Literêr-histoarysk Wurkferbân
Sjoch foar gearkomsten by
Wurkgroep Oersettingen
De wurkgroep Oersettingen fan dit wurkferbân hâldt him dwaande mei it stimulearjen fan de produksje fan literêre oersettingen fan frjemde talen nei it Frysk ta en oarsom. Aktiviteiten binne:- it meitsjen fan oersettingen
- it jaan fan advys oer it oersetten, it korrisjearjen, it útjaan en it garjen fan subsydzje
- it skriuwen fan ynliedingen by oersettingen
- it organisearjen fan in kultureel barren by de presintaasje fan in oersetting
Doel
It Literêr-histoarysk Wurkferbânhâldt him sûnt 1951 dwaande mei it bestudearjen fan de Fryske literatuer en literatuerskiednis.
Skiednis
Yn de oarloch al kaam it idee op om mear
oan it bestudearjen fan de Fryske literatuer te dwaan. In
wurkferbân fan de Fryske Akademy soe dêr in soad goed ta dwaan
kinne. It duorre noch oant 1951 dat Ype Poortinga en G.A.G.
Meerburg mei it oprjochtingsplan fan it wurkferbân kamen. Neffens
harren moast it op te rjochtsjen wurkferbân him benammen dwaande
hâlde mei it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften, it gearstallen
fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers, stúdzje nei it
Oera-Linda-Boek en it stypjen fan studinten.
Anne Wadman wiisde yn 1951 op it belang fan it gearstallen fan bibliografyen fan alle tydskriften en almenakken dy't yn de njoggentjinde ieu ferskynd binne.
Anne Wadman wiisde yn 1951 op it belang fan it gearstallen fan bibliografyen fan alle tydskriften en almenakken dy't yn de njoggentjinde ieu ferskynd binne.
Aktiviteiten
It wurkferbân hat him ûnder
foarsitterskip fan Poortinga doe rillegau op it gearstallen fan
bibliografyen fan dy njoggentjinde-ieuske publikaasjes smiten. De
kartoteek dy't troch dat ynventarisearjen ûntstien is, kin op it
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum rieplachte
wurde.
It wurkferbân is fuort nei it oprjochtsjen ek begoan mei it tarieden fan tekstútjeften.
Der waarden kommisjes yn it libben roppen om dy útjeften ta te riden. Dy kommisjes hawwe bygelyks dwaande west mei wurk fan J.C.P. Salverda, H.G. van der Veen en R.B. Windsma.

Neist al dat wurk waarden ek lêzingen organisearre
It organisearjen fan
lêzingen oer de Fryske literatuer is op it stuit de
wichtichtste aktiviteit fan it wurkferbân. Der binne sa foar en nei
al gâns mear as hûndert lêzingen troch in grut ferskaat oan
ynlieders fersoarge. Foarhinne lei by de kar fan de ûnderwerpen de
klam op de njoggentjinde-ieuske literatuer. Dat is no net mear sa;
alle ûnderwerpen út alle tiden kinne oan 'e oarder komme.
It komt foar, dat it wurkferbânbestjoer in rige fan lêzingen organisearret oer in bepaalde skriuwer of in beskaat tema. Sa as yn 1984/1985 oer de Fryske poëzy nei 1945 en yn 1994/1995 oer it libben en wurk fan Anne Wadman.
Ornaris wurde alle winterskoften sa'n fjouwer wurkferbângearkomsten hâlden.