Skip to main content

Nij ljocht oer iermidsiuwske Friezen

De Ingelsktalige publikaasje Frisians of the Early Middle Ages is ferskynd. De bondel is inisjearre en redigearre troch prof. John Hines fan Cardiff University (Wales) en dr. Nelleke IJssennagger – van der Pluijm fan de Fryske Akademy. Frisians of the Early Middle Ages is it tsiende diel yn de rige Studies in Historical Archaeoethnology. ‘Friezen’ wurde hjirmei tusken de oare iermidsiuwske groepen en kultueren fan Noardwest-Europa pleatst en op it ynternasjonale poadium set.

De publikaasje is it resultaat fan in konferinsje yn 2018 yn Ljouwert, dy’t yn de kontekst fan it jier fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd holden waard. Foar IJssennagger-van der Pluijm is it har earste publikaasje yn har nije rol as Direkteur-Bestjoerder fan de Fryske Akademy en it lit har ambysjes foar de takomst sjen.

Iepen útwikseling
Nelleke IJssennagger: “De publikaasje lit sjen, hoe’t iepen útwikseling tusken wittenskippers út ferskate lannen en tradysjes bydraacht oan de bestudearring fan in oansprekkend tema as de iermidsiuwske Friezen en iermidsiuwsk Frisia. Tagelyk meitsje de bydragen yn de bondel sichtber hoe wichtich oft it lange-termynperspektyf is foar it begryp fan dit tiidrek en it ferskaat fan wat wy ûnder ‘Fries’ fersteane. De sterke ynbring fan it ûndersyk fan de Fryske Akademy makket dúdlik, hoe’t wy yn ús ûndersyk ynterdissiplinêre, ynternasjonale en komparative linen útsette wolle, út de unike ekspertize fan de Fryske kasus wei. Hjir is yn ús eigen regio likegoed as ynternasjonaal ynteresse foar en de Fryske kasus fungearret dêryn as sintrale skeakel.”

Fan de Fryske Akademy út leveren neist de direkteur-bestjoerder prof. Gilles de Langen, prof. Hans Mol  en dr. Han Nijdam ek in bydrage. Mei-inoar bestrike tolve wittenskippers − út Nederlân, Dútslân, Ingelân en Wales − yn de bondel tema’s dy’t fariearje fan lânskip en materiële kultuer oant taalûntjouwing, runen en byldfoarming yn tekstuele oerlevering.

Grutter gebiet
Prof. Arjen Versloot, heechlearaar Germaanske taalkunde oan de Universiteit van Amsterdam en liearre oan de Fryske Akademy, levere ek in artikel foar de bondel. Versloot: “Dit boek is in prachtige bydrage oan de ynterdissiplinêre bestudearring fan de iere skiednis fan Fryslân, de Friezen en it Frysk.” De bydrage fan Versloot lit sjen dat der in dield Anglo-Frysk taalkluster wie, dêr’t fan de 7de iuw ôf hieltyd mear ferskaat yn kaam;  de sprekkers wiene ek oer in grutter gebiet ferspraat as it histoaryske Frisia.

Dat der yn Noard-Nederlân ek niget is oan dizze Ingelsktalige publikaasje hat al bliken dien. By de Vereniging voor Terpenonderzoek, dy’t de bondel mei mooglik makke, wiene de eksimplaren dy’t foar de ferkeap ûnder de leden reservearre wienen binnen in oere útferkocht.

Bestelle mei koarting
It boek kostet € 90,-, mar is tydlik mei 35% koarting te bestellen. Brûk dêrfoar de koade: BB921