Skip to main content

Ledespjeldsje foar Foppe de Haan

Fuotbaltrainer en Frysk ikoan Foppe de Haan is hjoed beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. De Haan hat it ledespeldsje yn tsjerke De Fontein opspjelde krigen troch direkteur-bestjoerder Hanno Brand op Akademydei, de jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy.

‘Hy is in grut ynspirator foar minsken dy’t fan sport hâlde en allyksa foar dejingen dy’t fine dat der kânsen wêze moatte foar de jongerein én foar har dy’t sokke kânsen net samar fan hûs út meikrije’, seit it sjueryrapport oer De Haan, dy’t beneamd wurdt op grûn fan syn fertsjinsten foar de Fryske kultuer. ‘Behalve oan it imago fan syn fuotbalklup SC Heerenveen hat Foppe de Haan ek bydroegen oan it ferbetterjen fan it imago fan Fryslân en it Frysk yn ús hiele lân.’

Op Akademydei binne hjoed ek de Grinzer heechlearaar humane genetika Cisca Wijmenga en âld-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk ta lid fan de Fryske Akademy beneamd. Cisca Wijmenga hat mei har ûndersyk op it mêd fan de komplekse genetika it belang fan it yn kaart bringen fan genen foar ferskillende sykten wrâldwiid in sterke ympuls jûn. Sûnt 2012 is se lid fan de KNAW en no ek fan de Fryske Akademy op grûn far har ferstjinsten foar de wittenskip.

Rienk Wegener Sleeswijk wie oant er mei pensjoen gie rjochter en hie de lieding fan de strafkeamer fan de Ljouwerter rjochtbank. Hy hat him ûntjûn ta in mear as fertsjinstlik amateurhistoarikus en wie mei-oprjochter fan de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy. Dêrneist wie er jierren warber yn de bestjoeren en rieden fan stiftingen op it mêd fan keunst en kultuer, en ek de Fryske Akademy hat fakernôch in soad baat hân by syn bestjoersûnderfining. 

Op Akademydei waarden fierder twa lêzingen jûn oer it aktuele histoarysk ûndersyk fan de Fryske Akademy troch ûndersiker midsiuwske archeology Gilles de Langen en projektlieder fan it HisGIS-projekt Hans Mol.

Sjoch ek: