
Sjoch foar gearkomsten by
Aginda
Doel
De Fryske Akademy besiket troch stúdzje fan taal, skiednis en űntjouwing fan ferskate maatskiplike fjilden de belangen fan Fryslân te tsjinjen, net allinnich troch te sjen nei it ferline, mar foaral ek de op de takomst rjochte űntwikkelingen te folgjen en mei te stjoeren is har doel.
Minsken dy't no of yn it ferline yn har wurk tige warber binne of west ha binne frege om yn wurkgroepen en wurkferbannen mei te tinken en te arbeidzjen oan in breed maatskiplik draachflak. It bestjoer fan it Lânboukundich Wurkferbân, mei no sa'n 40 leden docht op Jo in berop om ek lid te wurden. Wy tinke dat jo breed meitinke kinne oer de lânbou en de fernijing fan it Fryske plattelân.
De lânbou hat yn it ferline in hiel grut part fan de aktiviteiten op it plattelân útmakke, mar no wenje en wurkje der folle minder minsken yn 'e lânbou en giet it folle mear om it ynfoljen fan de griene romte, mei bewenners dy't dęr wurkje, mar ek wol allinnich noflik wenje wolle of har dęr fertrędzje kinne. Wy beprate de űnderwerpen faak ek tagelyk mei it Wurkferbân foar Pleatslike Skiednis (W.P.S.) en de Wurkgroep Wettersteatsskiednis (W.W.S.) en geane dan yn 'e maitiid meielkoar op ekskurzje. Sadwaande komt der in programma ta stân lykas jo yn it oersjoch fan de twadde helte fan dit jier sjogge. Fansels sille jo net altyd op de gearkomsten komme kinne, mar wy soene wol graach sjen dat jo sa'n trije fan de fiif kearen, dat it Lânboukundich Wurkferbân gearsit, ek komme kinne.
Kosten bringt it lidmaatskip hast net mei. As stiper fan e Fryske Akademy krije jo de útnoegings en ek noch fjouwer kear yn it jier it blęd "Ut de Smidte" fan de Fryske Akademy.
Us giet it derom de wurkgroep oan te foljen mei minsken, dęr't wy fan ferwachtsje dat dy in ynbring leverje kinne.
Skiednis Lânboukundich Wurkferbân
Earste part fan de skiednis fan it Lânboukundich Wurkferbân
Twadde part fan de skiednis fan it Lânboukundich Wurkferbân
Gearkomsten
Wy komme meastal op in sneontemoarn fan 10.00 - 12.00 oere by inoar yn it Aljemint fan de Fryske Akademy tichteby de Aldehou yn Ljouwert (mei kofje derop ta).
Mienskiplike gearkomsten mei
Wurkferbân foar Pleatslike Skiednis
Wurkgroep Wettersteatsskiednis
Film
Film oer de lânbou
Skriuwer fan it Lânboukundich Wurkferbân is
de hear H. Dijkstra
Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma
Stiper wurde
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje
Als men niet kan zeilen moet men laveren