Sjoch foar gearkomsten by
Aginda
Doel
It Taalkundich Wurkferbân wol lju mei niget oan de taalkundige bestudearring fan it Frysk -sneupers likegoed as taallju fan profesje- gearbringe troch it organisearjen fan twa temamiddeis yn in winterskoft, om sa de Fryske taalkunde fuort te sterkjen. Net allinnich it Nijfrysk, mar ek it Ald- en Midfrysk en de oergongen dêrtusken kinne oan 'e oarder komme. Allyksa kinne it East- en Noard-Frysk en de Hollânske dialekten op in Frysk substraat (fan foaral West-Fryslân en Noard-Grinslân) op it aljemint komme. Der wurdt altyd besocht om op de iene middei in dreger en op de oare in better tagonklik tema oan 'e oarder te krijen.
Temamiddeis
De ôfrûne jierren hawwe der temamiddeis west oer syntaksis, etymology, morfology, dialektology, Stedfrysk, de tiidwurdkloft, aspekten fan it Fryske leksikon, de skiednis fan de Fryske taalkunde, syntaksis en it Frysk en syn perifeare dialekten. De measte lêzings ferskine yn tydskriften of yn aparte publikaasjes.
Ynformaasje by
Siebren Dyk (foarsitter) en Willem Visser (skriuwer)
Ynljochtings wurkferbannen en wurkgroepen
Gelbrigje Haringsma
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)