MART / STERF DEN EERSAMEN / OTTE RINNERS IN SJN . / LEVEN BVRGEMESTER / IN STAVEREN ENDE / LEIT HIER BEGRAVEN / MET IEDE MARTENS / SYN WYF MET HARE 5 KIENDEREN /
Dan in húsmerk en mei de letters I • T
Rige B, g 8.
Ofmjitting 187 x 72 sm.
Tekst; ûnlêsber en in húsmerk mei it jiertal 16[1?]3.
Rige B, g 9.
Ofmjitting 187 x 87,5 sm.
Tekst:
ANO • 1627 DEN 5 • APRILIS / STERF • DEN • EERSAMEN • MA[N] / • CORNE[LIS] • SIPC[KES] • OVD / BVRGEMEESTER • IN / STAVEREN • EN • LEIT • HIER / • BEGRAVEN • /
Dêrûnder in wapenskyld mei in (tsjerkebanier? of kasufel?), hingjend oan in horizontaal pleatste (pylger?)stêf (stêf mei in krús). It wapen pleatst tusken de kapitalen C en S (Cornelis Sipckes). (It selde wapen as by rige C g 15)
Rige B. g 10.
Ofmjitting 197 x 72,5 sm.
Tekst, gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige B, g 11.
Ofmjitting 204 x 96 sm
Tekst:
ANNO 1642 DEN 10 AVGVS / TVS IS IN DEN HEERE GERVST / DEN EERSAMEN MAN IACOB / GARBRANTS IN SYN LEEVEN / BVRGEMEESTER IN STAVEREN / ENDE LEYT ALHYER BEGRAVEN /
Yn ‘e midden in húsmerk en dêrnei de neikommende tekst:
ANNO 1652 DEN 9 NOVEMBER IS INDĒ / HEERE GERVST DEN EERSAMEN GARB / RANT IACOBS IN SYN LEVEN BVRGEMEES / TER IN STAVERE ENDE LEIT ALHIER BE / GRAVEN /
ANNO 1661 DĒ 19 MEY IS INDĒ HEERE / GERVST DE EERBARE LYEVCK CLA… / DE HVISFROV VÂ DE OLDE BVRGEM….. / [J]ACOB GARBRENS OVT INT 73 IAER .. / LEYT ALHIER BEGRAVĒ /
Derûnder yn in ferdjippe rjochthoek de neikommende tekst:
An° 1686 die ?4? Marty obijt G:phocylides [th]eolo / giae Stud: aon??? eyisdem??? Mense Sepultus …tus 29 / …... num /
Dêr wer ûnder yn in ferdjippe diel de neikommende tekst:
An° 1694 den . 7 bris Iacob Fockes Olt Secre / taris der Stadt Stavoren in den Heere Ontslapē / Olt int 50 Iaer is den 4 dito alhier begraven /
Opnij in ferdjippe diel mei de neikommende tekst:
Anno 1720 den 17 October is overleden den / Eerbaare Duegtryke Fok Fokkes Dogter van de / Burg:Mr Fokke Hilkes ovt int 75 Iaar en leit alhier / begraven /
Rige B, g 12.
Ofmjitting 182 x 117 sm.
Yn ‘e midden in húsmerk mei lo de letter C en rjo de letter A en yn ‘e midden fan it húsmerk de letter G?.
Dan de tekst:
ANNO 16.. DEN …………… S / [I]S IN DE HEERE ………… / EER[BA]RE BELY …………… / … Y …. VROU …………. / [EN] LEYT ALHIER ………… /
Rige B, g 13.
Ofmjitting 201 x 118 sm.
Tekst: râneskrift ûnlêsber.
Dêr liket ek noch te stean: C O C S (of 7 0 0 5).
Rige B, g 14.
Ofmjitting 176 x 58 sm.
Tekst: ûnlêsber, mar wol in húsmerk mei lo de letter P en rjo de letter Z en fierders de letters I en H en V P H en T H.
Rige B, g 15.
Ofmjitting 191 x 63 sm.
Tekst:
HEIR LEIT BEGRAVEN / DEN EERBARE FROV / SIOVCK CORNELIS DĒ / HVISVROU VAN HARMEN / IANS BODDE STERF DĒ / 20 MARTY 1639 /
Rige B, nr. 16.
Ofmjitting 193 x 66 sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN / DEN EERBARE HILTIE / HYLCKES DOCHTER / STERF ANNO 1624 /
Dêrûnder in húsmerk mei lo de letter S en rjo de letter T.
Rige B, g 17.
Ofmjitting 188 x 65 sm.
Tekst:
/…………….teb is in den Heere gerust …. / …………….. olt 40 Iaer ……….. …………….. begra….. /
Rige B, g 18.
Ofmjitting 221 x 125 sm.
Tekst: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige C, g 1.
Ofmjitting 205 x 115 sm.
Tekst râneskrift:
1666 IS GESTURVEN DȆ EERENT= / FESTEN HOOCHGELEERDEN HEERE ONIAS VAN GELDORP IN LEUEN MEEDE GECOMMIJ= / TEERDE TER VERGAEDERINGH .AN .. HO MO / HEEREN STATE GENERAE[L] [D]ER [V]ERE[E]NIGDE NEDER[L]ANDEN EN BURGE[M]R DER [S]TEEDE STAVOREN /
Oan de boppekant yn in ferdjippe rjochthoek in alliânsjewapen, besteande út twa los neist elkoar pleatste skylden.
Manljuswapen: in hert, beselskippe fan 3 roazen, pleatst 2 boppe en 1 ûnder it hert.
Helmteken: in kroan mei in útkommend hert. (Onias van Geldorp)[6]
Frouljuswapen: in beam mei oan wjerskanten in kliuwende foks tsjin de stam. (Jeltie van Jongestal) (fariant fan it wapen yn it Stamboek).[7]
Helmteken: in kroan mei in útkommende kliuwende foks.
