Genealogysk Wurkferbân
Nij op dizze side:Doel en skiednis:It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan
Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan
geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan
de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it
eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks
skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Yn 1946 is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat 't Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it no mear as 500 leden telt. Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen
oanbelangje. Fan de Fryske Rie foar Heraldyk is in aparte folder
beskikber.
Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân terjochte by Tresoar (it eardere Ryksargyf), Bûterhoeke 1 te Ljouwert; it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1 te Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân, Brokmui 62 te Dokkum en yn alle gemeentesekretaryen yn Fryslân. Lidmaatskip:It lidmaatskip fan it Genealogysk Wurkferbân kostet neat, mar leden fan it wurkferbân moatte stiper wêze fan de Fryske Akademy.
Aktiviteiten:
It Genealogysk Wurkferbân organisearret:
Publikaasjes:It wurkferbân riedt de útjefte ta fan:
Undersyk foar treddenIt Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden.
Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan.
De skriuwer fan it Genealogysk Wurkferbân is: drs. Ype Brouwersdrs. Ype BrouwersPublikaasjes:Ynformaasje oer de wurkferbannen kinne jo opfreegje by:Stiper wurde: |