



Foar it flagjen fan legere oerheden, bedriuwen en boargers
Algemien
Foar it brūken fan flaggen fan legere oerheden - provinsje, stźd/gemeente en doarp/wyk - jilde yn prinsipe deselde rjochtlinen as foar it brūken fan de nasjonale trijekleur:
As rjochtline foar it brūken fan hokker flagge by hokker barren, kin it folgjende oanholden wurde:
De oerheden hearre harren dźr yn alle gefallen oan te hālden, sadwaande gjin Fryske flagge of gemeenteflagge op in oerheidsgebou by in nasjonaal barren. It is ek net korrekt om ferieningsflaggen en sa op oerheidsgebouwen te pleatsen (mei śtsūndering fan dy fan it Reade Krśs).
Ferstjerren
By it ferstjerren fan in lid fan it Keninklik Hūs, wurdt troch de Kommissaris fan de Keninginne meastentiids ek oan 'e boargers in fersyk dien om 'e nasjonale flagge healstōk te hingjen. De nasjonale flagge, om't it in nasjonaal barren is. Yn tsjinstelling ta de oerheid, meie boargers dy't gjin Nederlānske flagge hawwe mar dochs harren meilibjen kenber meitsje wolle, ek in Fryske flagge healstōk hingje.
Njonken śs tradysje, dy't dan ek foarskreaun wurdt, om de flagge by rou healstōk te hingen, is it ek passend om in swarte wimpel by de flagge op te hingjen.
De flagge kin dan gewoan yn 'e top hyst wurde. Lykwols jildt dźrby ek wer foar oerheden en ynstellings: by nasjonale rou de Nederlānske flagge! By it ferstjerren fan bygelyks de boargemaster, kin de gemeente of de stźd de gemeente- of stedsflagge healstōk hingje of toaie mei in swarte wimpel.
Meardere flaggen
By it brūken fan meardere flaggen fan ūnderskate oerheden (ryk, provinsje, gemeente/stźd) jildt:
by twa flaggen:
de wichtichste flagge rjochts (eareplak), dat is śt it gebou wei sjoen
by trije flaggen:
de wichtichste yn 'e midden, de ien nei wichtichste rjochts en de minst wichtige lofts dźrfan
by fjouwer of mear flaggen
is de folchoarder fan RJOCHTS nei LOFTS
Provinsjeflaggen
Foar it brūken fan 'e provinsjeflaggen jildt de rangoarder lykas se yn 'e Ridderseal (Steaten-Generaal yn De Haach) hingje:
Se meie lykwols ek op alfabetyske folchoarder fan 'e offisjele namme hongen wurde.
Gemeenteflaggen/stedsflaggen
By eveneminten dźr't alle gemeenteflaggen en stedsflaggen by komme te hingjen, jildt ek de alfabetyske folchoarder fan de offisjele namme, ek wer fan rjochts nei lofts. Foar de stedsflaggenallinne jildt de folgjende protokollźre folchoarder (al sūnt mear as 400 jier):
In śtsūndering foar de stedsflaggen is de pleatsing by de finish fan in alvestźdetocht. Dan komme de flaggen te hingjen yn 'e folchoarder fan 'e rūte.
Wimpels
Foar it tapassen fan wimpels, mei śtsūndering fan 'e oranje wimpel, jilde einliks gjin krekte regels. De oranje wimpel wurdt allinne brūkt by de jierdeis fan leden fan it Keninklik Hūs.
In kombinaasje fan 'e Fryske flagge mei in oranje wimpel is yn prinsipe (allinne foar boargers en op 'e krekte dagen) mooglik, lykas bygelyks de nasjonale flagge mei in stedswimpel. Dat jildt op 'en nij NET foar oerheden.
Dźrnjonken meie wimpels dei en nacht śthongen wurde.
Wat minder bekend is, is it brūken fan in swarte wimpel as teken fan rou. Dy kin op soksoarte mominten oan de flagge, dy't dan yn top bliuwt, tafoege wurde.
Nearne is fźstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.
Barack Obama (1961-)