Derûnder yn in rjochthoek de neikommende min lêsbere tekst:
…………………….. 1667 IS GESTURVEN / ... B[A]R… ..DE DEUGHTSAME / ................... [V]AN IONGESTALL SYN / ……………… 53 IAREN ENDE / ………………….. [B]EIDE BEGRAVEN /
Rige C, g 2.
Ofmjitting: 205 x 89 sm.
Tekst: ûnlêsber.
Rige C, g 3.
Ofmjitting 213 x 86 sm.
Râneskrift: ûnlêsber. Yn de hoeken medaljons mei de 4 leeftydskoppen.
Tekst:
INT IÆR ONS HEEREN / ANNO 163[9?] DEN 28 DESE / ……… IS IN DE HEERE GERVST DIE / EERBARE REINE CLAESD / DIE HVISFROV VAN IME AL / LERTS LE[I]T HIER BEGRAVĒ /
Yn ’e midden in alliânsjewapen ûnder in helm mei helmkleed en helmteken yn in ovaal kartûs.
Manljuswapen: in werkrúst krús mei derûnder 3 roazen, pleatst 2 en 1. (Ime Allerts)
Frouljuswapen (rút): in lizzende tûke, boppen beselskippe fan 2 seispuntige stjerren neist elkoar, en ûnder fan in (gesichts)heale moanne. (Reine Claesdr)
Helmteken: in útkommende kliuwende liuw.
It manljuswapen ek op de sark rige A g 17 (Reijner Allerts), it frouljuswapen ek op sark rige D g 3 (Reynertje Jans).
Fuort dêrûnder de neikommende tekst:
Anno 1684 den 10 December / in den Heere gerust de Eersame / Allert Ymers olde Burgeme[e]ster / en Volmacht ten landsdag / out int 63 Iaer ende leit hier / begraven /
Rige C, g 4.
Ofmjitting 219 x 85 sm.
Tekst: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige C, g 5.
Ofmjitting 83 x 83 sm.
Tekst: de letters R G
Rige C, g 6.
Ofmjitting 120 x 83 sm.
Râneskrift net lêsber. Yn trije hoeken in hert en in de fjirde hoeke net werkenber.
Tekst:
ANO 1622 DEN / 29 NOVEMBER / IS IN DEN HEERE / [DEN EERSA]MEN / …. …RE …. SCK / PIETERS DE HVYS / ……………………… / ………………… /
Rige C, g 7.
Ofmjitting 52 x 62 sm.
Tekst: A A
hús-
merk
? A
Rige C, g 8.
Ofmjitting 70 x 62 sm.
Tekst, net lêsber.
Rige C, g 9.
Ofmjitting 85 x 62 sm.
Tekst, net lêsber.
Rige C, g 10.
Ofmjitting 198 x 70 sm
Hoekdekoraasje: rjochtsboppe in fjouwerpas. De hoeke loftsboppe beskeadige, dêr’t troch de tekst foar in part ferdwûn is. It oare stik fan de tekst is:
……………… GRAVEN / ……….. AMEN MAN / ……… [A?]ERNS IN SYN / ……N BVRGEMEIS / ..R IN STAVEREN / ..NDE IS GERVST IN / DEN HEERE DEN 4 / APRIL 1623 /
Dêrûnder in húsmerk.
Rige C, g 11.
Ofmjitting 170 x 85 sm.
Tekst:
Anno 1709 den 23 October / is inden Heere gerust de Eer / saeme …ke Hindriks brouw[er] / out 61 Iaer en leit alhier / begraven /
Derûnder yn in ovaal kartûs in wapen mei helm, helmkleed en helmteken.
Wapen: dield: I. in omdraaide kliuwende liuw; II. 3 kruken, pleatst 1 en 2.
Helmteken: in flecht. (Aucke Hindriks Brouwer)
De kliuwende liuw is hjir ôfbyld as in (omdraaide) geande (eigentlik rinnende) liuw, dy ‘t rjochtop setten is; hy rint dus om sa te sizzen tsjin de dielline op.
Dêrûnder tekst:
ANNO 1634 DEN [1?] / MARTY STERF DEN / EERSAMEN FO[L?]… / IARICHS ENDE LE[IT] / HIER BEGRAV[EN] /
Dêrûnder:
Anno 1731 den 2 Iuny is [in] / den Heere gerust de Eersam[en] / Hinderik Aukes Brouwer out / 40 Iaer en leit hier begraven /
Rige C, g 12.
Ofmjitting 202 x 60 sm.
Tekst: T • M • W
I • E • K
A° 1735 den 19 October is gestorven / Aefien Tomas Wiarda out in h[aa]r 29 / Iaar en leidt al hier begraven /
Rige C, g 13.
![]()
Ofmjitting 202 x 60 sm.
Tekst:
INT IAER 1670 DĒ 19 FEBRU / IS INDEN HEERE GERUST / DEN MANHAFTIGHE / CAPITEYN HENDRICK / ADRYAENS OUT 51 IAER / EN LEIT ALHIER BEGRAVĒ /
Dêrûnder in trijemêster (oarlochsskip, galjoen?) mei op de efterspegel in greate fûgel mei in lange sturt (reager?).
Dan de tekst:
DEN •1•AVGVSTVS / IS•OVERLEEDE•ITSCH / SIPKIS•DE•HVYSVROV / VAN• CAPITEYN / HENDRICK•ADRYAENSE / EN•LEYT•HIER•BEGRAVE / A° 1666 /
Rige C, g 14.
Ofmjitting 162 x 81sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN / DEN EER…EN [A?]…….. / FO[C?K?]…… KES……. / TE ……………. / …………………………… /
Dêrûnder in sirkelmedaljon mei deryn dizige kontoeren fan in wapenskyld mei dêrop fragminten fan in húsmerk, it skyld hingjend oan in tûkje.
Rige C, g 15.
Ofmjitting 196 x 62 sm.
