Skip to main content

Leare yn ’e Fryske Agri & Food

Ekonomyske klusters

 

De Fryske Agri & Food-sektor – lânbou, itenferwurkjende en stypjende bedriuwen – stiet foar grutte útdagings. Oan ’e iene kant moat de sektor him steande hâlde op ’e wrâldmerk. Dat hâldt yn dat produksjeferheegjen troch ynnovaasje wichtich is. Oan ’e oare kant freget de boarger en konsumint om it duorsumer produsearjen fan iten. Om dy útdagings oan te gean, is betroubere ynformaasje fan grut belang. Doel fan it projekt is om betroubere sifers en analyzes te bieden, kânsen en bedrigings foar de Agri & Food te identifisearjen en metoades foar regionaal ûndersyk te ûntwikkeljen.

 

Undersykstema
Ekonomyske klusters

Projektlieder
Ronald Plantinga

Meiwurker
Marijn Molema

Rintiid
01/11/2017-28/02/2021

Finansiere troch
Ryksuniversiteit Grins, Provinsje Fryslân, Hegeskoalle Van Hall Larenstein, Frysk Akademyfûns

Gearwurkingsferbân mei 
Provinsje Fryslân, seksje Ekonomyske en Sosjale Skiednis fan ’e Ryksuniversiteit Grins, Hegeskoalle Van Hall Larenstein; Rabo Research

Begeliedingskommisje 
Jan Kersbergen (FAF), Han Zuidema (VHL), Dirk Strijker en Trienke Elshof (LTO Noard)

 

De lêste jierren is de suvelsektor yn Fryslân – faaks mear as ea tefoaren – ûnderwerp fan maatskiplike diskusje. In soad molkfeehâlders skaften nei oanlieding fan it ôfskaffen fan it molkkwotum yn 2015 yn heech tempo mear bisten oan, wêrtroch’t de molkeproduksje tige tanaam. Yn Fryslân waarden grutte ynvestearrings yn it bouwen en útwreidzjen fan suvelfabriken dien. It tal fabriken en ’e wurkgelegenheid naam foar it earst yn jierren ta, foaral troch it iepenjen fan ’e nije fabryk Aware-Fonterra op It Hearrenfean. Dat resinte groeien biedt dus kânsen foar de regionale ekonomy. Oan ’e oare kant smyt de optyske miljeu-impact gâns krityske reaksjes op. Dêrby giet it measte omtinken út nei de feroarings yn it Fryske lânskip.

De grutte útdaging foar de Fryske suvelsektor is om in lykwicht te finen tusken net-ekonomyske belangen (lykas bioferskaat en lânskiplike kwaliteit) en ekonomyske doelstellings: it ta stân bringen fan in sterke regionale ekonomy. De syktocht om in nij lykwicht falt gear mei it sykjen om in nije foarm fan iten-produsearjen dy’t ‘duorsum’ of ‘natoerynklusyf’ is. It is hjirby te rêden om in proses fan oanpassen: in transysje fan ‘âlde’ nei ‘nije’ wizen fan tinken en wurkjen.

Yn dit projekt wurde de krektneamde oanpassingsprosessen bestudearre. Hoe koe en kin in regio him ûnder feroarjende omstannichheden oanpasse? It ûndersyk hat in regionaal-histoaryske oanpak. It regionale perspektyf is fan belang, om’t in grut part fan ’e feroarings en tûkelteammen regio-spesifyk is. In histoaryske oanpak is te ferdigenjen, om’t regionale eigenheid histoarysk woartele is. Boppedat is in histoaryske oanpak handich by it bestudearjen fan feroarings.

Yn it projekt wurdt tapast ûndersyk kombinearre mei fûneminteel wittenskiplik ûndersyk. It tapast ûndersyk is rjochte op beliedsmakkers, bestjoerders en wurknimmers yn ’e Agri & Food-sektor. De ûndersyksresultaten wurde buorkundich makke yn trije Agri & Food-scans. It fûneminteel-wittenskiplike ûndersykspart wurdt dien yn ’e foarm fan in promoasjeûndersyk. Dêryn wurde oanpassingsprosessen yn ’e nei-oarlochske skiednis fan ’e Fryske suvelsektor bestudearre.

   

Agri & Foodscan Fryslân

In rige fan trije stúdzjes snijt de wichtichste tema’s yn ’e Agri & Food-sektor oan. It earste diel ferskynde yn novimber 2018 en jout in oersjoch fan ’e foarnaamste trends en ûntjouwings. It twadde ferskynde yn septimber 2019 en giet djipper yn op ekonomyske en ekologyske duorsumens en natuerynklusive lânbou. It tredde diel behannelet kennis en ynnovaasje en kaam yn maaie 2020 út.