Skip to main content

Skripsjepriis 2018-2020 útrikt

De twajierlikse skripsjepriis fan de Fryske Akademy is wûn troch histoarikus Sian Wierda fan De Jouwer. Mei Het vrije volk van de heide. Armoede en cultuur onder de bevolking uit de heidenederzettingen in het Fries-Groningse grensgebied tussen 1850-1900 bemachtiget er tûzen euro. Wierda skreau syn skripsje foar de master Geschiedenis oan de Rijksuniversiteit Groningen. De priis waard ‘útrikt’ by in onlinegearkomste op tongersdeitemiddei 17 desimber 2020.

De sjuery bestie út Aldfrisist dr. Han Nijdam en de taalkundigen dr. Jelske Dijkstra en dr. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy. Sy wiene tige ûnder de yndruk fan it grutte oantal en it ferskaat oan boarnen dat Sian Wierda brûkt hat foar syn ûndersyk. Alle boarnen binne sekuer en mei in krityske hâlding behannele. Troch de kombinaasje fan kwalitatyf en kwantitatyf ûndersyk ûntstiet der in kompleet byld fan it libben op de heidedoarpen.

Skripsjepriis
De skripsjepriis fan de Fryske Akademy is in twajierlikse priis foar it bêste skripsje-ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Dizze Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich jubileum fan de Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje oan te trunen om harren op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis bestiet út in bedrach fan 1000 (tûzen) euro.

Lês mear oer de skripsjepriis