Skip to main content

Oer Frysk literêr selsbetrouwen

In eardere ferzje fan dit stik ferskynde yn it Friesch Dagblad fan 2 novimber 2017.

 

Oer literêr selsbetrouwen yn Fryslân

Is it slim dat it Fryske boekewikegeskink in oersetting út it Hollânsk wurdt? Och nee ju! Oersetterij tsjûget likegoed fan in oerfloed oan literêr selsbetrouwen.

Reinier Salverda & Eric Hoekstra

It boekewikegeskink

It Hollânske boekewikegeskink leit yn 2018 yn ‘e boekhannels fan 10 maart ôf. Wa’t foar € 12,50 boeken keapet, kriget it boekewikegeskink der fergees by. It geskink fan 2018 hjit Gezien de feiten en it is skreaun troch de Flaamske Griet Op de Beeck. Hat karakteristike tema is slachtoffertrauma, selshelp en fermoedsoening. In Fryske oersetting fan dat boekje is it Fryske boekewikegeskink.

Fryslân hie altyd syn eigen boekewikegeskink, in orizjineel wurk skreaun yn it Frysk troch in Fryske skriuwer. It earste Fryske boekewikegeskink waard yn 1940 yn ‘e merk set. It hjitte Friezen lêz Frysk! In karsamling út de bêste Fryske boeken fen de lêste tiid. Foaral de boeken fan Brolsma, Haisma en Van Houten binne yn dy boekewike goed ferkocht.

Foar 2018 hat de Afûk yn oerlis mei de CPNB (Kollektive Propaganda fan it Hollânske Boek) derfoar keazen en lit net in oarspronklik Frysk boek skriuwe, mar meitsje in Fryske oersetting út it Hollânsk. Dat wurdt troch bygelyks Abe de Vries en oaren as in moasje fan wantrouwen foar de Fryske literatuer sjoen. Frysk Deiblêd-redakteur Hildebrand Bijleveld sprekt yn in opinyartikel fan 25 oktober okkerdeis fan in ‘brek oan literêr selsbetrouwen’.

It oersetten as utering fan literêr selsbetrouwen

Lykwols is it net needsaaklik en sjoch dat sa. It oersetten kin ek tsjûgje fan in oerfloed oan literêr selsbetrouwen. Wêrom binne de folsleine Bibel, Homeros en Shakespeare wol yn it Frysk oerset mar net yn it Grinslânsk? Krekt! Troch in oerskot oan literêr selsbetrouwen. Wy hawwe yn it Frysk ek al in oersetting fan it wurk Tsiis (Kaas) fan ‘e Flaming Willem Elschot, dat dan sil it mei Griet Op de Beeck ek wol slagje. Dêrnjonken binne yn it Frysk bygelyks oerset: Heine, Nietzsche, Bommel, Dante, Erasmus, Poe, Anne Frank, Herman Gorter en gean sa mar troch. Oarsom binne yn it Hollânsk en it Ingelsk oerset: Tsjêbbe Hettinga, Obe Postma, Jabik Veenbaas, Ype Poortinga, Rink van der Velde, Hylke Speerstra, Tiny Mulder, Albertina Soepboer, ensfh. Der is in libben literêr grinsferkear, as relevante kontekst by de hjoeddeistige diskusje oer it boekewikegeskink.

Oars sein: oersettingen meitsje de Fryske kultuer riker troch der bysûndere wurken oan ta te heakjen, dy’t dan yn it Frysk tagonklik binne. Itselde kinne wy sizze oangeande twatalige publikaasjes, oer ferlykjend literatuerûndersyk, oer Frysk en Hollânsk njonken inoar. It lêste nûmer fan It Beaken (78, 3/4) giet tafallich oer Fryske en oare literatuer (Hollânsk en Ingelsk).

Troch sa'n iepengrinsoanpak komt de Fryske literatuer krekt goed út ‘e ferve en wurdt der in ferlykjend ljocht op skine litten. Der is neat mis mei oersettingen. It giet der net inkeld om dat Fryske literatuer bûten Fryslân promote wurdt (sa’t Bijleveld en oaren hawwe wolle), it giet der ek om dat de rykdom fan oare literatueren binnen de Fryske lutsen wurdt. 

