Skip to main content

'Brede Wolfeart' Feangreidegebiet

Foto: Dominicus Johannes Bergsma, Wikimedia Commons

De Fryske Akademy (FA) en it Fries Sociaal Planbureau (FSP) sille yn 'e mande ûndersyk dwaan nei hoe’t it Fryske Feangreidegebiet him troch de tiid ûntjûn hat en ûntjout. Se wolle dit brûke om de publike diskusje oer it gebiet te fieden. De partijen slute oan by in projekt fan it Inspiratieteam Toekomst Veenweide (ITV) en it Nationaal Park Alde Feanen.

It Feangreidegebiet stiet foar grutte útdagingen. De oksidaasje en it sakjen fan de boaiem troch ûntwettering binne it meast driuwend en liedend yn it sosjale debat tusken bewenners, boeren, behearders en oanbelangjenden. Oars as fakentiden wol tocht wurdt, binne dy prosessen al iuwen oan de gong en hawwe se yn it ferline generaasjes Friezen foar soartgelikense problemen steld. Problemen dêr’t hieltyd wer oplossingen foar fûn waarden en tapast.

Feroarjende persepsje
Sawol de problemen de oplossingen troch de tiid hinne steane sintraal yn it ûndersyk. As ramt is keazen foar de term Brede Wolfeart (Brede Welvaart). Dat betsjut dat rekken hâlden wurdt mei de feroarjende persepsje fan de kwaliteit fan libjen troch de iuwen hinne.

Dêr’t it Feangreidelânskip de bewenners yn earder tiden yn haadsaak tsjinne hat om in skraal materieel bestean op te bouwen, krige it yn 'e tweintichste iuw ek in ekologyske en rekreative funksje foar in breder publyk. De ekonomyske funksje is sa stadichoan minder dominant wurden.

Fan it ferline nei it hjoed
De Fryske Akademy wol de skiednis fan it Feangreidegebiet en syn minsken bestudearje oer in perioade fan trije iuwen. Dêrby wurdt omtinken jûn oan materiële aspekten lykas ekonomy, technology en wetterbehear, mar ek oan net-materiële saken lykas polityk, maatskippij en wolwêzen. Promovendus Mark Raat sil him hjir de kommende fjouwer jier mei dwaande hâlde ûnder lieding fan  Marijn Molema (FSP) en Hans Mol (FA).

It Fries Sociaal Planbureau sil de aktuele situaasje tsjin it ljocht hâlde, dêryn stipe troch de histoaryske stúdzje fan de Fryske Akademy. Presintaasjes foar it Inspiratieteam Toekomst Friese Veenweide ferbine de histoaryske en hjoeddeistige perspektiven. Dy presintaasjes helpe de lju dy’t it oangiet om op in yntegrale manier fierder nei te tinken oer de takomst fan de regio.