Skip to main content

Nijsberjochten

maa

21

Ferstiesto it Frysk (in bytsje), dan kinst meidwaan oan ús ûndersyk nei taalaksinten!

Mear lêze

maa

17

Sa’n 750 bern fan 38 skoallen hawwe meidien oan de foarseleksje. 50 fan harren meie meidwaan oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee op 4 april.

Mear lêze

maa

13

De Fryske Akademy ferwolkommet ynternasjonale wittenskippers dy't ferbûn binne oan it Europeeske projekt Silver and the Origins of the Viking Age.

Mear lêze

maa

08

De Fryske Akademy wurket oan in wittenskiplike online-grammatika fan it Sealterfrysk en presintearre de fuortgong oan de Oldenburgische Landschaft.

Mear lêze

maa

06

De ynstjoertermyn foar it foardragen fan nije leden foar 2023 is ferlinge oant en mei freed 31 maart.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten.

Eveneminten

maa

16

Mercator (Fryske Akademy), it Endangered Languages Archive (DE) en CIDLeS (PT) nûgje jo fan herten út foar dizze ynternasjonale konferinsje oer...

Mear lêze

maa

29

In trijedaags ynternasjonaal kongres yn de Fryske Akademy, organisearre troch it Europeeske projekt Silver and the Origins of the Viking Age.

Mear lêze

apr

04

40 bern kinne yn de Steateseal fan de provinsje Fryslân wer meidwaan oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Mear ynformaasje folget.

Mear lêze

apr

08

Elkenien is fan herte wolkom, de tagong is fergees.

Mear lêze

apr

11

De ledegearkomsten fan it Argeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy binne fergees tagonklik; lêzingen binne in fêst ûnderdiel.

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Segel Fryske Akademy

Fryske Akademy

Wy binne in akademysk ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus, bewoartele yn de Fryske maatskippij en operearjend yn de ynternasjonale wittenskiplike wrâld

Wy meitsje it Frysktalich en histoarysk erfguod tagonklik foar wittenskip, ûnderwiis en maatskippij en ûntwikkelje digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.

 

Projekten


Frysker: Help by it Frysk skriuwen

Frysker.nl is in site mei helpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol, lykas in oersetter, staveringshifkers en wurdboeken. De earste 30.000 wurden fan it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek steane ek op Frysker.

Mear lêze


Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Mear lêze


Historisch Geografisch Informatiesysteem

Yn it âldste kadaster (1832) binne op HisGIS.nl 3 miljoen perselen krekt yn kaart brocht. Dêrop slute kaartlagen oan - fan loftfoto's oant iermoderne lânmetersopnamen - dy't mei-inoar te kombinearjen binne.

Mear lêze


Mear oer ús ûndersykstema's

 

Undersyksoutput


Taaldatabank Frisian.eu

In webside mei in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas data, tools en tsjinsten. Datasets kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

Mear lêze


Fryske Agri & Foodscan

It doel fan de Fryske Agri & Foodscan wie om betroubere sifers en analyzes te bieden, kânsen en bedrigings foar de Agri & Food sektor te identifisearjen en metoades foar regionaal ûndersyk te ûntwikkeljen.

Mear lêze


Taalportaal

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika.

Mear lêze­


Mear oer ús ûndersyksoutput

Leden en stipers fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Lês mear oer leden en lidmaatskip

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke. Lês mear oer it stiperskip

 

Subsidiïnten