Skip to main content

Beakennûmer oer Fryske frijheid

Yn 2017 waard op ferskate wizen omtinken jûn oan it 500-jierrich jubileum fan it Fryske frijheidsprivileezje.

Hichtepunt fan it jubileum wie it feestlik ûntbleatsjen fan in faksimilee fan it oarspronklike Sigismund frijheidsprivileezje op it Provinsjehûs troch Kommissaris fan 'e Kening Arno Brok op 28 septimber. Mar der waarden ferspraat oer it jier op ûnderskate plakken yn Ljouwert ek lêzings organisearre oer de betsjutting fan 'e 'Fryske frijheid' troch de iuwen hinne.

De redaksje fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan 'e Fryske Akademy, woe op eigen wize stil stean by it belang fan 'e 'Fryske frijheid' en hat trije sprekkers op boppeneamde gelegenheden ree fûn om harren bydragen om te wurkjen ta in artikel.

Sa iepenet It Beaken 1/2 2019 no mei in artikel fan Akademy-gastûndersiker Oebele Vries dat as titel hat: 'Hoe middeleeuws Friesland zich profileerde met de Friese vrijheid'. It twadde artikel, 'Fries en vrij in revolutietijd' is fan 'e hân fan Beakenredakteur Jelte Olthof. Dy syn heechlearaar Frysk Goffe Jensma, levere it tredde artikel, mei as titel 'Vrijheid als innerlijke deugd. De paradox van de 'Fries vrijheid' in de negentiende eeuw'.

Troch de iuwen hinne

De krektneamde trije ta artikels omwurke lêzings hat de redaksje oanfolle mei twa bydragen fan respektivelik Akademymeiwurker Eric Hoekstra en fan 'e publisist en (amateur)histoarikus Kees Draaisma, dy't allyksa in yndruk jouwe fan it belang fan 'e 'Fryske frijheid' troch de iuwen hinne. Hoekstra syn stik hat de yntrigearjende titel 'Wij Joden, eh Friezen, knielen alleen voor God' en Draaisma besiket yn syn artikel 'Hoe herdenken we Caspar de Robles in 2026? De hardnekkigheid van wetenschappelijke consensus' myte en werklikheid fan inoar te skieden oer Caspar syn anneksens mei de ivige striid fan 'e Friezen tsjin it seewetter. In kwestje yn 'e sechstjinde iuw, dêr't 'Fryske frijheid' ek dúdlik in rol by spile.

Sjoch: