Skip to main content

Foarteam fan Mata Hari yn kaart

Op 15 oktober wie it hûndert jier lyn dat Margaretha Geertruida (Griet) Zelle, better bekend as Mata Hari, yn Frankryk troch in fjoerpeloton eksekutearre waard. It nijste Genealogysk Jierboek, dat no sneon presintearre wurdt, jout omtinken oan har foarteam en famyljeleden.

De famyljenamme Zelle komt út Dútslân. Griet Zelle's betoerpake Herman Otto Zelle (1744-1806) wie ôfkomstich út de hearlikheid Rheda en sette him yn 1771 yn Ljouwert as linnenwever. Yn maart 1780 waard er as boarger fan de Fryske haadstêd fermeld. Mei syn húshâlding wenne er oan de Kelders. Oan deselde grêft is ek Griet Zelle alias Mata Hari berne. Har bertehûs waard yn de grutte brân fan 19 oktober 2013 ferrinnewearre.

In pear generaasjes Zelle wiene yn Ljouwert warber as kastmakkers, skrynmakkers, pettemakkers en keaplju. Griet har heit Adam Zelle (1840-1910) begûn in winkel yn huodden en petten yn it pân oan de Kelders, mar luts yn 1883 yn in prestisjeus hearehûs oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. Nei't er fallyt ferklearre waard yn 1889 teach er mei syn húshâlding nei De Haach, en yn syn lêste jierren hat er yn Amsterdam wenne. 

De skriuwers fan de grutte kertiersteat, Bouwe van der Meulen en Pieter Nieuwland, binne fier besibbe oan Griet Zelle. Se sille op sneon 2 desimber oansteande har genealogyske ûndersyk taljochtsje by de presintaasje fan it Genealogysk Jierboek 2017.

Wannear:       sneon 2 desimber 2017, 13.30 oere
Wêr:               De Koperen Tún, Prinsentuin 1, Ljouwert
Mear ynfo:     Genealogysk Wurkferbân