Personal tools
You are here: Home wf Fryske Rie foar Heraldyk Fryske Rie foar Heraldyk
Document Actions

Fryske Rie foar Heraldyk

 
 


Sjoch foar gearkomsten by

Aginda

Nijs

Gouden jubileum



Doel

Lykas de namme al oanjout, is de Fryske Rie foar Heraldyk in kommisje dy't rie jout.

Dy rie leit op it mêd fan wapens fan de provinsje, de gemeenten, de wetterskippen, de wapens fan steden, flekken en doarpen en de besteande famyljewapens.

Boppedat ûntwerpt de Rie wapens, flaggen en wimpels foar û.o. doarpen, famyljes en korporaasjes, lykas skoallen, ferienings ensfh. De Rie advisearret ek oer hjirboppe neamde ynstânsjes


Fierders is de Rie warber op it mêd fan it flagge-protokol, it advisearjen by restauraasjes (heraldyske ôfbyldings), it jaan fan lêzings en heraldyklessen.

Dêrneist fersoargje guon leden publikaasjes oer ferskate heraldyske ûnderwerpen.
Ien en oar moat te krijen hawwe mei de Fryske lannen.


Oprjochting

De Fryske Rie foar Heraldyk is oprjochte yn 1956 en is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy't op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne.

It giet by dizze rûnte dus net om in wurkferbân dat frij tagonklik is.



Aktiviteiten

Yn de ôfrûne jierren hat de Rie ûnder mear dwaande west mei de neikommende saken:
  • it ferbetterjen fan de gemeentewapens fan Skylge (1963) en fan Wymbritseradiel (1975);
  • it gearstallen fan de nije gemeentewapens foar de gemeentelike weryndieling (1984);
  • it gearstallen fan de nije gemeenteflaggen en -wimpels fan de niisneamde gemeenten;
  • it gearstallen fan de wapens, flaggen en wimpels foar de nije wetterskippen (sûnt 1997);
  • it gearstellen fan doarpswapens en flaggen foar de doarpen yn alle gemeenten fan Fryslân (sûnt 1965 al foar sa’n 228 doarpen; oersjoch);
  • it gearstallen en registrearjen fan nije famyljewapens foar famyljes út Fryslân en foar Friezen-om-utens; dy wapens binne publisearre yn ûnderskate Genealogyske Jierboeken;
  • It registrearjen fan wapens, dy’t by tafal weromfûn binne op grêfstiennen, tinkstiennen of by ûndersyk yn argiven.

 
wapenboarnstlyts.jpg
Gemeentewapen
Boarnsterhim


















Wetterskip
Sevenwolden





Brânskildere ruten en roubuorden

Mei rie hat de Rie klearstien by de restauraasje fan objekten lykas de brânskildere ruten fan de Grutte of Jakobinertsjerke te Ljouwert en de roubuorden yn de tsjerken fan Friens, Ysbrechtum en Ingwierrum.



Boppedat hat de Rie û.o. ek advys jûn by

  • it kleurjen fan de lûken en de wapens fan de liuwen op 'e treppen fan de Kânselarij,
  • it kleurjen en it op 'en nij pleatsen fan de gevelstiennen fan it eardere Amelânhûs yn Ljouwert,
  • it kleurjen fan de wapens en de liuwen en de lûken fan de Waach yn Ljouwert,
  • koartlyn by it op 'en nij pleatsen fan ferskate gevelstiennen yn de gemeente Ljouwert.
  • it kleurjen fan wapens op hearebanken en gevelstiennen yn ferskate tsjerken yn Fryslân en
De Rie is op dit stuit dwaande mei tariedings fan in boek oer it ûntstean fan de Fryske oerheidswapens, dat ferskine sil by gelegeheid fan it 50-jierrich bestean fan de Rie yn 2006.













Treppen Kanselarij
[grutte foto]
 

Doarpwapens en -flaggen

Oersjoch fan 'e doarpswapens en -flaggen yn Fryslân

Bibliografyske fynplakken


Leden Fryske Rie foar Heraldyk

Sjoch hjir foar de nammen en adressen fan de oare leden fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

Post en fragen kinne stjoerd wurde nei:

de hear K.J. Bekkema
Skoallestrjitte 16
9201 GE Drachten

Ferskaat

Ynformaasje oer de wurkgroepen en -ferbannen kinne jo opfreegje by

Stiper wurde



Werom nei it begjin


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System