Skip to main content
    Datum en tiid: freed 16 juny 2017 | 13.00-17.30 
    Tagong: fergees
    Plak: Academiegebouw Universiteit Leiden, Rapenburg 73, Leiden
    Opjefte: gean nei it registraasjeformulier

 

 

Op freed 16 juny 2017 nimt prof.dr. Rolf Bremmer ôfskied as bysûnder heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde oan de Universiteit Leiden. Dizze learstoel hat er út namme fan de Fryske Akademy sûnt 2002 beset. Tagelyk nimt Rolf Bremmer ôfskied fan syn learstoel Ingelske Filology.

Yn de tiid fan syn heechlearaarskip hat Rolf Bremmer ferskate wichtige publikaasjes skreaun, lykas Hir is eskriven. Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300 (2004) en An Introduction to Old Frisian (2009). Fierder binne der ûnder syn meiredakteurskip twa ynternasjonale bondels mei artikels oer it Aldfrysk ferskynd: Advances in Old Frisian Philology (2007) en Directions for Old Frisian Philology (2014). Syn ûndersyk hat grutte ynfloed hân op de stúdzje fan de skiednis fan de Fryske taal yn it algemien en dy fan de Aldfryske taal en kultuer yn it bysûnder.

Om syn ôfskied en it wurk dat er benammen op it mêd fan de Aldfryske Taal- en Letterkunde dien hat te markearjen, organisearret de Fryske Akademy in sympoasium foarôfgeand oan syn ôfskiedskolleezje. Foar dit sympoasium wurde jo fan herten útnûge.

 

 

Programma

13.00Wolkom
13.15prof. dr. Patrizia Lendinara (Palermo), Invention and continuity in the Old Frisian compounds
13.45

drs. Anne Popkema (Grins), Freeska Landriucht: the sole survivor of the Oldersum library

14.15Skoft mei tee en kofje
14.45dr. Oebele Vries (Ljouwert), Instances of reported direct speech in late Old Frisian
15.15dr. des. Mirjam Marti (Zürich), On word formation patterns for agent nouns in Old Frisian
15.45Skoft, mooglikheid om nei it Groot Auditorium te gean
16.15

Ofskiedskolleezje prof.dr. Rolf Bremmer, Meer dan taal: tekstgemeenschappen in Middeleeuws Friesland

17.00

Resepsje

It folsleine programma kin ek as pdf-dokumint download wurde.