De TDB makket tekstmateriaal dat yn it Frysk skreaun is tagonklik. Dizze taaldatabank sil op termyn al it skreaune Frysk fan foar 1800 befetsje en in seleksje fan nijer materiaal. De taaldatabank is bedoeld as ynstrumint foar syngroan en diagroan taalkundich en leksikologysk ûndersyk, mar ek foar filologysk en histoarysk, literatuer-histoarysk, rjochts-histoarysk ûndersyk. Alle teksten yn de taaldatabank wurde ferrike mei ynformaasje, lykas lemmatisearring, ynformaasje oer de teksten, digitale faksimilees, sekundêre literatuer by lemmata, oersettings fan Aldfryske teksten (sa. 1200 - sa. 1550).
Yn 1985 is de taaldatabank begûn as helpmiddel by it Woordenboek der Friese Taal / Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT). Foar attestaasjes fan wurden nei 1950 wie der ferlet fan ekstra tekstmateriaal.
Sûnt likernôch 2000 is de TDB wat langer wat mear in selsstannich ûndersyksynstrumint wurden dêr’t alle fazen fan it Frysk (fan sa. 1200 oant no) yn ûnderbrocht binne. Yn 2009 is in nije arsjitektuer realisearre as prototype. Sûnt is der wurke oan in update fan dat prototype. Yn 2011 is de taaldatabank mei in nije ferzje offisjeel online gongen.
Ynhâld (2011)
De kommende tiid leit de klam op it ferbetterjen fan de lemmatisearring fan de oarkonden, mear boarneynformaasje en útwreiding fan it Aldfryske materiaal, wêrûnder Kodeks Unia.
Kontakt: Han Nijdam
Klik hjir foar de Taaldatabank
“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)