Skip to main content

Nijsberjochten

maa

27

De workshop 'Coastal wilderness and cultural landscape?', dizze wike op Skylge, wol it ûndersyk nei wyldernis en kultuer tichter byinoar bringe.

Mear lêze

maa

15

De Posthumus Konferinsje 2024 wurdt op 23 en 24 maaie yn Ljouwert holden. Diskear wurdt de konferinsje mei-organisearre troch de Fryske Akademy.

Mear lêze

maa

05

Waar- & klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt de tekst foar it Grut Frysk Diktee. Kwalifisearje foar de finale kin fan 5-31 maart.

 

Mear lêze

maa

04

It wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge wurdt op tongersdeitemiddei 14 maart op it eilân presintearre.

Mear lêze

feb

20

De útstjoering fan Het verhaal van Nederland Oranje Nassau docht op woansdei 21 febrewaris Fryslân oan: it is te sjen op NPO1, om 20.34 oere.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten.

Eveneminten

maa

26

Trijedaagse workshop oer kust- en tijgebieten as multydissiplinêr ûndersyksûnderwerp, mooglik makke troch in KNAW Early Career Partnership.

Mear lêze

apr

06

Organisearre troch it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, yn 'e mande mei NGV Afdeling Friesland, Stichting FAF, Historisch Centrum...

Mear lêze

apr

10

In delegaasje fan it Serbski institut/Sorbian Institute út Bautzen (DE) komt op wurkbesite by de Fryske Akademy en it Mercator Kennissintrum.

Mear lêze

apr

11

It OWL+ Team sil yn Portugal de earste ferzjes fan de projekttools diele om feedback te sammeljen en dosinten te ynspirearjen.

Mear lêze

apr

13

As ôfsluting fan de lêzingesyklus fan it Lânboukundich Wurkferbân wurdt in ekskurzje organisearre nei ikkerboubedriuw Jensma Agro BV yn De Westhoek.

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Segel Fryske Akademy

Fryske Akademy

Wy binne in akademysk ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus, bewoartele yn de Fryske maatskippij en operearjend yn de ynternasjonale wittenskiplike wrâld.

Wy meitsje it Frysktalich en histoarysk erfguod tagonklik foar wittenskip, ûnderwiis en maatskippij en ûntwikkelje digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.

 

Undersyksoutput


Publikaasjes

Op it ûndersyksportaal PURE fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) fine jo in oersjoch fan alle ûndersykspublikaasjes en -aktiviteiten en ferwizingen nei open access-publikaasjes fan de Fryske Akademy.

Mear lêze


Taaldatabank Frisian.eu

In webside mei in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas data, tools en tsjinsten. Datasets kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

Mear lêze


Taalportaal

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika.

Mear lêze­


Mear oer ús ûndersyksoutput

 

Projekten


Frysker: Help by it Frysk skriuwen

Frysker.nl is in site mei helpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol, lykas in oersetter, staveringshifkers en wurdboeken. De earste 30.000 wurden fan it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek steane ek op Frysker.

Mear lêze


Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Mear lêze


Historisch Geografisch Informatiesysteem

Yn it âldste kadaster (1832) binne op HisGIS.nl 3 miljoen perselen krekt yn kaart brocht. Dêrop slute kaartlagen oan - fan loftfoto's oant iermoderne lânmetersopnamen - dy't mei-inoar te kombinearjen binne.

Mear lêze


Mear oer ús ûndersykstema's

 

Leden en stipers fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Lês mear oer leden en lidmaatskip.

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke. Lês mear oer it stiperskip.