Yn de fjouwer hoeken fan de sark in sirkel, mei dêryn deselde ôfbyldings as yn it wapen in ‘e midden fan de sark.
Tekst:
ANNO 1627 DEN / 24 DECEMBER IS / INDEN HEERE GHERVST DEN / EERSAMEN THOMAS SYPKES / BORGEMEISTER DER STAT ST /AVEREN ENDE EEWERT MEINE / RTS DOCHTER DIE HVISFROV / VAN THOMES SYPKES ANNO / 1636 DEN 25 IVLIVS IS INDEN / HEERE GERVST DEN EERSAME / SYMEN THOMAS BORGEMEISTER / DER STEEDE STAVEREN ENDE / LEGEN ALHIER BEGRAVEN /
Dêrûnder in skyld mei deselde ôfbylding as op de hoeken.
Wapen mei in (tsjerkebanier? of kasufel?), hingjend oan in horizontaal pleatste
(pylger?)stêf (stêf mei in krús). (Thomas Sypkes en Symen Thomas)
Sjoch ek rige B g 9.
Rige C, g 16 = rjochter helte, sjoch tekst by rige E g 16 = lofter helte.
Rige C, g 16-2.
Ofmjitting net metten, mar in lytse sark.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter I en rjo de letter A,
dêrûnder de letters I P B A D.
Rige C, g 17.
Ofmjitting 86 x 72 sm.
Tekst:
HIER • LEIT • BEGRAVEN • DEN / EERSAMEN • EN • FROMEN / ALLERT • TOMAS • IN • SYN / LEVEN • BVRGEMEISTER / IN • STAVEREN • IS • IN • DEN / HEERE • GERVST • DEN • 8 / IVLY • ANNODOMINI • 1624 / dirck gales /
Dêrûnder in húsmerk mei lo de letter A en rjo de letter T.
Dit húsmerk fan Allert Tomas komt ek foar op de neistlizzende sark rige C g 18, mar dan as wapenfiguer.
Rige C, g 18.
Ofmjitting 109 x 73 sm.
Tekst:
HIER LEIT ..GRAVEN / DE. .RS….. PE.Z ……. / ..E... INT IAER 16.. / DEN ..... ..VEMBER / .H……….. I [of L] W?VE / 8 [of S] ………. .ALLE.TS DOCH / TER. S….. IAE. / ………………… O…….. / …………………………….. /
Ûnder de tekst yn in sirkelmedaljon in wapen mei in húsmerk, bûten it medaljon lo de letter A en rjo de letter T. (sjoch ek rige C g17)
Rige C, g 19.
Ofmjitting 188 x 65 sm.
Tekst: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige C, g 20.
Ofmjitting 64 x 70 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter G en rjo de letter R.
Rige C, g 21.
Ofmjitting 123 x 58 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk met li de letter F en re de letter R.
Rige C, g 22.
Ofmjitting 71 x 68.
Tekst:
ANNO • 1618 • DEN / 26 • IVLIVS • STERF / DEN • EERBAERE / CORNELIS • IOACH / IMSZ • VAN • AMSTEL / REDAM • OVDT • IN / ZYN • 23e • IAER • EN / LEYT • HIER BEGRAVĒ /
Rige C, g 22-1.
Ofmjitting net metten.
Opmerking: flierfolling mei dêrop net goed lêsber in diel fan in letter of in merk?
Rige C, g 23.
Ofmjitting 110 x 82 sm.
Tekst:
DEN EERBA. ………….. / GARBRANTS DOCHTE. / STARF A° 1602 DE. ………./
A° 1728 den 22 Maert is in den / Heere gerust den Eersame Ever[t] / Hendricks CorF burger hopman / tot Stavoren out in syn 69 Iaer en / leit alhier begraven /
………ST DEN / .RSAMEN CLAES JACOBS ENDE …. / ALHIER BERGRAV.. /
Den ..enden ………….. / …………. is Simpk ……… vrou / van ………………. / Stavoren …………….. / ……………………. graven /
Rige C, g. 24.
Ofmjitting 112 x 57 sm.
Tekst: gjin, mar wol in merk yn in sirkel?
Rige C, g 25.
Ofmjitting 92 x 60 sm.
Tekst:
An° 1691 den 13 Iuly is in / den Heere gerust Aefien / Piebes Wiaerd[a] olt int 16e / Iaar en is den 16 alhier / begraven /
Rige C, g 26.
Ofmjitting 196 x 139 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk? mei lo de letter A en rjo de letter H
Rige D, g 1.
Ofmjitting 195 x 60 sm.
Tekst:
Anno 1728 den 15 April / omtrent 12 ueren is in den / Heere gerust den Eerbaeren/ Taed Harmens in leven de Huis / vrouve van de oude Burgemeester / Piebe Sjoerds Wiaerda oud 82 / Iaer en leit alhier begraven.
Dêrûnder: in húsmerk mei lo in B en rjo in R.
Den 10 Iulij 1732 Stierf / Piebe Sjoerdts Wiaarda in / leven Old Burgemeester der / Stadt Stavoren in het 85ste/ Iaer en Leit alhier begraven.
Rige D, g 2.
Ofmjitting 200 x 60 sm.
Tekst:
DEN 7 AVGVSTI 1667 IS IN DE / HEERE GERUST IAN IACOBS / HAARSMA IN LEVEN SECRE / TARIS TOT STAVOREN EN / LEIT ALHIER BEGRAVEN.
1685 Beyts Frans Fijkema d. 25 / sber gestorven ovt 64 jaar en / leit alhier begraven.
1721 den 31 juli is overleden d / Eerbare duegdRigeke Klasin Feddes / out 63 jaar de vrouw van de Burg mr / I. Haarsma en leit alhier begraven.
Rige D, g 3.
Ofmjitting 200 x 70 sm.
