Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Literêr-histoarysk Wurkferbân

Sjoch foar gearkomsten by
Aginda

Wurkgroep Oersettingen
De wurkgroep Oersettingen fan dit wurkferbân hâldt him dwaande mei it stimulearjen fan de produksje fan literêre oersettingen fan frjemde talen nei it Frysk ta en oarsom. Aktiviteiten binne:

  • it meitsjen fan oersettingen
  • it jaan fan advys oer it oersetten, it korrisjearjen, it útjaan en it garjen fan subsydzje
  • it skriuwen fan ynliedingen by oersettingen
  • it organisearjen fan in kultureel barren by de presintaasje fan in oersetting

Ynformaasje oer dizze wurkgroep: Eric Hoekstra, ehoekstra@fryske-akademy.nl, 058 - 2343038.

Doel
It Literêr-histoarysk Wurkferbân

hâldt him sûnt 1951 dwaande mei it bestudearjen fan de Fryske literatuer en literatuerskiednis.

Skiednis
Yn de oarloch al kaam it idee op om mear oan it bestudearjen fan de Fryske literatuer te dwaan. In wurkferbân fan de Fryske Akademy soe dêr in soad goed ta dwaan kinne. It duorre noch oant 1951 dat Ype Poortinga en G.A.G. Meerburg mei it oprjochtingsplan fan it wurkferbân kamen. Neffens harren moast it op te rjochtsjen wurkferbân him benammen dwaande hâlde mei it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften, it gearstallen fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers, stúdzje nei it Oera-Linda-Boek en it stypjen fan studinten.

Anne Wadman wiisde yn 1951 op it belang fan it gearstallen fan bibliografyen fan alle tydskriften en almenakken dy't yn de njoggentjinde ieu ferskynd binne.

Aktiviteiten
It wurkferbân hat him ûnder foarsitterskip fan Poortinga doe rillegau op it gearstallen fan bibliografyen fan dy njoggentjinde-ieuske publikaasjes smiten. De kartoteek dy't troch dat ynventarisearjen ûntstien is, kin op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum rieplachte wurde.

It wurkferbân is fuort nei it oprjochtsjen ek begoan mei it tarieden fan tekstútjeften.

Der waarden kommisjes yn it libben roppen om dy útjeften ta te riden. Dy kommisjes hawwe bygelyks dwaande west mei wurk fan J.C.P. Salverda, H.G. van der Veen en R.B. Windsma.

Neist al dat wurk waarden ek lêzingen organisearre
It organisearjen fan lêzingen oer de Fryske literatuer is op it stuit de wichtichtste aktiviteit fan it wurkferbân. Der binne sa foar en nei al gâns mear as hûndert lêzingen troch in grut ferskaat oan ynlieders fersoarge. Foarhinne lei by de kar fan de ûnderwerpen de klam op de njoggentjinde-ieuske literatuer. Dat is no net mear sa; alle ûnderwerpen út alle tiden kinne oan 'e oarder komme.

It komt foar, dat it wurkferbânbestjoer in rige fan lêzingen organisearret oer in bepaalde skriuwer of in beskaat tema. Sa as yn 1984/1985 oer de Fryske poëzy nei 1945 en yn 1994/1995 oer it libben en wurk fan Anne Wadman.

Ornaris wurde alle winterskoften sa'n fjouwer wurkferbângearkomsten hâlden.

Skriuwer fan it Literêr-histoarysk Wurkferbân
dr. G.Th. Jensma

Ferskaat
Oare wurkferbannen en wurkgroepen

Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma

Stiper wurde
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)