Skip to main content

Mear stúdzje nei meartalich ûnderwiis

Meartalich lesmateriaal, part fan in projekt oer thústalen op basisskoalle De Flambou yn Easterbierrum.

Provinsje Fryslân jout stipe oan de Fryske Akademy om mear stúdzje te dwaan nei de meartaligens op Fryske skoallen. Twa projekten fan de Fryske Akademy krije fan de provinsje in jildsom yn it ramt fan de subsydzjeregeling Meartaligens yn it ûnderwiis.

Yn it earste projekt sil it kennissintrum foar meartaligens Mercator wurkwizen ûntwikkelje om it Frysk better ta syn rjocht komme te litten yn it middelbere ûnderwiis. Yn ús meartalige provinsje is meartalich basisûnderwiis wilens hiel gewoan. Lykwols bliuwt it fuortset ûnderwiis achter. Ferskate faktoaren spylje dêryn mei.

Mercator wurket fan septimber 2017 ôf tegearre mei trije Fryske middelbere skoallen om praktyske wurkwizen te finen wêrop’t it Frysk, neist talen dy’t al brûkt wurde op de skoallen (lykas Ingelsk, Nederlânsk, Dútsk en migrantetalen), goed yntegrearre wurde kin yn ‘e lesmetoaden. It doel is dat eltse learling syn of har eigen talen op skoalle brûke kin en sadwaande optimale kânsen krijt om te learen.

It projekt tsjinnet as in pilotstúdzje fan ien jier. De aktiviteiten dy’t foar dizze meartalige wurkwize ûntwikkele wurde, sille beskikber komme foar oare middelbere skoallen.

Trijetalich ûnderwiis foar ientaligen

It twadde projekt, ‘De mearwearde fan 3TS foar ientaligen’ wurdt troch de temagroep Meartaligens en taal learen fan de Fryske Akademy útfierd. Foar dit projekt wurdt earder sammele mar net analysearre en útbrochte data fan 575 learlingen út de groepen 6, 7 en 8 fan ien-, twa- en trijetalige Fryske basisskoallen ferlike op harren Ingelske sprekfeardigens en har selsbetrouwen yn it Ingelsk sprekken.

Oan de hân fan de útkomsten kinne faktoaren oantsjut wurde dy’t wichtich binne foar it learen fan in tredde taal op Fryske basisskoallen. Dat kin mooglik fan belang wêze foar hoe’t basisskoallen yn Fryslân har (taal)ûnderwiismodel ynrjochtsje. De resultaten fan it ûndersyk sille ferspraat wurde troch publikaasjes en in workshop foar ynteressearre basisskoallen.

Ek dit projekt rint in jier, fan september 2017 oant ‘e mei augustus 2018.

Sjoch ek: