Skip to main content

Nije jiergong De Vrije Fries ferskynd

Diel 98 fan De Vrije Fries is ôfrûne freedtemiddei 14 desimber op de Fryske Akademy presintearre troch de redaksje fan it jierboek.

De útjefte fan dit jier bringt ûnder mear tematyske artikels oer de ferpyldering en ûntpyldering fan ’e Fryske beweging. Jan Dirk Wassenaar, Johanneke Liemburg en Goffe Jensma litte elk yn har bydrage it ljocht skine op de histoaryske ûntjouwingsgong fan ’e Fryske groepsidentiteit fan in ‘swiere’ nei in ‘lichte’ mienskip, oan ’e hân fan figueren lykas G.A. Wumkes en Fedde Schurer.

Dêrneist skreau Han Nijdam in essay oer de ynfloed fan it postmodernisme op it tinken oer de Fryske skiednis en identiteit en hat Anne van Lieshout ûndersyk dien nei de iermoderne Fryske ytkultuer.

Fridus Steijlen hat in syktocht dien nei de skiednis fan Frysk stamboekfee yn Nederlânsk-Ynje, Jacob van Sluis hat in stik oer it Latyn op 'e Frjentsjerter universiteit, en Evert Kramer en Gilles de Langen skreaunen in bydrage oer de eardere provinsjaal archeolooch fan Fryslân, Gerrit Elzinga.

Gean nei: