Sjoch foar gearkomsten by
Aginda
Wurklist 'e earstkommende gearkomste
Noch net bekend
Doel
It Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy hat in lange tradysje op it męd fan it organisearjen fan lęzings en kongressen. Alle jierren wurde ornaris seis lęzingen hâlden, meastentiids foar de helte troch eigen leden foar de oare helte troch sprekkers fân bűten.
In ryk ferskaat oan űnderwerpen komt oan bar: it deiboek fan Bernardus Furmerius, skiedferfalsking yn Bohemen, earmesoarch yn Fryslân yn de nije tiid, de ielhannel op Ingelân, 'Hannekemaaiers' yn Fryslân ensfh.
In grut kongres is yn 1984 organiseare op Stania-state, dęr't in boek, 'Frieslands verleden verkend', út fuortkommen is.
Der wurdt sa út en troch ek in reiske organisearre foar de leden fan it wurkferbân. Okkerjiers binne de leden űnder lieding fan dr. H. Feenstra nei East-Fryslân tein. It leit yn de bedoeling om yn de kommende jierren as wurkferbân mear en mear op te arbeidzjen mei oare histoaryske rűnten yn de provinsje.
It bestjoer fan it Histoarysk Wurkferbân bestiet trochstrings út fiif leden.
It wurkferbân besiket fierders om gear te wurkjen mei de histoarisy fan de Fryske Akademy. Dat hat űnder oaren laat ta in grutte stúdzjedei oer de patriottetiid yn Fryslân, dęr't mear as hűndert lju út it hiele lân oan dielnommen hawwe.
Elke dy't niget hat oan de skiednis is wolkom as lid fan it wurkferbân, mits jo stiper fan de Akademy binne of wurde.
Skriuwer fan it Histoarysk Wurkferbân is
dr. W. Bergsma
Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma
Stiper wurde
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje
de morgenstond heeft goud in de mond