Tekst:
WYBRAND FOCKES COYKER, / BURGERM: DESER STEDE, / EN RAAD TER ADMIRALITEYT / IN ’T COLEGIE TOT AMSTERDAM / OBIIT DEN 8 JUNY 1692 /[8]
Dêrûnder in alliânsjewapen yn in ovaal kartûs.
Manljuswapen: in dwersbalke mei dêrop in draaide heale moanne beselskippe fan twa nei elkoar takearde einen; ûnder de balke 3 klavers neist elkoar. (Wybrand Fockes Coyker) n
Frouljuswapen: in lizzende tûke, boppen beselskippe fan 2 seispuntige stjerren neist elkoar, en
ûnder fan in heale moanne. (Reinertje Jans)[9]
Helmteken: in ein.
Rige D, g 4.
![]()
Ofmjitting 183 x 100 sm.
Nei alle gedachten in wer brûkte sark. De fjouwer hoeken fersierd mei in klaverblêd.
Tekst râneskrift:
A° 1601 DEN 22 MAIJ ONTSLIEP IN / DEN HEERE DE ERWAERDE HOLCKE PIERS IN SYN LEVEN / BVRGEMEISTER IN STAVOREN / A° 1616 DEN 27 IVNY ONTSLIIP IN DEN HEERE DE EERWAERDE VROME / WIGGER GALTIES IN SYN LEVEN BVRGEMEISTER IN STAVEREN IP /
Tekst middenfjild:
WANDELT ALS KINDEREN DES LICHTS / EPHES • 5 – VERS • 8 /
Dêrûnder in dekoraasje yn in rjochthoekich fjild breed 44 sm.
Yn in rûnbôgige nis mei fersieringen yn ‘e styl fan de gotyk twa kandlers mei dêrtusken in mistsjelk mei hosty ? of in pateen mei dêrboppe in hosty??
Ûnder de nis in húsmerk.
Dêrûnder de neikommende tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN / DE EERBARE EN DEVCHT / SAME AELTGEN ANTONY / TRYST INDEN HEERE / ONTSLAPEN DEN 14 / OCTOBERIS 1631/
Rige D, g 5.
![]()
![]()
Ofmjitting 180 x 98 sm.
De sark is mei in streek yn in lofter en in rjochter helte ferdield.
Tekst lofter helte:
ANNO 1629 DEN 27 / IVLY STERF DEN / EERBARE EWERT / WIBRENSDR EN / LEIT HIER BEGRA / VEN /
Rjochter helte in húsmerk mei lo de letter L en rjo de letter P.
Yn de ûnderste helte yn ‘e midden fan de sark in grut (breed 39 sm en heech 63 sm) ôfsliten en gruttendiels ûnwerkenber wapen mei fragminten fan in húsmerk? (2 fertikale linen mei 3? skeane dwersbalkjes), dit figuer rjochts beselskippe fan in letter / sifer? O.
Rjochtsboppe yn it skyldhaad noch fragminten fan (letters I S ??), de oare figueren ûnwerkenber.
Rige D, g 6.
Ofmjitting 198 x 70 sm.
Tekst: mar inkelde letters lêsber, wol in húsmerk mei lo de letter A en rjo de letter R.
Rige D, g 7.
Ofmjitting 205 x 60 sm.
Tekst: R.H.B.
Dêrûnder in wapen yn in ovaal kartûs. Lofts fan it kartûs de kapitaal T en rjochts de B.
Wapen:
Dield: I. in húsmerk; II. de Fryske heale earn kommende út de diellinei.
Helm sûnder helmteken. It wapenskyld tusken de kapitalen E S. (Evert Sibrants).
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN / DEN EERBARE FOCK / SIMENS STERF DEN / 7 APRIEL ANNO 1646 / MET HAREN SOEN / EVERT SIBRANTS /
ANNO 1658 DĒ 24 EN MAIVS IS / IN DĒ HEERE GERUST DĒ / EERSAMĒ MAN SIBBREN / EUERTS IN SIN LEUĒ GE / WEST SCHEPPER EN GET / MAN OVT 49 IAER ENDE / LEIT ALHIER BEGRAVĒ /
1729 de 1 September is in / den Heere gerust Rienk [je?] / Harmens out int 1[5 of 6] / Iaer en leit hier / begraven /
Rige D. g 8.
Ofmjitting 201 x 70 sm.
Tekst:
D. E. HENDRICK • / DOVWES YN LEEVEN / BVRGEMEESTER EN / RENTEMESTER / DEESER STEEDE / STAVOREN IS ANNO / 1654 DEN 24 DESEMBE / GODT SAL GESTVRVEN / EN DEN 27 DITO / AL HIER BEGRAVEN/
Den 22 maert 1686 is in den heere / gerust de Eersame Rienck Hendricks / in leve[n] Regerende Burgemeester in / Stavorē out int 46 Iaer ende leit alhie / naest begraven /
Den 23 julij 1686 in den heere gerus / die Eerbare ……….. in leven we / douwe van Hendrick Douwes out int 70 / Iaer ende leit alhier begravē /
Den 5 FebrvaRige 1682 is inden heere gerust / die Eerbaren Tijedt Hendricks die hui / vrou van Dr Ioannes Hellendoorn / oudt int 35 Iaer ende leidt alhier begravē /
Rige D, g. 9.
Ofmjitting 198 x 58 sm.
Tekst:
160[7?] …………………… / Eerbare Claesien Gerryt / [de ]Ionge en leit hier begrau.. /
Dêrûnder midden op de sark de letters F H
Rige D, g 10.
Ofmjitting 192 x 58 sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN / DEN EER SAMEN / ANDRIES SAECLES / STERF DEN 30 AV / GVSTI ANNO 1620 /
Dêrûnder in húsmerk.
Rige D, g 11.
![]()
![]()
Ofmjitting 200 x 114 sm.
Tekst râneskrift:
…………… OCTOB: …. 16[3 of 5]2 IS / IN DEN HEERE GER…… SECRAT….. / VAN HEEMLVMER OLDEPHA RT / NOORDWOL.. /
Rest tekst ûnlêsber.
