Skip to main content

Gelderlân yn HisGIS: maaibeamsbier!

Fannemiddei hawwe de Fryske Akademy en it Gelders Archief de útwreiding fan HisGIS mei de provinsje Gelderlân presintearre. HisGIS (www.hisgis.nl) is it digitale ynformaasjesysteem dêr’t histoaryske ynformaasje oer minsken, eigendom en erfgoed geografysk yn werjûn wurdt.

De rêchbonke fan it systeem is it op perseelnivo beskikber makke âldste register fan Nederlân fan 1832. Dizze gegevens kinne oer oare kaarten hinne lein wurde, lykas hichtebestannen, luchtfoto’s en âlde topografyske kaarten, en dat leveret weardefolle ynformaasje foar histoary, ekologen, lânskipsspesjalisten en in protte oaren.

De útwreiding mei de grutste provinsje fan Nederlân betsjut foar HisGIS maaibeamsbier, want mei Gelderlân is no mear as de helfte fan Nederlân troch HisGIS digitaal yn kaart brocht. Earder hat HisGIS histoaryske geodata ûntsletten foar ûnder mear de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Utert en stêden lykas Amsterdam, Rotterdam, Leien en Delft.

Dizze mylpeal waard hjoed fierd mei in sympoasium oan it Gelders Archief oer de betsjutting en nut fan it digitaal bewurkjen fan histoaryske kadastrale kaarten. HisGIS wurdt fierder útwreide, ûnder oaren mei de stêden Maastricht en De Haach, en op termyn beskikber steld foar it projekt Amsterdam Time Machine, dat de skiednis fan de haadstêd troch linked data better tagonklik meitsje sil.

Gean nei: