Skip to main content

Kongres oer meartalich ûnderwiis

De klassen wurde hieltyd meartaliger. Net langer prate de bern allinne Frysk of Nederlânsk, mar learlingen mei alderhande eftergrûnen en memmetalen moetsje inoar op skoalle. Is dat in probleem? Of krekt in rykdom dêr’t wy ús foardiel mei dwaan kinne, en sa ja, hoe dan?

Fan 12-14 oktober organisearje it Europeeske netwurk LANGSCAPE en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar meartaligens en taallearen, ûnderdiel fan ’e Fryske Akademy, in konferinsje oer meartaligens yn it ûnderwiis. De konferinsje sil iepenje mei in ekskurzje nei twa meartalige skoallen yn Fryslân: basisskoalle De Pôlle yn Marsum en skoalle foar fuortset ûnderwiis CSG Liudger yn Burgum.

De dagen dêrnei sil sprutsen en debattearre wurde troch 21 eksperts út hiel Europa oer de tanimmende meartaligens yn it ûnderwiis: sa sille Piet van Avermaet (Gent) en Durk Gorter (Donostia-San Sebastian) sjen nei útdagingen, mar ek nei kânsen fan meartalige klassen, Jasone Cenoz (Donostia-San Sebastian) en Joana Duarte (Mercator Europees Kennissintrum, Ryksuniversiteit Grins) behannelje ynnovative lesmetoaden, lykas translanguaging, ûnderwilens ek tapast op inkelde skoallen yn Fryslân, en Tanya Day Clark (Berlyn) nimt it perspektyf fan ’e dosint: wat binne de gefolgen fan lesjaan yn in frjemde taal foar syn of har posysje yn ’e klasse?

Wannear:       tongersdei 12 oant sneon 14 oktober 2017
Wêr:               Hampshire Oranje Hotel, Ljouwert
Opjefte:         registraasje fia www.langscape-conference.eu
Mear ynfo:     www.langscape-conference.eu