Hoekmedaljons: lo en rjo boppe in deadskop en ûnder lo en rjo in húsmerk.
Dêrûnder de letters: P D İ
P B
Rige D, g 12.
Ofmjitting 202 x 114 sm.
Tekst:
Anno 1698 den 18 Septemb: is Hancko Phocilides / meede Advocaet des Hofs van Vrijslandt in den Heere / gerust oudt in syn 69 Iaeren is den 22 dito alhier begraven /
A° 1741 den 19 maart is gestorven / Siuerdt Thomas Wiarda oudt in sijn / 31 Iaaer en leidt al hier begraven /
Rige D, g 13.
Ofmjitting 190 x 140 sm.
Tekst: C : H
Dêrûnder:
Hyer leyt begrauen den erbaren / frou ….. (wierskynlik ye[m?]ck, mar min lêsber) olfert dochter ende / is gesturven int iaer 160[4?] / den 6 iulius /
Dan healweis de neikommende tekst:
A… …………………………… FEBRVARY / STERF DEN EERSAMEN GERRIT / GERRYTS DE [O]VDE EN DE LEIT / [A]LHIER BEGRAVEN / NOCH LEIT HIER BEGRAVEN / HOLCK GERRYTS ENDE GERRIT [G]ERRYTS GLAESMAKER /
HIER LEIT …….. …[E]ERBARE OKYEN IACOBS / DE HUISVROV VAN FLORIS GERRITS IS GESTVRVEN / DEN 26 DECEMBER 1663 /
Rige D, g 14.
Ofmjitting 101 x 71 sm.
Tekst:
RESURRECTIONEM BEATAM / EXSPECTANT / HENDRIK PIETERS BROVWER / BURGEMR DER STEEDE STAVOREN / OBIIT DEN XXII IUNI MDCCXLI / ÆTS LXXXII / EN DESSELFS HUISVROU / ROOTDTIE SIPKES CORF / OBIIT DEN XVI AUGUSTI MDCCL / ÆTS LXXXIV /
Rige D, g 15.
Ofmjitting 132 x 105 sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN DEN EERBAREN / BI[N?C?K?] [I?A?N?S?] DE HVISFROVVE VAN / SIMEN ANDRIES STERF DEN [2?} IVLY / ANNO 1624 /
Rige D, g 16.
![]()
Ôfmjitting 193 x 63 sm.
Tekst:
1636 • DEN 1[5 of 3] • AVG / [V]STY • STERF • DE / EERBÆRE • FR[O]V / AEF • IANS /
Dêrûnder yn ‘e midden fan de sark in foar in diel ôfsliten beskeadige skyld, hingjend mei twa linten oan in ring. Op it skyld in húsmerk mei (her.) rjochts de letter “R” en lofts ûnwerkenber.
Rige D, g 17.
Ofmjitting 212 x 122 sm.
Tekst: ûnlêsber.
Dan in in húsmerk mei lo de letter T en rjo de letter I?
Noch in húsmerk mei li de letter P (J? of A?) en rjo de letter G? (of C? )
Rige E, g 1.
Ofmjitting 200 x 106 sm.
Gjin tekst, allinnich in grut, foar in grut diel ûnwerkenber wapenskyld, mei yn it skyldhaad in jiertal - 1588 ? of in tekst? - en dêrûnder fragminten fan in húsmerk.
Rige E, g 2.
![]()
Ofmjitting 145 x 80 sm
Beskeadige en foar in diel ôfsliten sark mei râne en op de hoeken fjouwerpassen.
Râneskrift ûnlêsber.
Yn ‘e midden in sirkelmedaljon mei in wapenskyld oan in tûkje, tusken de letters VV (= W) en P.
Wapen: dield: I. de Fryske heale earn kommende út de dielline; II. 3 (4?) klavers, pleatst 1, 2 (1?), boppe de boppeste klaver in achtpuntige stjer.
Rige E, g 3.
Ofmjitting 129 x 64 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei dêromhinne lo. in O, boppe in O, rjo. in I, ûnder in W.
Rige E, g. 4:
Nei alle gedachten wer brûkte sark. De foarm fan it skyld tsjut dêr op, want folle âlder as 1733.
Ofmjitting 106 x 60 sm
Wapen (hingjend oan linten): in húsmerk, yn it skyldhaad beselskippe fan de kapitalen A en R; in skyldfoet belein mei in steand bist (skiep?).
Tekst:
F: Garbrants Cuperus/ Aetas [3?]7 obiit den 7 may/ 1733 leit hier begraven/
Rige E, g 5.
Ofmjitting: 198 x 89 sm.
Tekst: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Rige E, g 5-3.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: ûnlêsber
Opmerking: flierfolling.
Rige E, g 6.
Ofmjitting 191 x 61 sm.
Tekst:
Anno 16.9 den 20 Mej is in dē he…/ Gerust dē Eersamē Mā Andris/ Andris oudewaghē de Ionghe/ ende leit alhier begrauē Ao 1652/ dē .. September is in den heere/ Ger[ust] den Eerbarē vrou Ittien/ Andris [O?][b?]o [of a]fter enden leit alhier/ begrauē
Rige E, g 7.
Ofmjitting 202 x 60 sm.
Tekst:
………………….dē 30 April is [in] de/ ……………….. [G]erust den Eerbare/ …………. Wijbrants huisfrou/ … Douwe Leijns dē 8 maij/ gerust haer Dochter Hoi…. / Douwes en Syn hier ..g…. /
Rige E, g 8.
Ofmjitting 202 x 60 sm.
Sirkelmedaljon mei in koer mei bôlen tusken blêd. (of fisken??) Boppe it sirkelmedaljon de letter K en ûnder lo de letter A en rjo de letter H.
