Skip to main content

Publikaasje oer SER Noard-Nederlân

Fan ’e moarn is in essay fan de Fryske Akademy oer it 25-jierrich bestean fan ’e Sosjaal Ekonomyske Ried Noard-Nederlân (SER Noord-Nederland/SEAN) presintearre by it Paviljoen van de Dame yn Paterswolde.

Op fersyk fan ’e SER Noard-Nederlân hawwe de histoarisy Marijn Molema en Homer Wagenaar de organisatoaryske skiednis fan ’e SER Noard-Nederlân bestudearre. Dat hat in essay opsmiten, dat ferskynd is by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal.

Foar it essay hawwe de ûndersikers jierferslaggen en argiven rieplachte. Dêrnjonken hawwe se fraachpetearen hâlden mei in pear kaaifigueren. Ut it ûndersyk komt in proses fan oanpassen nei foaren, dat yn 2010 begûn. Yn dat jier waard in punt set efter it regionaal-ekonomyske belied foar Noard-Nederlân. Dêrtroch moast de SER Noard-Nederlân ynhâldlik breder wurde. Der waarden nije tema’s omearme, lykas duorsumens, enerzjy en ’e arbeidsmerk. Somtiden krige dat ferbreedzjen in krityske ûntfangst. Bygelyks, om’t de tema’s fier fan ’e beliedspraktyk ôfstiene, of om’t de advizen bytiden net folle nijs ynhâlde soene.

It falt op, dat dat kritysk hifkjen allinne mar op ’e advizen séls basearre is. De twa oare funksjes fan ’e regionale SER, nammentlik de oerlis- en ’e draachflakfunksje, wurdt net omtinken oan jûn. De oerlisfunksje brocht fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes geregeldwei byinoar, dat it ynnimmen fan mienskiplike stânpunten yn beliedsdiskusjes as gefolch hie. De draachflakfunksje late ta bredere stipe foar ynvestearrings yn Noard-Nederlân.

It essay jout foarbylden fan ’e mearwearde dy’t in fearnsiuw fan advisearjen, oerlizzen en organisearjen fan draachflak opsmiten hat. It docht oanrikkemandaasjes foar in oanhâldende syktocht nei it goed organisearjen fan it sosjaal mei-inoar oparbeidzjen yn ’e regio.

Download: