Skip to main content

Wurkgroep Akademylêzingen

 

De Akademylêzingen (earder de Frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.

Der komt in protte folk op ús lêzingen ôf. It publyk komt foar it measte part noch altyd fan 'e frouljusorganisaasjes, mar de lêzingen binne foar elk tagonklik. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.

Us rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden: De Koperen Tún yn Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer.

 

Oprjochtingsjier

1957 (wurkgroep sûnt 2008)

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Akkie Lindeboom  (e-mail)
Skriuwer: Anneke de Vos
Leden: Fenna Stoel, Aukje Dijkstra, Jantsje Kalsbeek en Froukje Swierstra-Luimstra

 

 

Aktiviteiten

2023-2024

De Akademylêzingen fine trije kear yn it winterskoft tagelyk plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer. De sprekkers en data foar it 64ste winterskoft fan de Akademylêzingen binne bekend

Lêzing 1, moarns 10.00-12.00 oere (45 min lêzing, kofjeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Lêzing 2, middeis 13.30-15.30 oere (45 min lêzing, teeskoft, 45 min fragen/diskusje)

Groep I, Ljouwert
Grand Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsetún 1, 8911 DE Ljouwert, tel. (058) 213 11 00

Groep II, De Jouwer
Party- en Sealesintrum It Haske, Vegelinswei 20, 8501 BA De Jouwer, tel. (0513) 41 52 81 

Eftergrûnynformaasje
Eftergrûnynformaasje by de lêzingen seizoen 2023-2024 (pdf). 

 

Datum Groep I, Ljouwert (De Koperen Tuin) Groep II, De Jouwer (It Haske)
Tiisdei 21 novimber 2023 1. Sander Ebbers, promovendus NHL Stenden en it Cyber Science Center: 'Hoe kun je als burger jezelf weerbaarder maken tegen cybercrime’
2. Anne-Goaitske Breteler, auteur: ‘De laatste dagen van de dorpsgek, geastlike sûnens op it plattelân’
1. Anne-Goaitske Breteler, auteur: ‘De laatste dagen van de dorpsgek, geastlike sûnens op it plattelân’
2. Sander Ebbers, promovendus NHL Stenden en it Cyber Science Center: ‘Hoe kun je als burger jezelf weerbaarder maken tegen cybercrime’
Freed 19 jannewaris 2024 1. Jurgen Tiekstra, ûndersykssjoernalist: ‘Waarom het klimaatdebat voor ons allemáál een lachspiegel is’
2. Herman van Vliet: ‘Politiek gewin gaat door de maag. Betekenis van voedsel en drank aan het Friese stadhouderlijk hof in de 17e en 18e eeuw’
1. Herman van Vliet: ‘Politiek gewin gaat door de maag. Betekenis van voedsel en drank aan het Friese stadhouderlijk hof in de 17e en 18e eeuw’
2. Jurgen Tiekstra, ûndersykssjoernalist: ‘Waarom het klimaatdebat voor ons allemáál een lachspiegel is’
Tiisdei 12 maart 2024 1. Michiel Galama, lânskipsskilder en dosint byldzjende fakken en byldzjend keunstner: ‘Kijken naar kunst’
2. Janneke Spoelstra, leksikograaf Fryske Akademy en auteur: ‘Wat it is om Frysk en frou en dichter te wêzen. Ynterviews mei froulju dy’t nei 1987 ien of mear Frysktalige dichtbondels publisearren’
1. Janneke Spoelstra, leksikograaf Fryske Akademy en auteur: ‘Wat it is om Frysk en frou en dichter te wêzen. Ynterviews mei froulju dy’t nei 1987 ien of mear Frysktalige dichtbondels publisearren’
2. Michiel Galama, lânskipsskilder en dosint byldzjende fakken en byldzjend keunstner: ‘Kijken naar kunst’

 

It programma kinne jo hjir dellade as pdf-bestân.

 

Kaartferkeap 2023-2024

De kaartferkeap is mei yngong fan dit jier via VanPlan. Fia dizze link kinne jo jo kaartsjes keapje.
Op de kaart dy’t jo krije stiet allinnich de earste datum (21 novimber 2023). De kaart is lykwols jildich foar alle lêzingen, dus ek foar 19 jannewaris en 12 maart 2024.

Hawwe jo in fraach oer de bestelling fan tickets?

Dan kinne jo terjochte by de Klanteservice fan VanPlan. Nim kontakt op mei de online klanteservice fan Van Plan. Telefoanyske klanteservice: 0900 - 401 1000.
 

 

Gearfetting eardere lêzingen

17 jannewaris 2020:
Jonathan Bos - Gescheiden en verbonden door bezit (Friesland tussen 1350 - 1600)

19 novimber 2019:
Mr. dr. Wiene van Hattum - Levenslange gevangenisstraf’ : wat betekent dat eigenlijk?
Jan de Vries - Verzwegen Zeeheld – Jacob Benckes (1637-1677) en zijn wereld

2017-2018: Jubileum 60 jier Akademylêzingen
Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.

 

 

Jierferslaggen