Dêrûnder de tekst:
DEN 2 AUGUSTUS/ A° 1694 IS INDEN HEERE/ GERUST DE EERBARE/ SIBBEL HENDRICKSE/ DE HUYS VROUW/ VAN DE BURGEMR/ ADRIAAN HENDRICKS/ KORF EN LEYT/ ALHIR BEGRAVEN/
Rige E, g 9.
Ofmjitting 138 x 112 sm.
Opmerking: ûnderste part fan de sark.
Op dat part midden boppen in ovaal medaljon mei dêryn in wapenskyld mei helm, helmkleed en helmteken.
Wapen dield: I. de Fryske heale earn kommemde út de dielline; II. in monogram, besteande út de kapitalen T G. (Thomes Gerrytsz)
Helmteken: in flecht.
Tekst:
Anno 1655 den 30 September is in dē heere/ Gerust die Eerbare Goyckien Annes dor die/ huysfrouwe van Lyckle Iacobs ende leidt/ Alhier begrauen A° 1656 den 14 Ianeuaryus/ is in den heere Gerust den Eersamen Anne/ Geryts TousLager binnen Stauoren ende leidt/ alhier begrauen.
Râneskrift:
………………. HEERE GERVST DEN EERSAMEN/ THOMES GERRYTSZ/ TOUSLAGER IN LEVE. …….
Lo en rjo ûnder yn de hoekmedaljons in leelje.
Rige E. g 9-1.
Ofmjitting: net metten.
Tekst:
….. DECEMBER 1662 IS…../ GERVST DEN EERSAMEN [K?][I?][E?].. / ANT PIETERS ZOON OVT 17 IAER/ ENDE LEIT HIER BEGRAVEN.
Rige E, g 10.
Ofmjitting: 180 x 56 sm.
Tekst: 1e diel ûnlêsber.
HIER LEIT BEGRAVE/ NEEL HENDRICKX DE/ HVISFROV VAN IEL/ MER IELMERS ZOO/ ENDE STERF 1630.
Rige E, g 11.
Ofmjitting 178 x 59 sm.
Tekst:
HIER LEIT BEGRAVEN/ ALLERT IANS HAS/ SELS ENDE IACOB/ HERINGS ZYN WYF.
ANNO 1629 DEN 29/ SEPTEMBER STERF/ DEN EERBARE RINCK/ WINCKES DOCHTER/ ENDE LEIT HIER BE/GRAVEN MET HAER/ SEVEN KINDEREN.
Rige E, g 11-1.
Ofmjitting: net metten, ca. 60 x 60 sm.
Tekst:
IN SYN LEVEN [BUR]GE/ MESTER IN STAVEREN/ IS IN DEN HEERE GE/ RVST DEN EERSTEN/ FEBRVAR ANNO 1639.
Dêrûnder in húsmerk mei lo de letter G en rjo de letter S.
Rige E, g 12
Ofmjitting 146 x 109 sm.
Tekst:
hyer leyt begrauen/ die ersamen man/ luue albert zoen ende/ is gesturven int iaer/ 1594 den 3 febreuarius
Dêrûnder:
Anno 174[3?] den 10 Augus: is in den Heere gerust/ [vr]ouw Agaete Faber Wed: Wl: de Heere Capita../ Sijmon Binkes oudt 59 Iaar en 7 maanden en ……./ begraven
Rige E, g 12-2.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: de letter E en in húsmerk.
Rige E, g 13.
![]()
Ofmjitting 185 x 91 sm.
Tekst:
hier leit begraeūē reijnner/ sijmensz starf in jaer 1583/ dē 14 dach ianūarijs
Dan in ôfsliten wapenskyld, dêr’t in part fan ûntbrekt, mei in húsmerk, mei in A foarm.
Dêrûnder de letters A · T · H
R · S
Rige E, g 13-1.
Ofmjitting: net metten.
Op de sark 2 húsmerken, boppe elkoar.
Tekst: it boppeste húsmerk mei lo de letter İ en rjo de letter K
En it ûnderste húsmerk mei lo de letter F en rjo A.
Rige E, g 13-2.
Ofmjitting: net metten.
Tekst: de letters T · A · L
F . G
In húsmerk mei lo de letter O en rjo de letter A.
Rige E, g 14.
Ofmjitting 185 x 59 sm.
Tekst:
ANNO 1627 DEN 10 / SEPTEMBER IS IN / DEN HEERE ONTSL / APEN DE EERBARE / HYPCK THOMES DO / CHTER DE HVYSVROU / VAN IPE TIERCKX EŇ / LEYT ALHIER BEGRAV /
Dêrûnder de letters V G
I huismerk T
T I
ANNO 1658 DE 1 MEY IS INDĒ / HEERE GERVST DE EERBĀ / HIS SITTIES DE HVYSVROV / VAN DE BVRGEMȒ EPE TIERCK / BROERSMA OVT 58 IAER EN / DE LEIT ALHIER BEGRAVĒ /
ANNO 1643 DEN 10 AV / GVSTVS IS IN DEN HEE / RE GERVST TIERCK IPES / BROERSMA ENDE LEYT / ALHYER BEGRAVEN
Rige E, g 15.
![]()
Ofmjitting 198 x 55 sm.
Tekst:
IDTS PIETERS BROUWER / OBIIT 9 MAART 1712 / ABELTIE DIRKS GALIS / OBIIT 21 MAY 1726/
A° 1643 den 11 mayus is Ind / e Heere Gerust die Eerb / are Ieltien Siurdts do r die / [w]eedu [v]an den E: Burge / [m]eester Andries An / driesen
Dêrûnder in wapenskyld hingjend aan in tûke, tusken de rigels fan de tekst.
Wapen dield: I. de Fryske heale earn kommende út de dielline; II. trochsnien: a. in ûndúdlike fûgel (goes, swan?), sittend of steand op in heuveltsje (pelikaan op nêst?); b. 2 klavers boppe elkoar.
Het skyld tusken de kapitalen H A.
