Skip to main content

Kwalifisearje dy foar it Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee giet wer los: de fjirtjinde edysje fan it diktee wurdt holden op tiisdei 10 maaie yn ’e Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Wa’t meidwaan wol oan ’e staveringsstriid kin yn oanmerking komme troch it meitsjen fan it kwalifikaasjediktee.  

It diktee is dit jier skreaun troch sjoernalist en skriuwer Sietse de Vries, bekend fan boeken as Potstro Fongers en Bak (dat ek ferfilme is). De Vries seit dat er de dielnimmers oan it diktee graach útdaagje wol. ‘In sadistyske ynslach haw ik leau'k noait hân. Mar doe't ik de earfolle opdracht krige om it diktee te skriuwen, tocht ik wol fuortendaliks: it sil my net oerkomme dat ik de earste bin mei in winner sûnder ek mar ien flater.’

Kwalifikaasjediktee

It Grut Frysk Diktee folget de regels fan ’e offisjele stavering fan it Frysk, ynklusyf de oanpassingen dy’t sûnt 1 febrewaris 2015 jilde (bgl. drûch yn stee fan droech en telefyzje yn stee fan televyzje). 

Elkenien dy’t syn of har behearsking fan it skreaune Frysk teste wol, kin foar it Grut Frysk Diktee yn ’e beneaming komme troch it meitsjen fan it kwalifikaasjediktee. Dat diktee is te finen op www.fryske-akademy.nl/diktee2016 en op www.omropfryslan.nl/fryskdiktee, en ien fan dizze dagen yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

De kwalifikaasje slút op moandei 18 april. Dêrnei krije de 35 bêste ynstjoerders berjocht dat se meidwaan meie oan de finale op 10 maaie. Neist de minsken dy’t harren kwalifisearje, dogge ek in tal bekende Friezen mei, lykas foarsitter Wiebe Wieling fan ’e Alvestêdeferiening en presintator Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaal.

Utstjoering op woansdei 11 maaie

It Grut Frysk Diktee wurdt woansdei 11 maaie op telefyzje útstjoerd troch Omrop Fryslân.

Lyts Frysk Diktee

Op tiisdei 10 maaie is der yn ’e Steateseal ek in Lyts Frysk Diktee foar de groepen 7 en 8 fan ’e basisskoallen. It lyts diktee wurdt foarlêzen troch skriuwer en ûnderwiisman Thys Wadman.

Organisaasje

De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan ’e Afûk, Cedin, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy.