Skip to main content

Rapport oer taalkontaktfariëteiten

De Fryske Akademy hat yn opdracht fan ’e Taalunie in ûndersyk útfierd nei de taalkundige posysje en it funksjonearjen fan ’e saneamde kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk yn Fryslân. It ûndersyk leit yn it ferlingde fan it Implementatieplan taalvariatie van het Algemeen Secretariaat van de Taalunie. It beskriuwen fan taalfariaasje is ien fan ’e beliedslinen yn dat plan.

Yn ’e provinsje Fryslân wurde in stikmannich kontaktfariëteiten praat dy’t ûntstien binne út it kontakt tusken it Frysk en it Nederlânsk. Dy Frysk-Nederlânske kontakttalen wurde yn ’e deistige omgong brûkt. Se hearre ta it kultuerhistoarysk erfgoed en binne fan grut belang foar de taalwittenskip.

It ûndersyk

It rapport fan ’e Fryske Akademy jout ûnder oare in beskriuwing fan ’e kontaktfariëteiten yn Fryslân en in oersjoch fan ’e brûkers, besteande boarnen en basismaterialen, en fan partijen en organisaasjes dy’t mei kontaktfariëteiten oan ’e gong binne. Dêrnjonken jout it rapport in oanset ta in earste dokumintaasje-, ûndersyks- en ûntwikkelingswurklist.

De kontaktfariëteiten dy’t yn it rapport bestudearre wurde, binne: it Stedfrysk (fan Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, It Hearrenfean, Kollum, Ljouwert, Snits en Starum), it Biltsk, it Amelânsk, it Midslânsk (Skylge) en it Súd-Lauwerslânsk.

Oanrikkemandaasjes

Dit binne de wichtichste oanrikkemandaasjes fan ’e ûndersikers:

  • Der soe in digitaal portaal komme moatte dat alle ynformaasje (taalkundich, taalsosjologysk, wetjouwing, kontaktynformaasje, ûnderstypjen, goede praktykfoarbylden, ensafh.) byinoarbringt en tagonklik makket foar de ûnderskate doelgroepen.
  • De mienskip séls moat it portaal op ’e noed nimme en útfiere, mar de oerheid moat it opstarten dêrfan stimulearje.
  • It measte ferlet is der fan: taalmateriaal foar jonge bern en materiaal foar meiwurkers yn ’e âldereinsoarch.
  • Der soe in profesjonele streektaalkonsulint foar de kontaktfariëteiten komme moatte, dy’t in stikmannich koördinearjende en fasilitearjende taken hat.

Taalkundich oparbeidzjen

De oanlieding foar it ûndersyk wie de oanfraach fan it Biltsk, om erkend te wurden as regionale taal ûnder diel II fan it Europeesk Hânfêst. It Nederlânske regear hat datoangeande it advys fan ’e Taalunie folge en besletten om it Biltsk nét as in aparte kultuertaal te beskôgjen, mar as in kontaktfariëteit fan it Nederlânsk en it Frysk.

Fierder hat de Nederlandse Taalunie fêststeld, dat it Biltsk in bysûnder plak ynnimt yn it Nederlânske taallânskip, en dat it – krekt as oare fariëteiten dy’t ûntstien binne út kontakt tusken it Nederlânsk en it Frysk – better stipe wurde moat. De Fryske Akademy en ’e Taalunie hawwe dêrom besletten om te ûndersykjen hoe’t se mear taalkundich oparbeidzjen foar de Frysk-Nederlânske kontaktfariëteiten opsette en stimulearje kinne. Dit rapport is dêr de earste útkomst fan.

Links

Lês hjir it folsleine rapport: Fries-Nederlandse taalcontactvariëteiten in Fryslân (pdf)