Gjin trend

Teffens wurdt yn kommentaren suggerearre dat der sprake is fan in trend om oersettingen boppe ‘eigen wurk’ de pree te jaan. Dêr binne twa dingen tsjin yn te bringen. Yndied wurdt ek it boek fan Paulo Coelho oer Mata Hari sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk útbrocht, krekt as it boekje fan Op de Beeck. Mar om by twa fan sokke gefallen al fan in trend te sprekken?

Champions League

Punt twa: lit ús net ferjitte dat der in jiermannich lang op oersettingen delsjoen is. Dat Klaas Bruinsma koe gjin subsydzje krije foar syn masterlike oersettingen fan klassiken, wylst elk oarspronklik yn it Frysk skreaun wurkje jild fan ‘e provinsje meikrige, al hoe min as it ek skreaun wie. Soks raasde fansels oan ‘e protters. Sa besjoen is it net mear as in die fan kulturele rjochtfeardigens dat oersettingen no fêst ferankere wurde yn ‘e Fryske literatuer. Fryske skriuwers, mjit jim krêften ek ris mei nasjonale en ynternasjonale bestsellers! Spylje ris in wedstriid yn ‘e Champions League.

Nettsjinsteande is de ôfwizende reaksje te begripen, foar wis as men tinkt oan de breawinning fan Fryske skriuwers. Al sille Fryske oersetters krekt bliid wêze mei it inisjatyf ta in oersetting. It boek fan Gryt Op de Beeck is oerset troch Jetske Bilker. Oars, in protte skriuwers begjinne as oersetters. Dat helpt om it skriuwersfak yn ‘e macht te krijen. Sa begûn Tiny Mulder mei in oersetting fan in Dútsk berneboek fan James Krüss dat op Hilgelân spilet. Ynspiraasje oer en wer tusken literatueren is fan alle tiden. Shakespeare ‘stiel’ syn plots út Spaanske en Italjaanske ferhalen. Troch oer te setten kriget men oarmans keunst fan binnenút yn ‘e macht. Dêrnei kin de nijkommer it sels ris besykje.  Dat der is neat mis mei oersettingen.

Werhelling fan setten

Mar: wat soene Hollânske skriuwers sizze as it Hollânske boekewikegeskink út it Ingelsk oerset waard? No, dat barde yn 2001 mei in boek fan Salman Rushdie. Der waard mâlbeard en oangien en fûleindich tsjin protestearre. Sa besjoen is wat no yn Fryslân bart in werhelling fan setten fan wat yn 2001 yn Hollân barde.  Lykas no mei Op de Beeck en doedestiids mei Rushdie wie it motyf foar de oersettersstap kommersjeel. Dochs is kommersje net by definysje ferkeard. Ferkeard is it pas as it te’n koste giet fan wat weardefols. Mar in fertaalfyt dat in unikum bliuwt is net ferkeard. Soe it alle jierren plakhawwe, dan docht it skea oan ‘e produksje en status fan oarspronklike Fryske literatuer. Mar dêr is noch lang gjin sprake fan.

De ferbylding oan ‘e macht

Wy kinne it idee fan in oersetting ek noch oars brûke. Bijleveld wiist der al op dat it folle logysker is en set in Frysk boek nei it Hollânsk oer, mei it doel en draach sa de Fryske literatuer út. Sa ferskynde De treastfûgel fan Hylke Speerstra as Frysk boekewikegeskink, mar it waard ek yn it Hollânsk oerset. Men kin jin yntinke dat besikers fan LF2018 (=KH2018) Ingelske en Hollânske boeken mei of oer Fryske literatuer krije kinne soene.

Noch better soe it wêze en lit it Hollânske boekewikegeskink skriuwe troch in Fryske auteur. De (Fryske) ferbylding oan ‘e macht! En dat bart oars ek op 23 en 24 april 2018, as wy út namme fan ‘e Fryske Akademy (sjoch webside) yn de Harmony in twadeistich kongres oer Fryske literatuer organisearje mei sprekkers út binnen- en bûtenlân. Ut it bûtenlân komt bygelyks in Kanadese skriuwer/teolooch, út Tsjechië in heechlearaar dy’t al meardere literatuerskiednissen op syn namme stean hat en ûnderskate koryfeeën út ús eigen moaie Nederfryslân. It programma wurdt meikoarten buorkundich makke dat literêr selsbetrouwen is hjir by de rûs.

 

Reinier Salverda en Eric Hoekstra binne fan it Literêr Netwurk fan ‘e Fryske Akademy.