Dêrûnder tekst mei de earste 2 rigels om it skyld:
ANNO 1669 / DEN 21 MAERT IS / INDE HEERE GERVST D[E] / EERBARE AEF TIARCKS / DE HVISVROUE VĀ HARM / GRETINGA OVDT 53 …. / EN LEIT ALHIER B……… / I P B A? D
A° 1664 … 4? Febreuari is / Inde Heere Gerust den Eers / …n Galtien Tiaerckx zoon / ..S ende ende leit alhier begrave /
Anno 1657 dē 2?6? Ianneuarj is In dē / Heere gerust dē Eerbare Holck / G?alties Dochter wedo va Tiaerd / R?imers out 60 Iaer ende leit hier /
begravē/
Rige E, g 16 = linker helte
Rige C, g 16 = rjochter helte
Ofmjitting E g 16 =152 x 71 sm en C g 16 = 148 x 71 sm, alhiel 300 x 142 sm.
Tekst:
………………IS W… DE……………/ ..D. 16 OC.OBER IS/ .ESTORVĒ GALTIE YANS IN [L?][E?]… / .OEDTSCHAP EN[D?] GROOTSC…PER / .N STAVOREN OV= 41 IAREN ENDE LE.. / HIER BEGRAVEN /
Dan folget in medaljon mei deryn in wapen mei skeankrúste ankers, hingjend ûnder in kroan, mei 2 skyldhâldende omsjende liuwen.
Ûnder it medaljon de neikommende tekst.
.NDE IANNE.IEN DOUWES HUYSVROUW / VAN DOEDE [CLAES?] NU REGEERENDE / BURGEMEE…. …….. STAVOREN IS IN DEN / HEERE GERV.. …… DECEMBRIS ANNO 165[7?] / ENDE BAVKE [J]AN[S] HVYSV[R]OUW VAN / VOLKERT SIMONS MEDE IN DEN HEERE / GERVST DEN 1. OCTOBRIS ANNO 165. /
Rige E, g 17.
Ofmjitting 112 x 67 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter I en rjo de letter W.
Rige E, g 18.
Ofmjitting 80 x 62 sm.
Tekst:
HIER ͦ LEIT ͦ BEGRAVEN / DEN ͦ EERBARE ͦ FROV / FED ͦ PIETERS ͦ DIE / HVIS ͦ FROV ͦ FAN ͦ AG / GHE ͦ SITTIES ͦ IS GE / RVIST ͦ IN ͦ DEN ͦ HEERE / DEN 16 ͦ IANVARIVS ͦ 1619
Dêrûnder in wapenskyld mei in húsmerk tusken de kapitalen A S. (Agghe Sitties)
It skyld pleatst tusken skuonmakkersark, besteande út (her.) rjochts in kroande els en (her.) lofts in mês.
Ferlykje de ôfbylding mei dy op it poartsje oan de Groeneweg te Ljouwert (oarspronklik Schoenmakersperk). Gildeteken. Deselde figueren komme ek foar yn in wapen op in sark yn de Grutte- of Jakobinertsjerke te Ljouwert.
Dan in húsmerk mei lo de letter A en rjo de letter S.
Rige E, g 19.
Ofmjitting 87 x 73 sm.
Tekst: gjin, wol in ôfsliten alliânsjewapen, dêr’t allinnich de rútfoarm fan it frouljuswapen noch fan útkomt.
Rige E, g 20.
Ofmjitting 63 x 54.
Tekst: in húsmerk mei lo de namme FREERCK en rjo de namme BENTIM[P?]
Yn ‘e midden in húsmerk mei lo de letter B en rjo de letter R
Dêrûnder lo de letter R en rjo de letter F.
Opmerking: de húsmerken binne net gelyk.
Rige E, g 21.
Ofmjitting72 x 62 sm.
Tekst:
……………………………… / ………………………. A……../ DEN ….3 [7 of J] [A?][R?]E[V?]. VPO / SEM[O?]……………. DOC / .TER .. TE…………………. AER / …………………………….. [7?] FEB / ………………… [A?]. RIN[T? of I?]S /
Dêrûnder in medaljon mei lo de letter S en rjo de letter I.
Yn it medaljon restanten fan in wapen, hingjend oan in tûke. Rjochts fan it wapen de kapitaal H. De foarmjouwing is deselde as dy op de sarken rige A g14, 16 en 18.
Rige E, g 22.
Ofmjitting 47 x 54 sm.
Tekst: gjin, mar wol in dizich húsmerk.
Rige E, g 23.
Ofmjitting 48 x 55 sm.
Tekst: gjin mar wol in húsmerk.
Rige E, g 24.
Ofmjitting 76 x 98 sm.
Tekst: gjin, mar wol in húsmerk mei lo de letter A en rjo de letter R.
Dêrûnder de letters W P
T İ
Rige E, g 25.
Ofmjitting 56 x 72 sm.
Tekst: gjin
Opmerking: gjin foto.
Rige E, g 26.
Ofmjitting 53 x 60 sm.
Tekst:
P[of Y?]R[of P?]V WI[of E?]RF[of I?] STER / ANNO 1561 / DEN [1?] AVGVSTI / ANNO 1[5?]82 / [S?]TERF RICHT / ALLE Do / A° 1594 STERF [opm. de F staat boven de R] / SI[C?]KE SICKE Zō /
Rige E, g 27.
Ofmjitting 114 x 91 sm
Tekst.: gjin.
Opmerking: gjin foto.
