Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Wurkgroep Wettersteatsskiednis

Sjoch foar gearkomsten by
Aginda

Oanrin
Salang't de Friezen as folk besteane, hat harren libben ferbűn west mei de striid tsjin it wetter. Yn 't begjin waard de striid as yndividu fierd, letter mienskiplik. Mei't de kennis fan it wetter tanaam, waarden de oplossings kreativer en grutskaliger. It gie dęrby nei ferrin fan tiid net mear allinne om de striid tsjin de see. De behearsking fan it wetter oan de binnenkant fan de seediken, de rivieren, fearten, marren en, letter, de kanalen, fregen likegoed oanhâldend omtinken. De organisaasje om dy striid tsjin it wetter hinne, rűn lykop mei dy űntjouwings.

En noch altiten is de striid net oer. Doe't yn jannewaris 1995 de grutte rivieren yn it suden en de midden fan ús lân oerstreamden en it derop like dat diken trochbrekke soene, die it bliken dat Fryslân dęr ek om tinke moast. Op guon plakken wiene de boezemdiken net heech genôch en net stevich genôch foar it opkommende wetter. De driging fan it wetter freget oanhâldend omtinken.

Dęrneist binne wegen en kanalen (ferkear en ferfier) ek saken fan wettersteatssoarch en -omtinken.

De skiednis fan it Fryske wettersteatswęzen lit in nijsgjirrich byld sjen fan de striidfeardigens, de kreativiteit, de organisaasjefoarmen, de hichtepunten en teloarstellings yn al har fasetten. Dat is de reden dat it bestjoer fan de Fryske Akademy doetiids in wurkgroep ynstelde, dy't as taak hat om dat rike aspekt fan de skiednis fan Fryslân te űndersykjen, ta te ljochtsjen en de kennis dęroer te fersprieden. De wurkgroep giet troch it libben űnder de namme Wurkgroep Wettersteatsskiednis.

Taak Wurkgroep
Sűnt de oprjochting fiert de wurkgroep syn taak mei fjoer, faasje en entűsjasme út. En om't it om in wittenskiplike wurkgroep giet, binne yn dat ferbân begripen as 'deeglik' en 'trochtocht' likegoed ek op har plak. De wurkgroep set yn alle gefallen hiel wat aktiviteiten op tou, űnder oaren:

  • it sammeljen fan ynformaasje (fia sneupwurk) en persoanlike űnderfinings fan de neist belutsenen;
  • it byinoar bringen fan ark, dat eartiids by it oanlizzen fan diken en űnderhâld brűkt waard;
  • it fersoargjen fan lęzings en publikaasjes;
  • it stypjen fan it útjaan fan publikaasjes;
  • it organisearjen fan ekskurzjes.

Mienskiplike gearkomsten
Dęrnjonken is der gauris in oparbeidzjen fan de Wurkgroep Wettersteatsskiednis mei de Lânboukundich Wurkferbân en it Wurkferbân foar Pleatslike Skiednis fan de Akademy. Soks bart om't der somtiden saken binne mei in mienskiplik aspekt, mei't bygelyks de wetterhúshâlding in wichtich betingst is foar de lânbou en mei't wettersteatsskiednis faak ek wer pleatslike skiednis is.

Skriuwer
Tj. Jongsma

Ferskaat
Oare wurkferbannen en wurkgroepen

Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by
Gelbrigje Haringsma

Stiper wurde
Formulier om stiper te wurden en ynformaasje

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)