Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Wurkferbân Krite- Lân- Wetterskiednis

Sjoch foar gearkomsten by de
Aginda

Doel
Foar eltsenien dy't niget hat oan de skiednis fan eigen doarp, gea en wettersteat. 

It Wurkferbân foar Pleatslike Skiednis en de Wurkgroep Wettersteatskiednis binne ein 2009 tegearre fierder gien ûnder de namme: Wurkferbân Krite- Lân en Wetterskiednis. Yn Fryslân hat yn brede rûnten altyd in grutte belangstelling bestien foar pleatslike skiednis. Friezen meie net allinne graach lêze oer de skiednis fan eigen doarp, stêd, feriening, femylje ensfh., der is yn Fryslân ek in lange sneuperstradysje.

By dat regionale histoaryske ûndersyk wol it Wurkferbân Krite- Lân- en Wetterskiednis ta help wêze. It rjochtet him op al dyjingen dy't dwaande binne mei de skiednis fan eigen doarp, gea en wettersteat, sneupers likegoed as profesjonele wittenskipsbeoefeners. It wol harren troch it jaan fan saakkundige ynformaasje stimulearje om ûndersyk op priemmen te setten en by de útfiering dêrfan de nedige stipe jaan. It wol fierder in platform en moetingsplak wêze foar eltsenien dy't him taleit op lokaal histoarysk ûndersyk.

Aktiviteiten
It Wurkferbân hâldt geregeld gearkomsten, dêr't ynformaasje útwiksele wurdt oer it rinnend ûndersyk op it mêd fan de pleatslike skiednis. Fierders organisearret it Wurkferbân, somtiden op eigen manneboet, oare kearen yn 'e mande mei oare rûnten, stúdzjedagen dêr't teoretyske en metodologyske tema's oan 'e oarder komme en dêr't ûndersikers harren fynsten en ûnderfinings beprate kinne.

De lêzings op sa'n dei wurde fersoarge fan de eigen leden fan it wurkferbân of fan oare, eksterne saakkundigen.

Sa hat it Wurkferbân stúdzjedagen organisearre oer orale skiednis, argyfgebrûk en oer it brûken fan kadastrale gegevens by it regionaal ûndersyk. It Wurkferbân Krite- Lân- Wetterskiednis hat gauris in mienskiplik programma mei in wurkferbân fan de Akademy, te witten de Lânboukundich Wurkferbân. Sa'n mienskiplik programma kin bestean út in jûn mei in lêzing, in stúdzjedei of in ekskurzje. Der wurdt dan hyltyd foar ûnderwerpen keazen dy't mei alle rûnten te krijen ha.

Periodyk en Rige
By de Fryske Akademy ferskynden oant no ta in soad publikaasjes op it mêd fan de pleatslike skiednis. Likernôch fan elke gemeente en fan in soad doarpen, stêden en flekken is wol in monografy ta stân brocht, dy ferskynden yn ûnderskate rigen.

By de Fryske Akademy wurdt de periodyk Bydragen ta pleatslike skiednis útjûn dêr't regionale skiedkundigen, sneupers likegoed as profesjonele wittenskippers, yn publisearje. Dêr binne op dit stuit fjouwer ôfleverings ferskynd.

Mids jierren tachtich binne de besteande rigen op it mêd fan de pleatslike skiednis gearfoege. Sa bestiet der no by de Akademy de Rige steds-, doarps- en streekskiednissen, dêr't de monografyen oer doarp en gea yn publisearre wurde.

Yn dy rige binne oan no ta 6 boeken ferskynd.

  • Postma, R., Dunegea: de skiednis fan in doarp tusken de marren,1987.
  • Kingma, T., Skiednis fan Bitgum en Bitgummole, (1988).
  • Gildemacher, K.F., L.G. Jansma en H. Spanninga, Haskerlân, 1990.
  • Zijlstra, S. Skiednis fan Eastdongeradiel, 1992.
  • Abma, G., Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde, 1992.
  • Swart, J., In doarp yn 'e Noardeasthoeke. Easternijtsjerk tusken 1740 en 1940, (1995).

Skriuwer
G. Bouma

Mienskiplike gearkomsten mei
Lânboukundich Wurkferbân 

Ferskaat
Oare wurkferbannen en wurkgroepen

Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma

Stiper wurde
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)