Wapens op it oargel ûnder it haadwurk:
Midden:
dield: I. (yn swart) in (gouden) harp; II trochsnien: a. (yn blau) in (gouden) astrolabium ; b. (yn sulver) in sekstant pleatst oer in Jakobsstêf; in (griene) skyldfoet mei in kompas pleatst op in ferkoarte streek (liniaal), rjochts beselskippe fan in kaartpasser en lofts fan de kapitalen I D,
(alles fan goud). (Ids Doedes)[10]
Lofts: dield: I. de Fryske heale earn kommende út de dielline, fan swart op goud; II. trochsnien: a. (yn blau) in iepene passer, pleatst oer in yn in V foarm pleatste winkelheak, (alles fan goud); b. (yn read) de tekst WIEBE MEYES yn (gouden) kapitalen.[11]
Rjochts: dield: I. de Fryske heale earn kommende út de dielline, fan swart op goud; II. trochsnien: a. (yn blau) in iepene passer, pleatst oer in yn in V foarm pleatste winkelheak, (alles fan goud); b. (yn read) de tekst MEYE WIEBES yn (gouden) kapitalen.[12]
De kleuren binnen tusken ( ) pleatst, omdat it net bekend is oft it de oarspronlike kleuren binne.
[1] In heale moanne mei de punten nei her. rjochts, yn it Nederlânsk “gewend”.
[2] Heerma van Voss tekenet dêr in bondel fan trije krúste wapens op stokken yn ‘e foarm fan in helleburd of bile? Dy figuer (wapen op stok) komt werom yn it helmteken mar dan fêsthâlden troch de poat fan in hynder. J. Belonje tekenet se net, mar set by syn skets de oantekening “fasces” foar in fersiering bûten it wapen, en tekenet as helmteken in figuer dy’t it measte hat fan in antike bile. (Tresoar (Ryksargyf), Kolleksje Grêfskriften, portefeulje Stavoren). Fasces stiet yn de heraldyk foar bondelbile (Pama, s. 199). Op ‘e foto sjogge wy as fersiering ek dúdlik in bondelbile, mar wat der yn it heraldysk wapen stiet bliuwt ûndúdlik. Dochs binne dêr wol inkele kontoeren te sjen fan in bondel en boppe-oan skerpe útsteksels. Op ‘e foto falt op, dat it helmteken krekt lyk as deselde figuer dy’t Belonje tekene hat, in bile dus. Omdat by Heerma van Voss de figuer yn it wapen deselde foarm hat as dy yn it helmteken, moatte wy Belonje wol gelyk jaan. Boppedat heart it begryp bile wol by fasces.
[3] Binke Binkes fan Starum en Taad Aukes Brouwers fan Starum, tr. grifformeard Starum 25 desimber 1730. Hy wie siktaris.
[4] Fariant op it bekende Binkeswapen op it wapenboerd yn Marssum?
[5] It liket wol as op it frouljuswapen her. lofts 3 kruken stien hawwe, pleatst 1 en 2. It wapen liket dêrtroch op it wapen fan Aucke Hindriks Brouwer op serk rige C g 11. It is noch net bekend oft der famyljerelaasjes binne.
[6] Wapen Geldorp(ius): yn sulver in hert beselskippe fan trije roazen, alles read. Geldorp, Onias (geb. Amsterdam), 1641 burgemeester Stv) J.U.Dr. hopman 1661 Oost Minnema espel (Lw); bouwmeester Doelen 1661; overleden 1664 (>1666 vlgs zerk) Boarne: home.wanadoo.nl/m.bourgonjen/QdeBlau/Schutterij.htm; http://home.wanadoo.nl/mpaginae/Advocaten/advostrt.htm. Onias trout mei Jeltie van Jongestal; ûtr./att. 20 augustus 1647/11 september 1647. Boarne: (onder)trouwboeken Leeuwarden.
[7] Wapen Jongestal: yn sulver in plante griene beam, oan wjerskanten beselskippe fan in kliuwende reade foks, de foarpoaten by de stam op.
[8] Wybrant Coycker en Reinou Jansdr te Starum wurde û.o neamd yn 1680. Hy wie ek postmaster. Freonlike meidieling fan Gerard Mast. Hy wurdt ek neamd yn it boek Inventarissen vd Fr Stadhouders fan û.o. A.P van Nienes, s. 582, sub b, “correspondenten”. Sjoch ek: home.wanadoo.nl/m.bourgonjen/Stavoren/SamFaber.htm. Burgemeesters en andere bestuurders van Stavoren (en Sloten). Dêr ek nammen dy’t op oare grêfsarken foarkomme.
8 It frouljuswapen ek op sark rige C g3, wêr’t de tûke dúdliker as tûke te werkennen is.
[10] Ids Doedes, berne Hylpen, doopt 21 des. 1732, ferstoarn Starum 29 juny 1801, soan fan Doede Symons en Rinck Idses, tr. Koudum 3 sept. 1759 Rinske Tomas fan Koudum; 1760 lidmaat op belidenis te Starum, 1 july 1762 beneamd as skoalmaster te Starum (jout ek les yn de stjoermanskeunst), 8 maaie 1765 beneamd as koster, organist en skoalmaster. It is wol wierskynlik dat er hyltiten organist west. Oft it pear bern hie is no noch net bekend. Ek is net dúdlik wêr’t hy begroeven waard. Dat kin wêze yn Starum of Koudum.
[11] Wybe Meijes en syn soan Meije Wybes binne hústimmerlju. De famylje heart ta de “Nederduits Gereformeerde kerk”.
Wybe Meijes, berne Nijesyl om-ende-by 1717, ferstoarn Starum 20 aug. 1788, tr. Heech 20 des. 1739 Attje Douwes. Yn 1749 stiet Wybe Meijes te boek as mr. timmerman te Heech. Yn 1760 komt er fan Warns nei Starum.
[12] Meije Wybes, berne Wolsuem, doopt dêr 23 april 1741, ferstoarn yn 1824, tr. 1) yn 1764 te Starum Antie Feikes, 2) yn 1770 Dieuwer Jans Astulings, 3) yn 1794 Tjitske IJnses. Nei alle gedachten is der in 4de huwelijk mei IJnste Rimmers. Nei it ferstjerren fan syn heit is er earne oars hinnegien. Yn 1811 nimt er te Starum de skaainamme De Boer oan. Yn 1823 is er dêr technysk amtner by Rykswettersteat.
Als men niet kan zeilen moet men laveren