Skip to main content

Ald-wurknimmers molkefabriken socht

De Fryske Akademy siket om âld-wurknimmers dy’t yn ’e jierren 1955-1980 op syn minst fyftjin jier yn ’e Fryske suvelyndustry oan ’t wurk west hawwe. Âld-personielsleden, fan molkrider en tsiiskearder oant fabryksdirekteur, wurde socht foar fraachpetearen oer it suvelfabrykswurk. Oer de website www.suvelfabryk.nl kinne âld-wurknimmers har oant 1 febrewaris 2016 oanmelde.

‘Ik wol graach mei âld-wurknimmers prate oer har bining mei it bedriuw, hoe’t sy yn it bedriuw groeid binne en hoe’t it wurk troch de jierren hinne feroare is’, seit Jan Ybema, dy’t foar syn masterskripsje ûndersyk docht nei it suvelfabrykswurk yn it libben fan ’e wurknimmer.

 

Ien fan ’e Fryske topsektoaren

Fryslân is by útstek bekend as de provinsje fan ’e suvelkoperaasjes. ‘Wy ferjitte wolris dat der ek in hiele protte partikuliere suvelfabriken yn Fryslân aktyf west ha.’ Ybema sil ferlykjend ûndersyk dwaan nei de sosjale skiednis fan wurknimmers yn sawol koperative as partikuliere fabriken. Om dy reden wol er in breed palet fan âld-personielsleden ynterviewe, fan molkrider en tsiiskearder oant fabryksdirekteur.

De suvelyndustry, dy’t him troch de jierren hinne hieltyd wer fernije moatten hat, wurdt hjoed-de-dei as ien fan ’e Fryske topsektoaren profilearre.  Ybema is ynteressearre yn hoe’t suvelwurkers omgiene mei trends lykas skaalfergrutting, spesjalisearring, fúzjes en ynternasjonalisearring.

Ybema syn ûndersyk wurdt dien yn it ramt fan in projektgroep dy’t dwaande is mei Fryske bedriuwsskiednis. Under lieding fan histoarikus Marijn Molema wurdt û.m. stúdzje dien nei ûndernimmerskip yn Fryslân en it belang fan netwurken tusken ûnderskate bedriuwstûken. As ien fan ’e resultaten waard okkerlêsten it boek De boer, hij investeerde voort (Friese Pers Boekerij, 2015) útbrocht, oer de feroarings yn ’e lânbou tusken 1955 en 1980 út it perspektyf fan ’e boer wei sjoen.

Oanmelde kin oant 1 febrewaris 2016 oer de website www.suvelfabryk.nl of op it telefoannûmer 058 – 213 14 14 (Fryske Akademy).

 

Update (11 febrewaris 2016)

Us oprop foar âld-personiel fan Fryske molkfabriken hat mar leafst 109 reaksjes opsmiten! ‘Se komme rûnom wei en der sit fan alles by: molkriders, meunsternimmers, ferpakkers, administrative meiwurkers, direkteuren, krekt sa’t ik hope hie’, meldet ús ûndersyksstazjêre Jan Ybema. Elkenien tige tank!